Transept

In transept is it boudiel fan in tsjerke dat yn in rjochthoekige posysje dwers op it haadskip stiet.

It transept wurdt dêrom ek wol dwersskip neamd. Fakentiden foarmet it transept de oergong fan it haadskip nei it koer. As in tsjerke in transept hat, dan kriget it oerflak fan it gebou de foarm fan in latynsk krús. As fanút de krusing alle fjouwer rjochtings fan it tsjerkegebou like lang binne, kriget it gebou in plattegrûn fan in gryksk krús. Der wurdt dan ek fan in sintraalbou praat.

Transept
De lokaasje (griis kleurd) fan it transept yn in tsjerke
Transept
De Ljouwerter Bonifatiustsjerke mei transept en fieringstoer
Transept
De twa dwersearms fan de tsjerke

It plak dêr't it skip en it dwersskip by inoar komme wurdt krusing neamd. Sûnt de liturgyske feroarings fan it Twadde Fatikaanske Konsylje is it yn katolike tsjerken de lokaasje dêr't de alterromte plak krige en dêr't de preester de missen opdraacht. Sintraal boppe de krusing, dêr't de daknaden fan it haadskip en it transept inoar snije, stiet fakentiden in krusingstoer.

By in tradisjonele eastlike oriïntaasje fan de tsjerke is fanút de krusing it transept ferdield yn in súdlike en noardlike dwers- of krúsearm. Somtiden binne oan de eastlike kant fan de transeptearms apsissen oanboud.

Gruttere tsjerken hawwe somtiden twa transepten, itjinge benammen foarkomt by de Ingelske goatyske katedralen.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Gryksk krúsKoer (tsjerke)Latynsk krúsSintraalbouSkip (tsjerke)

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Tiffany Towers (pornografysk aktrise)Klone (band)Julie SkyhighKatt DylanJoo Min LeeDemokratyske Republyk KongoMoannedoRita CardinaleCharley AtwellGrutte PierGrinslânMoslim1200Arwen GoldArgusflinterSarah YoungNRjochtbankHinList fan Nederlânske gemeentenList fan Belgyske keunstskildersWikipedyMegan SalinasShae SummersReidsjongersList fan Fryske famkesnammenJacques MonaschJan RijpstraStrawelteShalina DevineMårten Eskil WingeOkke Hel (sêge)École polytechniqueLady GagaHenk HornstraAnneke DoumaRussyskSeksuele penetraasje1989Bank (finansjele ynstelling)Eala Frya FresenaBombayEjakulaasjeWeenske oesterJune CrespoJules BianchiEkshibisjonismeAleppoHôfdoKristina LionMidnight (projekt)Ivan KramskojPornhubWrâldsûnensorganisaasjeHalona VogCandy MansonFryslânFûgelsNeakenensMoanneTwitterUrne (band)Jayden LeeVienna BlackTonger (god)🡆 More