Film Út 2013 The Lone Ranger

The Lone Ranger is in Amerikaanske komyske western-superheldefilm út 2013 ûnder rezjy fan Gore Verbinski, mei yn 'e haadrollen Armie Hammer en Johnny Depp.

De titel betsjut "De Ienlike Ranger". De film waard basearre op 'e superheld de Lone Ranger, dy't al yn 1938 op it wite doek en sûnt 1949 ek op 'e tillefyzje heldedieden ferrjochte tsjin 'e eftergrûn fan it Wylde Westen. It ferhaal folget de Lone Ranger en syn helper, de Yndiaan Tonto, by harren krewearjen om 'e moardners fan in groep Texas Rangers foar it gerjocht te bringen. Se ûntdekke dat korrupsje wiid ferspraat is en dat ferskate op harsels steande ynsidinten te krijen hawwe mei de oanlis fan 'e spoarwegen. The Lone Ranger krige fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes, en flopte yn 'e bioskopen. Nettsjinsteande dat waard de film nominearre foar twa Oscars.

The Lone Ranger
Film Út 2013 The Lone Ranger film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
Film Út 2013 The Lone Ranger
makkers
regisseur Gore Verbinski
produsint Jerry Bruckheimer
Gore Verbinski
senario Justin Haythe
Ted Elliott
Terry Rossio
basearre op de Lone Ranger fan Fran Striker
   en George W. Trendle
kamerarezjy Bojan Bazelli
muzyk Hans Zimmer
filmstudio Walt Disney Pictures
Jerry Bruckheimer Films
Infinitum Nihil
Blind Wink Productions
distribúsje Walt Disney Studios
   Motion Pictures
spilers
haadrollen Armie Hammer
Johnny Depp
byrollen William Fichtner
Ruth Wilson
Tom Wilkinson
Helena Bonham Carter
skaaimerken
lân/lannen Film Út 2013 The Lone Ranger Feriene Steaten
premiêre 22 juny 2013
foarm langspylfilm
sjenre komyske western-superheldefilm
taal Ingelsk (ek wat Komantsje)
spyltiid 149 minuten
budget en resultaten
budget $225–250 miljoen
opbringst $260,5 miljoen

Plot

De film set útein mei in ramtferhaal dat yn 1933 spilet. In jonge fan in jier as njoggen dy't Will hjit, besiket yn San Francisco in merke. Hy is sljocht nei ferhalen oer de legindaryske Lone Ranger en hat himsels as syn idoal ferklaait, oan it masker ta dat de boppeste helte fan syn gesicht bedekt. Yn in sneue en troch alle oare merkebesikers foarbyrûne útstalling mei fitrines oer de fergiene gloarje fan it Wylde Westen ûntdekt er tusken opsette eksimplaren fan 'e Amerikaanske bizon en de grizzlybear in tafriel dat wijd is oan 'e "nommele wylde", d.w.s. de Yndiaan. Will kriget de skrik fan syn libben as bliken docht dat de tentoanstelde Yndiaan gjin waaksen byld is mar in libbene âldman, de Komantsje Tonto, dy't yn syn jonkheid noch mei de Lone Ranger opriden hat. Dyselde begjint Will it wiere ferhaal fan 'e Lone Ranger te fertellen.

Yn 1869 keart abbekaat John Reid nei it ôfrûnjen fan syn rjochtestúdzje yn it Easten en it opdwaan fan wurkûnderfining yn syn berop werom nei syn berteplak Colby, yn 'e Amerikaanske steat Teksas. Hy reizget dêrhinne op 'e Transcontinental Railroad, wêrfan't de oanlis Colby ûnderweis nei de Amerikaanske westkust krekt passearre is. Reid beskôget de oanlis fan it spoar as in kearpunt yn it bringen fan beskaving en oarder nei it Wylde Westen. Latham Cole, de wurknimmer fan 'e Transcontinental Railroad Company dy't it tafersjoch oer it wurk oan it spoar hat, tinkt der krekt sa oer. Sadwaande lit er, om dat heuchlike feit te fieren, de sochte bandyt en Yndianedeader Butch Cavendish nei Colby ferfiere, om dyselde dêr op te hingjen by wize fan in symboalyske ôfrekken mei it ûnbeskaafde ferline.

