Utertsk-Alblasserwaardsk

It Utertsk-Alblasserwaardsk wurdt oer it algemien beskôge as ien fan 'e haaddialekten fan it Nederlânsk, hoewol't guon taalkundigen it sjogge as in subdialekt fan it Hollânsk.

It is net bekend hoefolle sprekkers der presys binne, mar in skatting op basis fan ynformaasje út 1999 kaam út op teminsten 330.000.

Utertsk-Alblasserwaardsk
algemien
oare namme(n) Utertsk
eigen namme Utrechs
lânseigen yn Nederlân
tal sprekkers 330.000 (skatting)
skrift it Latynske alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk - Germaansk - Westgermaansk - Súdwestgermaansk - Nederfrankysk-Nedersaksysk - Nederfrankysk - Nederlânsk - Utertsk-Alblasserwaardsk
dialekten Utertsk-Alblasserwaardsk, Eemlânsk
taalstatus
offisjele status it Utertsk-Alblasserwaardsk wurdt beskôge as in dialekt fan it Nederlânsk; op himsels genietet it gjin erkenning
taalkoades
ISO 639-1 n.f.t.
ISO 639-2 n.f.t.
ISO 639-3 n.f.t.


It Utertsk-Alblasserwaardske taalgebiet

It Utertsk-Alblasserwaardsk wurdt sprutsen yn:

  • de provinsje Utert, mar net yn:
    • it noardwestlike puntsje - de omkriten fan Mijdrecht, dêr't Hollânsk sprutsen wurdt;
    • de noardeastlike hoeke - de omkriten fan Spakenboarch en Bunskoaten, dêr't Nedersaksysk sprutsen wurdt;
    • it uterste súdeasten - de omkriten fan Renen en de Grebbeberch, dêr't in Súdgeldersk dialekt sprutsen wurdt;
  • yn 'e provinsje Noard-Hollân yn:
  • yn 'e provinsje Súd-Hollân yn:
    • de Alblasserwaard;
    • it eastlike part fan 'e Krimpenerwaard;
    • de stripe lân eastlik fan in tinkbyldige line fan Sânhoven nei Gouda;
  • yn 'e provinsje Gelderlân yn:
    • de Nederbetuwe - de omkriten fan Kulemboarch, Asperen, Bueren en Maurik;
    • it súdlike part fan 'e Gelderske Delling - de omkriten fan Ede, Lunteren, Otterlo en Barneveld.

De Underskate Utertsk-Alblasserwaardske Dialekten

Utertsk-Alblasserwaardsk 
De lokaasje fan it Utertsk-Alblasserwaardske dialekt yn it Nederlânske taalgebiet.

De Utertsk-Alblasserwaardske dialektgroep kin opdield wurde yn twa lytsere dialektgroepen. De iene is it Eemlânsk, dat de oergong foarmet fan it Nederlânsk nei it Nedersaksysk en sprutsen wurdt yn it súdlike part fan 'e Gelderske Delling, yn Gelderlân en yn Utert beëasten de Utertske Heuvelrêch. Yn it Eemlânsk komme nochal wat Nedersaksysk-oandwaande foarmen foar.

De oare dialektgroep is dy fan it 'echte' Utertsk-Alblasserwaardsk, dat yn 'e rest fan it gebiet sprutsen wurdt. Yn it westen geane dy dialekten stadichoan oer yn it Hollânsk. Sadwaande stiet bygelyks it Alblasserwaardsk tichter by it Standertnederlânsk as it Stêd-Utertsk.

Fierders bestiet der yn it suden in taalkontinuum mei it Brabânsk en de Súdgelderske dialekten. De gongbere grins is dêr de saneamde gij/jij-isoglosse, dus de line benoarden wêrfan men "jij" en besuden wêrfan men "gij" seit foar "do". Op dy manear falt it Kulemboarchsk noch ûnder de Utertsk-Alblasserwaardske dialekten, wylst it Tielsk in Súdgeldersk dialekt is.


Ferskillen mei it Nederlânsk

De wichtichste ferskillen tusken it Utertsk-Alblasserwaardsk en it Standertnederlânsk binne de klankferskowing fan "aa" nei "ao" ("ô"), de healsêfte "g" en it falle litten fan 'e "-t" op 'e ein fan wurden nei "ch", "f", "g", "k", "p" en "s" (de saneamde t-deleesje).

Tags:

1999HollânskNederlânsk

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

12 maart1431Kartaachske RykGenêskundeBûdapest27 septimberKaliningrad2020Milfpornografy7e iuwDeastrafWebsteeWolfMaya BijouPakistanLibrary of CongressLongûntstekkingGrutte DepresjeMasturbaasjeKontraktBiskopThe BeatlesMaartDaphne RosenList fan sterke tiidwurden yn it FryskKascha PapillonMoskouHans Christian AndersenTiranaTuneezjeFrankfurt am MainMoriah MillsSinne-enerzjyNikola TeslaNeakenfotografyVienna BlackSekondeReligyJeraazjeHeechlearaarBeauty DiorAjaks (mytology)Jayden LeeRôfdierenKnier (lichemsdiel)Star Wars11 maartEmiraat DûbaiHearke Tjerks WitteveenItaaljeJade KushHeldPy (wiskunde)PlysjeVideo Art Holland1977Koördinearre WrâldtiidSkrillerSlach by Ane29 desimberRomantyk (leafde)Lannen en territoariaLouis Pasteur2016Abbey BrooksScarlett JohanssonArgentynjeSekshâldingPappegaaidowenRuri Saijo🡆 More