Doelstelling fan de Topografyske Wurkgroep Fryslân:
It befoarderjen fan it brûken fan offisjeel Frysktalige toponimen:
It e-adres fan de wurkgroep is towufry(aapke)knid.nl
Yn 1994 hat de Ried fan de Fryske Beweging in wurkgroep oprjochte ûnder de namme: PlakNammeKommisje. In pear jier dêrfoar wienen de gemeenten Boarnsterhim en Tytsjerksteradiel der ta oergien om harren Fryske toponimen fêst te lizzen yn de Gemeentelike Basisadministraasje. Soks hie fan gefolgen dat de Nederlânske toponimen harren offisjele plak yn de GBA ôfstean moasten. Om't de Ried fan de Fryske Beweging fûn dat dy twa gemeenten yn harren striid mei PTT wol wat stipe brûke koenen, hat hy de PNK opset.
Doe't yn 2006 de dielnimmers oan de PNK sa stadichoan allegearre gjin stiper mear fan de RfdFB wienen, hawwe se besletten de kennis, yn de 'striid' oant no ta opdien, fêst te hâlden. Se binne no selsstannich (as netwurk fan bewegers) dwaande ûnder de namme: Topografyske Wurkgroep Fryslân.
Neffens it steatsrjocht hat de gemeente Wymbritseradiel op 1 jannewaris 2009 offisjeel Fryske plaknammen krigen.
Nei’t de boargemaster syn hantekening ûnder it riedsbeslút fan 20 maaie 2008 setten hie, falt dat beslút net langer allinne mar ûnder de gemeentewet mar ek ûnder it “Europeesk Hânfest foar regionale talen of talen fan minderheden”. It rjocht om fan 1 jannewaris 2009 ôf yn offisjele konteksten Drylts ynstee fan IJlst te skriuwen, waard net allinne takend oan de ynwenners fan Wymbritseradiel mar troch it Europeesk Hânfêst ek oan de taalminderheid yn syn gehiel; de Frysktaligen fan Fryslân.
Yn de gemeentewet stiet in mooglikheid om in beslút foar ferneatigjen foar te dragen by de Kroan, artikel 273. Mar yn de lêste riedsgearkomste foarôfgeand oan 1 jannewaris 2009 is de moasje ta foardracht foar ferneatigjen ferwurpen. Fansels hie De Kroan, hjir Ynlânske Saken, by it ferneatigjen fan it riedsbeslút rekken hâlde moatten mei de ferplichtings dy’t Nederlân oangien is mei it Europeesk Hânfêst.
It wachtsjen is no op in ministriële oanwizing fan de minister fan Ynlânske Saken om yn de Gemeentlike Basisadministraasje de Nederlânske “gedoochnammen” fan no te ferfangen troch de offisjele Fryske plaknammen.
It boarnedokumint dat de ried fan Wymbritseradiel op 16 desimber 2008 ferwurpen hat, wie in útfieringsdokumint. It hie ta doel inkelde oanpas-sings yn de stavering fan de plaknammen fêst te lizzen. Sa soe Aldegea (W) fierder as Aldegea-Wymbrits. It dokumint docht neat ôf of ta oan it rjocht om de Fryske plaknammen foar Wymbrits te brûken.
Op 24 jannewaris 2013 tsjinnet de Jongfryske Mienskip by de bestjoersrjochter yn Ljouwert in oanklacht yn tsjin de gemeente Súdwest-Fryslân, de rjochtlik opfolger fan de gemeente Wymbritseradiel. De gemeente Súdwest-Fryslân wol hawwe dat it riedsbeslút fan de gemeente Wymbritseradiel net mear fan krêft wêze soe. De Jongfryske Mienskip bestriidt soks.
Wa is de autoriteit? Wa hat it foech oer de toponimen? Der is oer dat foech net in soad yn de wet spesifisearre. Mar oer it generaal giet de eigener oer de namme. Sa hat de gemeente it foech om de eigennamme (gemeentewet art.158) en toponimen op syn grûngebiet fêst te stellen. Dy nammen moatte dus yn it offisjele ferkear brûkt wurde. Mar leit yn in gemeente in terrein fan it Fryske Gea dan stelt dy de namme fan it terrein fêst. Yn de fyftiger jierren hat it regear besletten om mar ien topografyske namme rjochtsjildichheid te jaan en dat is yn Fryslân foar in part de Nederlânske namme. By de ynfiering fan de automatisearre Gemeentlike Basisadministraasje (GBA) binne ek de plaknammen deryn fêstlein, foar in part yn it Nederlânsk. Fryske plaknammen dy't by wet feroare/fêststeld binne, lizze yn de gemeenten Boarnsterhim, Dantumadiel, Ferwerderadiel, Ljouwerteradiel, Littenseradiel, Menameradiel en Tytsjerksteradiel. Yn de oare gemeenten hinget soks ôf fan it feit oft dy plaknammen Fernederlânske wiene of net. Stiens, Kollum, Dokkum ensfh. binne nea Fernederlânske en lizze dus Frysktalich ferankere yn de GBA.
By it fêststellen fan de wetternammen hawwe gemeenten en provinsje gearwurke om't it foech oer de nammen net dúdlik wie. As de Fryske beweger Postma fan Bitgummole de gemeenten net allegearre bydel west hie, dan wie soks grif op syn alve-en-tritichst gien en hie it faaks noch tiden duorre.
Plaknammen hâlde har net altiten oan de standerttaal. Boppedat wurde nammen by in nije stavering faak net oanpast oan de nije stavering. Soks is yn it Nederlânsk net oars. Wy skriuwe "Heerenveen" ynstee fan "Herenveen". Ek sjogge wy yn de plaknammen beskate dialektyske foarmen werom. Wy skriuwe Blauhús ynstee fan Blauhûs sa't it Standertfrysk it hawwe wol. En de lokale útspraak Hylpen stiet op it komboerd, ynstee fan it Hynljippen sa't it Frysk it earder skreau. Sa wie der foar de gemeenterie fan Dantumadiel ek romte om de eigen taalkleur fan de Westereenders yn de plaknamme fêst te lizzen.
Twa begripen dy't gauris trochinoar brûkt wurde. Yn de Fryske taalsituaasje wurdt mei "twataligens" bedoeld, dat yn itselde petear de iene prater it Frysk en de oare it Nederlânsk brûkt. De media sitearje de sprekkers yn de taal dy't praat wurdt. "Dûbeltaligens" betsjut yn Fryslân, dat der skeakele wurdt tusken de talen. It ferbrekken fan Friezen is sa'n gefal. De oare praat Nederlânsk en jo slute jo dêrby oan.
It Nederlânske Regear hat yn 1953 besletten, dat yn de it offisjele gebrûk mar ien toponym rjochtsjildichheid hawwe kin. In soad kaartemakkers meitsje dêrom twatalige kaarten. Se brûke allinne mar de namme dy't yn de GBA stiet. De rjochtsjildichheid fan de toponimen is dus twatalich. Sa wurde "Leeuwarden" en Feanwâlden beide yn offisjele stikken brûkt. Guon kaartemakkers wurkje dûbeltalich. Dy jouwe foar alle oantsjuttings, en de Nederlânske en de Fryske nammen. By in soad kombuorden yn Fryslân giet it om dûbeltalichheid.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Topografyske Wurkgroep Fryslân, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.