Cavendish wurdt nei Colby ta brocht yn deselde trein dêr't ek Reid yn reizget. Hy wurdt mei in oare finzene, de Komantsje-Yndiaan Tonto, fêstholden yn in frachtwagon. Op it treinstasjon wurdt er opwachte troch Texas Ranger Dan Reid, de âldere broer fan John, en dy syn fiif maten. Tonto merkt lykwols op hoe't Cavendish ien fan 'e flierplanken fan 'e wagon lospeuteret en dêrûnder in revolver wei hellet. Cavendish deadet syn beide bewekkers, wylst syn binde op hynders de trein byhellet en oan board klimt om in treinberôving út te fieren. John Reid besiket harren tsjin te hâlden, mar ta eintsjebeslút wurdt er oermastere en mei keatlings fêstset oan Tonto. De bindeleden fermoardzje de treinmasinist en de stoker, en stelle de lokomotyf yn op folle faasje foar't se harren mei de befrijde Cavendish ôfjouwe. Reid en Tonto witte, nettsjinsteande it feit dat se inoar allegeduerigen tsjinwurkje, los te kommen. Dêrnei meitsje se de passazjierswagons los fan 'e lokomotyf. Sadwaande is it inkeld de lokomotyf en koalewagon dy't oer de kop slane as de trein de ein fan 'e spoarline berikt.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Reid en Tonto oerlibje it ûngemak. Neitiid wol Tonto fan ruten spylje, mar Reid rekkenet him yn en slút him op yn 'e sel yn it kantoar fan 'e pleatslike sheriff. Dan Reid en syn mannen risselwearje foar de efterfolging fan Cavendish en syn binde, en Dan beëdiget John as Texas Ranger sadat er him by syn posse jaan kin. Mei Dan en John geane fiif oare Texas Rangers en de faker al as net dronken spoarsiker Collins. Dy liedt it selskip nei in kleau mei steile kanten, dêr't it selskip yn in mûklaach fan 'e binde fan Cavendish rint. De bruorren Reid en de oare fiif Texas Rangers wurde delsketten en inkeld Dan Reid oerlibbet langernôch om syn moardner Cavendish yn 'e eagen te sjen. Ut wraak, om't er troch tadwaan fan Dan al in jier lang finzen sitten hat, iepenet Cavendish de boarstkas fan 'e deadlik ferwûne man en snijt syn hert derút, dat er dêrnei rau opyt.

Underwilens is Tonto út 'e sel ûntsnapt. Hy folget de posse om't hy Cavendish weromfine en deadzje wol; dat wie de reden dat er himsels finzen nimme en mei Cavendish yn deselde wagon pleatse litten hie. As er de Texas Rangers dea weromfynt, begraaft er harren. In wyt geasthynder, dat Tonto daliks as sadanich weromken, komt del en giet nei it noch iepenlizzende grêf fan John Reid ta. Tonto besikt it hynder nei it grêf fan Dan Reid ta te bringen, mar it hynder wit wat er wol en giet werom nei John Reid dy't er út 'e dea opwekket as in "geastrinner". Neitiid fertelt Tonto oan Reid dat er no net mear mei geweld deade wurde kin, om't er ommers al dea is. Reid is dêr skeptysk oer. Tonto jout him ek in masker om oer de boppeste helte fan syn gesicht te dragen, dat er út it lear fan it fest fan syn broer Dan snien hat, mei twa kûgelgatten foar de eagen. Dy momkape hat Reid ferlet fan, sa leit Tonto út, om't syn fijannen miene dat er dea is en om't it it bêste is om dat sa te hâlden. Hy fertelt ek dat de posse út acht man bestie, mar dat er mar sân grêven hoegen hat te graven: de spoarsiker Collins hat harren ferret en yn 'e mûklaach lokke. Ta einbeslút jout Tonto oan Reid in sulveren kûgel dy't er er smeid hat fan 'e stjerynsynjes fan 'e ombrochte Texas Rangers. Dêr moat Reid Cavendish mei deadzje, mei't Tonto derfan oertsjûge is dat de man in mytysk wêzen mei boppenatuerlike krêften is dat in wendigo hjit.

