Tjalling Waterbolk

Harm Tjalling (Tjalling) Waterbolk (Havelte, 18 maaie 1924 - Haren, 27 septimber 2020) wie in Nederlânsk heechlearaar yn de archeology oan de Ryksuniversiteit Grins.

Tjalling Waterbolk
Tjalling Waterbolk (1978)
Tjalling Waterbolk
Waterbolk (achter) en Stapert (1978) as tsjûgen by it proses Vermaning

Libben en wurk

Nei de stúdzje biology yn Grins wurke er as assistint palynology fan Albert Egges van Giffen. Sadwaande koe er it mêd biology en archeology by elkoar bringe. Hy promovearre by Van Giffen yn 1954 op it proefskrift De prehistorische mens en zijn milieu. Fan 1954 oant 1987 wie Waterbolk heechlearaar-direkteur fan it Biologysk-Archeologysk Ynstitút fan de Ryksuniversiteit Grins as opfolger fan Van Giffen, mei de learopdracht Prehistorie en Germaanse archeologie.

Waterbolk publisearre benammen oer de typology fan prehistoaryske en midsiuwske hûsplattegrûnen, fersterke delsettingen yn Noard-Drinte, delsettingsterritoriums en bewenningskontinuïteit. Sûnt 1970 is hy lid fan de Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen. Waterbolk is noch altyd warber op syn mêd en publisearre noch in standertwurk oer hûsplattegrûnen yn Noard-Nederlân.

Persoanlik libben

Yn 2015 waard it boek Werk van Eeuwen troch Jos Bazelmans en Jan Kolen publisearre; yn it boek wurde petearen mei Waterbolk beskreaun. Yn 2019 publisearre er syn autobiografy Veranderend leven; hy wie doe 95 jier.

Waterbolk wie troud mei in botanysk analiste dy't er moete hie by de Nederlandse Jeugdbond voor Natuur. Hy hat ris sein dat it moaiste wat er ea opgroeven hat syn frou wie. Waterbolk wie earelid fan Het Drentse Landschap.

Waterbolk stoar op 27 septimber 2020 yn Haren yn de âldens fan 96 jier.

Saak Vermaning

Waterbolks karriêre sil altiten ferbûn bliuwe mei de affêre Vermaning. Dizze amateur-archeolooch kaam oansetten mei op it each spektakulêre fynsten út Drinte, dy't de bewenningsskiednis fan dy krite mei tritich- oant fyftichtûzen jier ferlinge soene. Oarspronklik stipe Waterbolk him (ek finânsjeel) en skreau er oer de fynsten , mar nei ûndersyk troch Waterbolks promovendus Dick Stapert waard Vermaning oanklage fanwegen bedroch. Vermaning waard yn 1977 feroardiele, mar yn heger berop yn 1978 frijsprutsen. Waterbolk kaam yn syn oantinkens út 2003 (Scherpe stenen op mijn pad) wiidweidich op 'e saak werom.

By Waterbolk promovearre

  • Dick Stapert
  • Johannes Diderik van der Waals (1925)

Publikaasjes (karút)

  • Walled enclosures of the Iron Age in the north of The Netherlands, Palaeohistoria 19 (1977) 97-172)
  • Das mittelalterliche Siedlungswesen in Drenthe. Versuch einer Synthese aus archäologischer Sicht, yn: H.W. Böhme (red.), Siedlungen und Landesausbau zur Salierzeit, I. In den nördlichen Landschaften des Reiches (Sigmaringen 1991) 47-108
  • Archeologie, yn: J. Heringa e.a. (red.), Geschiedenis van Drenthe (Meppel/Amsterdam 1985) 15-90).
  • Uit het leven van een landschap. Geschiedenis van de zorg voor natuur en landschap in Drenthe (1999)
  • Jos Bazelmans, Jan Kolen: Werk van eeuwen. Gesprekken met Tjalling Waterbolk. Assen, Koninklijke Van Gorcum, 2015. ISBN 978-90-232-5416-4

Literatuer

  • J. Bazelmans, J. Kolen en H.T. Waterbolk, On the natural history of the peasant landscape, an archaeological dialogue with Tjalling Waterbolk

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Tjalling Waterbolk Libben en wurkTjalling Waterbolk Saak VermaningTjalling Waterbolk By Waterbolk promovearreTjalling Waterbolk Publikaasjes (karút)Tjalling Waterbolk LiteratuerTjalling Waterbolk18 maaie1924202027 septimberArcheologyHaren (Grinslân)HavelteHeechlearaarRyksuniversiteit Grins

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

SûchdierenBitcoinSaûdy-AraabjeHans Christian AndersenTwinterâne19972022FleanboatSjiïsmeNeakenmodel202028 novimberKirgyzjeJon Voight11 maart31 desimber1941SkiftBefallingEjakulaasjeFilmprodusintIerdbevingSarah YoungIslamismeEnsyklopedyList fan ferdivedaasjeparken yn NederlânHaadsideKneppelfreedMadridEarste WrâldkriichJim MorrisonSkrillerDaphne RosenSûmbapappegaaidoSeksTuneezje66 f.Kr.JeropaMenameradielFreedDedemsvaartRôfdierenSekondeSjapoer IYvette Bova12 desimberYves BaillatSan Francisco2021Sinne-enerzjy19561977Hardenberg (gemeente)Arp HiemstraJean-Louis TrintignantMaasDead Horse RunningIranSarah BanksAzerbeidzjanSophia LorenISBN2008ISO 3166-11963Sam WaltonArsjitektGroubekpappegaaido🡆 More