Under My Hat: Tales from the Cauldron is in blomlêzing yn 'e foarm fan in ferhalebondel, gearstald troch de Australyske redakteur Jonathan Strahan.
De titel betsjut "Under Myn Hoed: Ferhalen út 'e Heksetsjettel". De bondel omfettet 18 koarte ferhalen fan it fantasysjenre dy't allegearre geane oer tsjoenders, heksen en tsjoenderij. De ferhalen binne skreaun troch foaroansteande auteurs as Tanith Lee, Neil Gaiman en Jim Butcher. Alle ferhalen út Under My Hat waarden yn dizze bondel foar it earst publisearre, hoewol't de measten neitiid troch de respektivelike skriuwers op 'e nij útjûn binne yn eigen ferhalebondels. Under My Hat: Tales from the Cauldron waard yn 2012 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Random House Books for Young Readers.
Under My Hat: Tales from the Cauldron | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Jonathan Strahan (red.) | |
taal | Ingelsk | |
foarm | ferhalebondel | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 2012, New York | |
oarspr. útjwr. | Random House Books for Young Readers | |
kodearring | ||
ISBN | 978-0 37 58 68 306 |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Under My Hat: Tales from the Cauldron, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.