Op 'e siik nei de binde fan Cavendish besykje Reid en Tonto it bordeel fan hoeremadam Red Harrington, wêrfan't Reid wit dat Collins der koartby west hat. Red is in tsjeppe readhierrige frou mei in skonkproteze dy't se meitsje litten hat fan beskildere ivoar. Fan binnen befettet dy in gewear, wêrfan't de loop ûnder de útklapbere hakke fan har skoech sit. Se suggerearret dat se har skonk kwytrekke is oan of troch tadwaan fan Cavendish, dy't neffens har in foarleafde foar it iten fan minskefleis opdien hat. Fan Red komme Reid en Tonto oan 'e weet dat Reid syn broer Dan en Collins yn har gelegenheid slaanderij krigen oer in klomp sulvererts dêr't in flok op rêste soe.

Sûnt Reid mei de posse ôfset is de wyldernis yn, is der oarloch útbrutsen tusken de blanke kolonisten en de Komantsjen. Dan syn widdo Rebecca, dy't Reid syn faam wie foar't er ôfsette om rjochten te studearjen en op wa't er noch altyd temûk fereale is, wennet mei har soan Danny op in lyts boerespultsje op 'e romte. Reid set dêr mei Tonto hinne, mar se komme te let: de pleats stiet al yn ljochte lôge en fan Rebecca en Danny is gjin spoar. Tonto stelt fuortendaliks fêst dat de oerfal gjin Yndianewurk west hat, en hy kriget gelyk as se noch trije efterbleaune leden fan 'e binde fan Cavendish oer it mad komme. Reid en Tonto reitsje opsletten yn in baarnende skuorre, mar kinne oan 'e dea ûntkomme as bliken docht dat it wite geasthynder oer dakken fan gebouwen drave kin. Twa fan 'e bindeleden wurde by fersin troch Reid deade, mar de trêde, Frank, in jongeman mei in foarleafde foar frouljusklean, wit te ûntkommen. Reid beseft dat der hielendal gjin echt konflikt tusken blanken en Yndianen is, mar dat Cavendish-en-dy alle oerfallen begien hawwe. Se wolle dúdlik in echte oarloch útlokje, mar Reid kin mar net begripe wêrom.

Underwilens bringt Frank de warskôging oan Cavendish oer dat der noch ien fan 'e Texas Rangers libbet, dy't syn beide maten deade hat. Rebecca, dy't mei Danny troch Cavendish finzen nommen en ûntfierd is, nimt fuortendaliks oan dat it har man Dan wêze moat. Cavendish kriget syn nocht fan har geëamel en oarderet Collins om har en de jonge mei te nimmen út it sicht en harren dan te deadzjen. Dat giet Collins lykwols te fier, dat hy sjit in pear kear yn 'e loft en hjit Rebecca om har soan mei te nimmen en út te naaien. Ear't se dat dwaan kin, ferskynt spoarbaas Latham Cole lykwols op it toaniel, dy't Collins dea sjit en Rebecca en Danny rêdt.

Cole hie earder de Komantsjen derfan bewissige dat er him by de oanlis fan syn spoarline oan alle ferdraggen hâlde soe dy't de blanken mei harren sletten hiene. No't de Komantsjen lykwols begûn binne mei oerfallen op kolonisten, ornearret er dat sy de ferdraggen brutsen hawwe, dat no hoecht hy him der ek net mear oan te hâlden. Sadwaande lit er no de spoarline rjocht troch oer Yndiaansk lân oanlizze. Hy lit boppedat in ôfdieling fan 'e Amerikaanske kavalery û.l.f. kaptein Jay Fuller oantsjen om mei de Komantsjen ôf te weven troch harren as folk út te rûgjen.

