Tipeljen is in âld folksspultsje wêrby in ûngefear 10 sintimeter lang stikje rûnhout (de typ) mei in ûngefear 50 á 80 sintimeter lange stok (de tipelstok) sa fier mooglik fuortslein wurde moat.
De tsjinpartij besiket de typ te fangen om dyjinge dy't oan slach is sa ôf te meitsjen. Wa't de typ fangt komt sels oan slach. Slagget it net om de typ te fangen dan kin de tsjinpartij besykje de typ fan it plak dêr't dy delkommen is, werom te smiten yn de tipelsône om sa oan slach te kommen. Yn guon farianten wurdt dy sône fan ûngefear in kante meter markearre mei kryt of in lint. Yn oare farianten is de tipelsône ien lingte fan in tipelstok fan de tipelstiennen ôf rekkene. It tal spilers is minimaal twa. Der is yn begjinsel gjin maksimum oan it tal spilers. De spulregels kinne fan plak oant plak ferskille.
Allinne dyjinge dy't oan slach is kin punten skoare. It tal punten yn in slachbeurt wurdt bepaald troch it tal stoklingtes dat de typ fan de tipelsône of tipelstiennen ferwidere bliuwt neidat dy troch de tsjinstanner werom smiten is.
Sawol de typ as de tipelstok wurde meast makke fan wylgehout. In goeie tipelstok is farsk en skyld. De tipelstok hat op ûngefear 12 sintimeter en sawat oan de ein in ynkeping dêr't de typ yn lein wurde kin.
De ôfmjittings fan it fjild binne fariabel. De breedte fan it fjild is meast sa'n 6 oant 10 meter. De lingte is meast ûnbeheind. As der op 'e dyk spile wurdt is de breedte gelyk oan de breedte fan de dyk. De spilers sprekke yn 't foar ôf wat kwea is en wat net en as him in sitewaasje foardocht dy't net regele is, jildt dat de bretaalste gelyk hat (of nimt).
Wat langer as in spiler oan slach bliuwt, wat dreger it wurdt om de typ yn it spul te bringen.
Tipeljen wie oant de 60-er jierren fan de 20e iue yn guon parten fan Fryslân noch in algemien berne- en merkespultsje. Tsjintwurdich wurdt it benammen noch yn de omkriten fan Dokkum spile. Yn oare parten fan Nederlân stiet it spultsje ûnder oaren as Pinkelen bekend. It spultsje komt ek yn oare parten fan Europa foar. Yn Itaalje wurdt it beskôge as in 'typysk Pimonteesk' spultsje.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Tipeljen, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.