Tsjerke Fan It Easten

De Tsjerke fan it Easten (Syrysk: ܥܕܬܐ ܕܡܕܢܚܐ, ʿĒdtāʾ d-Maḏnəḥāʾ), ek wol de Nestoriaanske Tsjerke neamd, is de namme fan in eardere kristlike tsjerke fan nestoriaanske synjatuer en wurdt noch brûkt as oantsjutting fan ien fan 'e trije streamings binnen it eastersk kristendom.

Tsjerke Fan It Easten
In Assyryske tsjerke by it Iraakske Arbil.

Skiednis

It begûn as dat part fan 'e kristlike oertsjerke, dat sitewearre wie binnen de grinzen fan it Perzyske Sassanidyske Ryk. Yn 'e iere fyfde iuw namen de kristenen dêre de lear fan Nestoarius (386-451) oan, dy't it ûnderskie tusken de minsklike en godlike natuer fan Jezus Kristus beklammet. Doe't de tsjerklieding op it Earste Konsylje fan Efeze, yn 431, it nestorianisme ta ketterij ferklearre en Nestoarius ekskommunisearre, late dat ta it earste skisma (it Nestoriaanske Skisma) binnen de noch jonge tsjerke, mei't der in úttocht fan nestorianen plakfûn nei it Sassanidyske Ryk, dêr't se troch de kristenen dy't dêr al wennen mei blydskip ûnthelle waarden en dêr't se feilich wiene foar de Byzantynske autoriteiten, dy't de tsjerklieding stipen. De nestorianen ûntjoegen har dêr ta in selsstannige tsjerklike organisaasje, dy't de Tsjerke fan it Easten kaam te hjitten, mei in eigen, Eastsyryske liturgy, en bestjoerd troch de patriarch fan it Easten, dy't residearre yn 'e Sassanidyske haadstêd Seleusje-Stesifon (en fan 'e njoggende iuw ôf yn Bagdad).

De Tsjerke fan it Easten lei him mear as de oare easterske tsjerken, dy't har yn 451, op it Konsylje fan Galsedon, fan 'e memmetsjerke ôfspjalten, ta op sindingswurk, en fersprate him al gau oer grutte parten fan Aazje. Fan 'e njoggende oant de fjirtjinde iuw wie it kwa grûngebiet de grutste tsjerke op 'e wrâld, en striek it him út fan 'e eastlike kust fan 'e Middellânske See oant eastlik Sina en de súdpunt fan Yndia. Troch de islamityske ferovering fan Perzje, yn 651, waard de macht fan 'e Tsjerke fan it Easten net wêzentlik oantaaste, mei't it troch de moslims ta in beskerme mienskip ferklearre waard, en fan 'e sânde oant de njoggende iuw gie it de nestoriaanske misjonarissen tige foar de wyn yn it Sina fan 'e Tang-dynasty. Yn 'e trettjinde en de fjirtjinde iuw fûn der in lêste snuorje fan ekspânsje plak mei't it nestorianisme tsjin dy tiid stevich ferankere wie mank de Mongoalske stammen en it yn dy perioade sadwaande mei-groeie koe mei it Mongoalske Ryk.

Fan 'e fjirtjinde iuw ôf, lykwols, rekke de Tsjerke fan it Easten fluch yn it neigean, wat fierhinne feroarsake waard troch ynfloeden fan bûtenôf. It Mongoalske Ryk stoarte yn en foel ta proai oan boargeroarloggen; in protte Mongoalen en Turken yn Sintraal-Aazje bekearden har ta de islaam; en de nije Sineeske Ming-dynasty waard de útlânske Mongoalske hearskers oermânsk en smiet doe ek de nestorianen, dy't ommers mei de Mongoalen assosjearre wiene, it lân út. Boppedat rûge de islamityske Mongoalske kriichshear Timoer Lenk (1336-1405) yn 'e twadde helte fan 'e fjirtjinde iuw hast de hiele kristlike mienskip yn Perzje út. Dêrnei wie de Tsjerke fan it Easten beheind ta noardlik Mesopotaamje en de Yndiaaske Malabar-kust. By it Skisma fan 1552 foel de Tsjerke fan it Easten úteinlik definityf útinoar yn 'e Assyryske Tsjerke fan it Easten en de Galdeesk-Katolike Tsjerke.

Fersprieding

Hjoed de dei binne de nestorianen benammen konsintrearre yn 'e Súdyndiaaske dielsteat Kerala, dêr't hja in mienskip fan hast 4 miljoen minsken foarmje. Wichtige minderheden binne se yn Irak, Iraan en Turkije. Mei-inoar binne der sa'n 5 miljoen fan harren. Fierwei de grutste nestoriaanske tsjerke is hjoed-de-dei de Syro-Malabareeske Katolike Tsjerke, mei 3,8 miljoen leauwenden. Sawol de Syro-Malabareeske Katolike Tsjerke as de Galdeesk-Katolike Tsjerke hearre ta de eastersk-katolike tsjerken.

De hjoeddeiske nestoriaanske tsjerken

Dit is in list fan 'e hjoeddeiske nestoriaanske tsjerken.

  • de Alde Tsjerke fan it Easten (nettsjinsteande de namme is dit in ôfspjalting út 1964)
  • de Assyryske Tsjerke fan it Easten
  • de Galdeesk-Syryske Tsjerke
  • de Galdeesk-Katolike Tsjerke
  • de Syro-Malabareeske Katolike Tsjerke

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

Tsjerke Fan It Easten SkiednisTsjerke Fan It Easten FerspriedingTsjerke Fan It Easten De hjoeddeiske nestoriaanske tsjerkenTsjerke Fan It EastenEastersk kristendomKristendomSyrysk

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Mata HariFjilddowen fan de Âlde WrâldFryske talenAuke Visser21e iuwProto-Yndo-JeropeeskLea HalpernLuna CorazónWilfred GeneeDe JouwerIt Muzyk Giet troch de BuorrenRosa CaraccioloWillem WestraISSNNieuwe Rotterdamsche CourantFarusslachFiktoriaanske TiidLaura LionSyrjeDormitio-abdijRobyntsjeNeakenmodel1945FraachpetearYnternetPsychiatrysk sikehûsSofia RoseRussyskShalina DevineHelpDouwe KooistraScatlers kroandoAleksejevski-kleasterVanessa SkyGeslachtsmienskipEssayTechnologySweedskÉdouard-Henri AvrilHôfdoMichelle TuckerAzerbeidzjanManchester City FCJeruzalimKrysteilânMuzykferiening Hâld MoedSeptember ReignPornografysk aktriseWordPressSclaters kroandoGearstallingTerritoarium HawaïAustraalje (lân)DenemarkFryske mytologyPerigeumGrutte OseaanHalletsjerkeDouwe AlgraPoalenDuomo San RufinoRachel AzianiLolle RondaanCharley AtwellTsjinstesektorSilezyskMax Werner1976Kim Kardashian🡆 More