Underwilens binne Reid en Tonto it spoar fan Cavendish syn mannen de woastyn yn folge, dêr't se in temûk oanleine sydspoarline ûntdekke foar't se finzen nommen wurde troch in troep Komantsjen. As Reid witte wol wêrom't dyselden Tonto as in fijân behannelje, fertelt opperhaad Grutte Bear him oer it ferline fan syn maat. Tonto groeide op as lid fan in Komantsjetroep en fûn as opslûpen jonge op in dei in pear blanke manlju dy't fan útputting de dea nei-oan wiene. Hy brocht harren nei syn kamp ta, dêr't se fersoarge waarden. Doe't se wer wat opbettere wiene, ûntdieken de blanken sulver yn 'e rivier by it kamp. Yn ruil foar in goedkeap bûshorloazje fan ien fan 'e beide liet Tonto harren sjen wêr't de rivier ûntsprong en wêr't it sulver wei kaam.

It die bliken dat dêr in reuseftige sulverier wie. De mannen namen safolle sulver mei as se mar op harren hynders lade koene, mar sprieken ôf om letter werom te kommen om der in myn te fêstigjen. Om te bewissigjen dat de lokaasje fan it sulver geheim bleau, fermoarden se lykwols alle bewenners fan it kamp; inkeld Tonto ûntkaam, dy't op dat stuit op in geheim plak fan sines mei syn nije bûshorloazje siet te boartsjen. Om't er net libje koe mei syn skuldgefoelens doe't er syn kamp útmoarde weromfûn, besleat er dat de beide blanke mannen wol boasaardige wendigo's wêze moasten, dy't it kamp ek útmoarde hawwe soene as er harren de sulverier net sjen litten hie. Sûnt dy tiid hat er syn libben wijd oan it bejeien fan 'e beide wendigo's. De oare Komantsjen beskôgje him as sljochtsinnich, mei't Grutte Bear wit dat in blanke gjin wendigo hoecht te wêzen om sokke tsjoede dingen te dwaan. Reid kriget foar it ferstân dat Cavendish ien fan 'e mannen wêze moat dy't al dy jierren tebek Tonto syn kamp útmoarde hawwe.

Op befel fan opperhaad Grutte Bear wurde Reid en Tonto oan 'e hals ta begroeven. Sa wurde se efterlitten as de Komantsjen de wyk nimme moatte foar in hommelse oanfal op harren kamp troch de kavalery fan kaptein Fuller. Neitiid wit Reid himsels te befrijen mei help fan it wite geasthynder. Hy stiet yn bestân om Tonto efter te litten, mar beseft dat er de Yndiaan nedich is om him nei de sulverier te lieden. Op it plak dêr't de rivier ûntspringt, blykt no in aktive sulvermyn te wêzen, dy't bewurke wurdt troch Sineeske mynwurkers yn opdracht fan Cavendish. Nei't se op orizjinele wize mei Cavendish syn mannen ôfweefd hawwe, witte Reid en Tonto de bindelieder sels finzen te nimmen. Tonto stiet der by Reid op oan om 'e wendigo dea te sjitten mei de sulveren kûgel dy't er makke hat, mar Reid wegeret en hâldt fol dat sels in smjunt as Cavendish rjocht hat op in earlike berjochting. As Tonto it hêft yn eigen hannen nimt en Cavendish dan sels mar deasjitte sil, slacht Reid him del mei in skeppe. Dêrnei docht er syn masker ôf, nimt Cavendish mei en set ôf nei de beskaafde wrâld.

Tsjin 'e jûn berikt Reid it plak dêr't ûnder tafersjoch fan Cole oan 'e spoarline wurke wurdt. Cole sels is drok mei Rebecca en Danny, om't er syn sinnen op Rebecca set hat om syn frou te wurden. Sy is him tankber foar harren rêding, mar stiet ôfhâldich foar in houlik oer, mei't se hoegenamt gjin gefoelens foar him hat. As Reid by de trein oankomt, lit Cole syn wiere aard sjen troch Rebecca en Danny finzen te setten om se by Reid wei te hâlden. Foar Reid oer bekent er dat Cavendish eins syn broer is; Reid begrypt dat Cole de oare blanke is dy't ferantwurdlik is foar it útmoardzjen fan Tonto syn kamp. De beide bruorren hawwe wol tweintich jier bodde, mar binne no tichtby de eksploitaazje fan harren sulvermyn fia de spoarline dy't Cole oanleit. Reid oermasteret Cole, mar kaptein Fuller komt him oer it mad. As dy foar it ferstân kriget wat der wier oan 'e hân is, beseft er dat al dy Komantsjen dy't er by syn fjildtocht deade hat, eins ûnskuldich wiene. Hy beslút dat er der better mei libje kin om te bearen dat dat net sa is en dat er folslein yn syn rjocht stie. Dêrom helpt er Cole om Reid finzen te nimmen.

