De Tsjerkfaars binne de iere ynfloedrike teologen en skriuwers yn de Kristlike Tsjerke.
De learlingen fan de apostels waarden trochstrings oant en mei yn de twadde, soms tredde, generaasje Apostolyske Heiten neamd en binne gjin tsjerkfaars.
Tsjerkfaars komme foar oant om 750 hinne. Dêrnei krigen bysûndere teologen de earetitel tsjerkelearaar. It skaaimerk fan in tsjerkfaar is:
By de Roomsken hoecht in iere teolooch gjin stânfêst leauwe te hawwen, sa binne de teologyen fan Tertullianus en Origenes kontroversjeel, mar jilde sy wol as tsjerkfaar.
By de Eastersk-Ortodokse Tsjerke kin de earetitel tsjerkfaar noch altiten weijûn wurde.
De protestantske tsjerken hawwe gjin tsjerkfaar lykas de katolike tsjerke. Foar harren binne de tsjerkfaars allinne mar foarbyldige foargongers yn it leauwen. By de katoliken wurdt it wurk fan de tsjerkfaars beskôge as iepenbieringsboarne en hawwe dêrtroch in bysûndere betsjutting. Dêrfoaroer hawwe de protestantske tsjerken wol âldfaars, lykas Luther en Kalvyn.
De grutte tsjerkfaars fan it Westen binne: Ambrosius, Augustinus, Hiëronymus en Paus Gregorius I.
Dy fan it Easten binne: Atanasius, Basilius, Gregorius en Krysostomus. Oare tsjerkfaars binne bygelyks Arnobius en Finsentius.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Tsjerkfaar, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.