Wylst Rebecca en Danny troch Cole fêstholden wurde, nimt Fuller Reid mei om him troch in fjoerpeloton fan syn mannen eksekutearje te litten foar it yn it paad stean fan 'e foarútgong en it dwerseidzjen fan 'e fersprieding fan beskaving. Tonto, dy't yn 'e momkape fan in Sineeske spoararbeider it kamp ynfiltrearre is, wit dat foar te kommen. As dêrnei de Komantsjen fan Grutte Bear it kamp oanfalle, kinne hy en Reid yn 'e gaos ûntkomme. De Komantsjen lykje earst de boppehân te hawwen oer de soldaten, mar as se in frontale oanfal ynsette, lit Fuller in pear Gatling Gun-masinegewearen foar it ljocht helje, wêrmei't er in wiere slachting ûnder de Komantsjen oanrjochtet. Reid beseft no dat Cole tefolle macht hat om him op wettige wize ûnder fuotten te heljen. Hy docht dêrom syn masker wer foar.

Te Promontory Summit, dêr't it lêste gatsje yn 'e spoarline tusken de Amerikaanske eastkust en westkust tichte wurdt, ûntbleatet Cole syn snoade plan om troch it temûk opkeapjen fan oandielen, mei it jild dat er fertsjinne hat troch de ferkeap fan sulver út syn myn, de kontrôle oer de Transcontinental Railroad Company oer te nimmen. As Habberman, de algemien direkteur, dêr net akkoart mei giet, sjit Cole him yn 'e kont. Dêrnei hawwe de oare direksjeleden gjin beswieren mear. De feestlike seremoanje om 'e tastânkomming fan it transkontinintaal spoar te fieren, giet lykwols net nei ferwachting.

Reid en Tonto stelle in lading nitroglyserine dy't Cole opslein hat yn 'e pleatslike bank, en blaze dêrmei in spoarbrêge oer in ravyn op. Dêrnei giet Tonto der op 'e eigentlike iepening fan it spoar mei ien fan 'e beide treinen fan troch, dêr't Danny yn gizele wurdt. De hoeremadam Red Harrington brûkt it gewear yn har skonkproteze om in weintsje mei nitroglyserine op te blazen en sa de hynders fan 'e kavalery op 'e rin te jeien. Reid slacht syn swipe om 'e loop fan 'e Gatling Gun hinne en skuort dy fansiden, sadat de skutter ynstee syn eigen maten en de direksje fan 'e Transcontinental Railroad Company ûnder fjoer nimt. Kaptein Fuller wit oan board fan 'e stellen trein te springen, wylst Cole en Cavendish, mei Rebecca by harren, de efterfolging mei de oare ynsette. Reid giet derefteroan op syn wite hynder, dat fan it dak fan it stasjonsgebou op it dak fan 'e ridende trein fan Cole-en-dy springt.

By in spektakulêr gefjocht op it dak fan en yn 'e beide treinen rêdt Reid Rebecca, dy't him earst in terwinkel ferkeapet om him dêrnei hertstochtlik te tútsjen. Cavendish en Fuller komme om as in ûntspoarde wagon raamd wurdt troch ien fan 'e lokomotiven. Tonto jout Cole syn bûshorloazje werom en lit him mei in lokomotyf mei in stikmannich mei sulvererts laden frachtwagons derefteroan fan 'e opblaasde spoarbrêge ride. De hiele brot stoart yn 'e rivier fier yn 'e djipte, dêr't Cole ûnder wetter bedobbe wurdt ûnder syn sulver en ferdrinkt.

Neitiid wurdt Reid as in held ynhelle yn Colby, dêr't er no de bynamme fan 'e Lone Ranger ("Ienlike Ranger") krigen hat. In mankepoatsjende Habberman, dy't no de Transcontinental Railroad Company wer stevich yn 'e hân hat, beleannet him mei in gouden bûshorloazje (dat Tonto lykwols al út it doaske stellen hat) en flústeret him ta dat er wol in plysjeman brûke kin dy't syn bedriuw goedgeunstich tagedien is. Reid stegeret dat oanbod fan korrupsje lykwols ôf en riidt fuort mei Tonto, oan wa't er fertelt dat er besletten hat it wite geasthynder "Silver" te neamen.

Yn 1933 is it jonkje Will skeptysk oer it ferhaal fan 'e âlde Yndiaan Tonto. Dêrop langet dyselde him in sulveren kûgel oer en seit dat er sels mar beslisse moat wat er leauwe wol. Wylst Will de kûgel bestudearret, is de âldman ynienen ferdwûn; dêr't er stie, sit no inkeld in krie, dy't mei in krassende rop fuortfljocht. Dêrop lûkt Will, mei in neitinkende útdrukking op syn gesicht, it masker fan 'e Lone Ranger, dat er by it petear mei de âldman op syn foarholle skood hie, wer oer de eagen hinne.

Rolferdieling

Film Út 2013 The Lone Ranger 
Armie Hammer.
Film Út 2013 The Lone Ranger 
Johnny Depp.
    haadrollen
personaazje akteur/aktrise           
John Reid / de Lone Ranger Armie Hammer
Tonto Johnny Depp


    byrollen
personaazje akteur/aktrise
Butch Cavendish William Fichtner
Rebecca Reid Ruth Wilson
Latham Cole Tom Wilkinson
Red Harrington Helena Bonham Carter
Danny Reid Bryant Prince
ranger Dan Reid James Badge Dale
kaptein Jay Fuller Barry Pepper
Will Mason Cook
opperhaad Grutte Bear Saginaw Grant
Frank Harry Treadaway
ranger Hollis Lew Temple
Collins Leon Rippy
direkteur Habberman Stephen Root
Barret James Frain
Ray Damon Herriman
Jesús Joaquín Cosio
Red Knee Gil Birmingham
ferkenner foar kaptein Fuller David Midthunder

Produksje en distribúsje

Produksje

The Lone Ranger waard regissearre troch Gore Verbinski nei in senario fan Justin Haythe, Ted Elliott en Terry Rossio. Dat wie basearre op it (yn 'e Feriene Steaten) tige bekende personaazje fan 'e Lone Ranger, fan Fran Striker en George W. Trendle, út in tillefyzjesearje út 1949-1957 en út searjefilms fan noch earder.

As produsinten wiene Verbinski en Jerry Bruckheimer by it projekt belutsen foar de filmstudio's Walt Disney Pictures, Jerry Bruckheimer Films, Blind Wink Productions en Infinitum Nihil fan haadrolspiler Johnny Depp. Mei him hie Verbinski al trije kear earder gearwurke, yn Pirates of the Caribbean: The Curse of the Black Pearl (2003), Pirates of the Caribbean: Dead Man's Chest (2006) en Pirates of the Caribbean: At World's End (2007). Foar The Lone Ranger wie in budget beskikber fan $225 oant 250 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Bojan Bazelli, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Hans Zimmer.

Opnamen

The Lone Ranger waard al yn 2008 troch Disney oankundige, mar de produksje rûn yn 2011 fertraging op troch budgetêre swierrichheden. De opnamen setten úteinlik op 8 maart 2012 útein. Der waard filme yn 'e Amerikaanske steaten Utah, Colorado, Nij-Meksiko, Arizona, Teksas en Kalifornje. Spesifike lokaasjes wiene û.m. Creede (Colorado), Moab (Utah) en it Steatspark Cimarron Canyon yn Nij-Meksiko. De binnendoarsênes waarden fierhinne opnommen yn 'e Albuquerque Studios yn Albuquerque (Nij-Meksiko). De special effects foar de film waarden oanmakke troch Industrial Light & Magic (ILM).

De produksje hie te krijen mei ferskate tsjinslaggen, wêrûnder tsjinwierjende waarsomstannichheden, natoerbrannen, in útbraak fan 'e wetterpokken en de dea fan crewlid Michael Andrew Bridger op 21 septimber 2021. Dyselde wie in wetterfeiligensekspêr, dy't omkaam by in ûngelok yn in grutte wettertank.

Distribúsje

De distribúsje fan The Lone Ranger waard fersoarge troch Walt Disney Studios Motion Pictures, de distribúsjepoat fan The Walt Disney Company. De film gie op 22 juny 2013 yn it ferdivedaasjepark Disney California Adventure yn Anaheim yn premiêre, en iepene dêrnei op 3 july yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 2 july 2013 by platemaatskippij Walt Disney Records. The Lone Ranger waard op 17 desimber 2013 útbrocht op dvd en blu-ray.

Untfangst

Fan 'e filmkritisy yn 'e Feriene Steaten krige The Lone Ranger oer it algemien negative resinsjes. Sa omskreau Charlie McCollum yn 'e San Jose Mercury News de film as "in grutte knoeiboel – in fermaakliken-ien, dat wol, mar likegoed in knoeiboel." Yn 'e San Francisco Chronicle wie Mick LaSalle noch in stik hurder foar de film, dy't er omskreau as "in grimelgrammelige mislearring dy't sa betize is yn syn doel en sa ûnbekoarlik yn syn útwurking dat je it sjen moatte om it te leauwen. Mar better noch, nee, sjoch it net en leau it net." En Lou Lumenick fan 'e New York Post neamde de film "in blastich, misfoarme soadsje, in deaberne franchise fol metafoaren foar syn ûntarikkende besykjen om te fermeitsjen en op te winen."

In resinsint dy't tsjin dy algemiene teneur yngie, wie James Verniere yn 'e Boston Herald, dy't skreau: "De film, foar in diel parody, foar in diel neibearing, sit smoarfol mei gewelddiedige ynsidinten, spektakulêre settings, Buster Keaton-eske aksje en kleurrike personaazjes út spagettywesterns fan alearen." En op 'e webside RogerEbert.com parte Matt Zoller Seitz oan The Lone Ranger 31/2 fan 4 stjerren ta. Dêr heakke er oan ta: "Nettsjinsteande alle misrekkens is dit in persoanlike film, gewelddiedich en leaflik, fernimstich en healwiis. Hy is like obsessyf en eigenwiis as Steven Spielberg syn 1941 – en, wol 'k wedzje, like wierskynlik om oer tweintich jier fan no re-evaluëarre te wurden en omskreaun as 'misbegrepen'."

Yn it Feriene Keninkryk wie de ûntfangst in stik positiver. Angie Errigo fan it tydskrift Empire parte The Lone Ranger 4 fan 5 stjerren ta en bewûndere it "echte ferhalefertellen" fan 'e film, dat se omskreau as "goed trochtocht en prachtich, soms idioat, útfierd, mei sa'n opwining, humor en wille dat jo je wer sân jier âld fiele." Yn 'e krante The Daily Telegraph joech Robbie Collin de film 3 fan 5 stjerren. Hy skreau: "[Regisseur] Verbinski lit hjir mear ambysje sjen as dat der die yn Pirates of the Caribbean."

Yn oktober 2013 neamde de foaroansteande Amerikaanske regisseur Quentin Tarantino The Lone Ranger ien fan 'e tsien bêste films fan it jier oant doe ta. Yn in fraachpetear seid er: "De earste trije kertier binne treflik […], de folgjende trije kertier binne wat sliepopwekjend. It wie gjin goed idee om 'e smjunten yn twa groepen op te dielen; it nimt in ivichheid yn beslach om dat út te lizzen en net ien dy't it wat skele kin. Dan komt de treinsêne – net te leauwen! Doe't ik dat seach, trocht ik hieltyd mar: 'Wat? Dit is de film dêr't eltsenien fan seit dat it baarnhout is? Echt wier?' "

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Lone Ranger in leech goedkarringspersintaazje fan 30%, basearre op 246 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Armie Hammer en Johnny Depp foarmje in oansprekkend haadrolspilersduo, mar se binne net genôch om it smaakleaze skript fan [de film], de blastige spyldoer of de âljende overkill oan aksje goed te meitsjen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet The Lone Ranger in goedkarringspersintaazje fan 37%, basearre op 45 resinsjes.

Resultaat

Opbringst

The Lone Ranger brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $89,3 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $171,2 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $260,5 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $225 oant 250 miljoen betsjut dat in winst fan $35,5 oant 15,5 miljoen, wat mei de mânske marketingkosten by lange nei net genôch wie om út 'e reade sifers te kommen. It Amerikaanske tydskrift The Hollywood Reporter berekkene it ferlies op mooglik mear as $150 miljoen. Walt Disney Studios Motion Pictures joech ta dat it resultaat "tige teloarstellend" wie.

Prizen

Nettsjinsteande it feit dat de film yn 'e bioskoop flopt wie, waard The Lone Ranger yn 2014 nominearre foar twa Oscars, te witten yn 'e kategoryen bêste fisazjy en hierstilearring en bêste fisuele effekten. De film waard ek nominearre foar in Saturn Award (foar bêste aksje- of aventoerefilm), twa Teen Choice Awards (foar favorite gemy tusken haadrolspilers en favorite simmerfilmstjer foar Johnny Depp) en twa Nickelodeon Kids' Choice Awards (foar favorite filmakteur en favorite regaadmakker, allebeide foar Johnny Depp).

Castingkontroverse

Der kaam krityk op The Lone Ranger omreden fan it feit dat de blanke akteur Johnny Depp cast wie yn 'e rol fan in Yndiaan. De filmprodusinten ferwarden har troch derop te wizen dat der op 'e filmset in offisjele adviseur fan 'e Komantsje Naasje fan Oklahoma oanwêzich wie. Depp stelde dat er leaut dat er fia ien fan syn oerbeppes fan Yndiaansk etnysk komôf is, en dat er mei syn rol as Tonto besocht hat om wat te ferhelpen oan 'e ferkearde manear dy't de filmyndustry fan Hollywood yn it ferline hie omt Yndianen ôf te skilderjen.

Todd McDaniels, in taalkundige dy't ferbûn is oan it Kolleezje fan 'e Komantsje Naasje yn Lawton (Oklahoma), waard befrege oer Depp syn besykjen om inkele sinnen yn it Komantsje te sprekken, in taal dy't anno 2017 noch mar 25 oant 30 memmetaalsprekkers hie. Hy sei: "De wurden wiene der, de útspraak wie wif, mar fersteanber."

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

Film Út 2013 The Lone Ranger PlotFilm Út 2013 The Lone Ranger RolferdielingFilm Út 2013 The Lone Ranger Produksje en distribúsjeFilm Út 2013 The Lone Ranger UntfangstFilm Út 2013 The Lone Ranger ResultaatFilm Út 2013 The Lone Ranger CastingkontroverseFilm Út 2013 The Lone Ranger Keppelings om utensFilm Út 2013 The Lone Ranger193819492013BioskopenFeriene SteatenFilmFilmkritisyHaadrolJohnny DeppKomeedzjefilmKorrupsjeMoardnerOscarPlotResinsjeRezjyRjochtbankSpoarwegenSuperheldSuperheldefilmTexas RangersTillefyzjeTitel (namme)WesternfilmWite doekWylde WestenYndiaan

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

KomôfTurkijePoëzyPy (wiskunde)GokkenIranNational Broadcasting CompanyPornhub25 maartKagney Linn KarterArûbaKaliningradParysFaksisme18 febrewarisTongeAken1939SeksKolombiaBorneoNatuerkundeMinsk1983202028 novimberNijverdalSûchdieren10 desimberMontanaAddis AbebaSkoanfamyljeMaart2007HistoaryskItaalje9 septimberRûanda1 jannewarisFreedPoalenSkiednisStuten30 novimberMarijn KuipersSeksuele penetraasjeMassachusettsIstanbûlRocco SiffrediAmerikaanske dollarKoarte filmFeriene SteatenKrusing (fuortplanting)Priya PriceLatynHelpBernemisbrûkAldfryskDouglas DC-3Koördinearre WrâldtiidFilmDútslânISSN1200Seksuele stimulaasjeEl NiñoJapanLongûntstekking🡆 More