Liet Fan Kenny Rogers The Gambler: Liet fan Bobby Bare

The Gambler is in Ingelsktalich liet fan 'e Amerikaanske sjonger Kenny Rogers, dat yn 1978 ûnderdiel útmakke fan syn album The Gambler.

It is in countryliet oer de lêste rie fan in âldman, dat skreaun waard troch Don Schlitz. De titel betsjut: "De Gokker", wat neitiid in bynamme fan Rogers waard. The Gambler waard mids novimber 1978 útbrocht as single, en groeide út ta ien fan Rogers syn grutste hits. It liet berikte it earste plak yn 'e Amerikaanske Hot Country Singles-hitlist en waard yn Nij-Seelân sertifisearre as twa kear platina. Ek wûn Rogers der in Grammy Award mei, de wichtichste Amerikaanske priis op it mêd fan muzyk. The Gambler waard letter covere troch ferskate oare artysten, ûnder wa Johnny Cash.

The Gambler
algemiene ynformaasje
artyst Kenny Rogers
album The Gambler
taal Ingelsk
sjenre country
útbrocht 15 novimber 1978
doer 3:34
label United Artists Records
skriuwer Don Schlitz
komponist Don Schlitz
produsint Larry Butler
resultaten
ferkocht 798.000 (digitaal, 2013)
hitlisten nû. 1 yn 'e Feriene Steaten
nû. 2 yn Kanada
prizen Grammy Award 1979
sertifisearre Liet Fan Kenny Rogers The Gambler: Skiednis, Tekst, Resultaten Liet Fan Kenny Rogers The Gambler: Skiednis, Tekst, Resultaten (2× platina)
covers Johnny Cash, Blake Shelton e.o.

Skiednis

Don Schlitz skreau The Gambler yn augustus 1976, doe't er 23 jier wie. It liet gie eins oer syn heit, dy't doe koartby stoarn wie. Hy besocht it twa jier lang om 'e noch oan 'e man te bringen yn Nashville, it sintrum fan 'e Amerikaanske countrymuzyk, foar't it úteinlik op oantrúnjen fan Shel Silverstein opnommen waard op it album Bare troch Bobby Bare. Dy ferzje sloech lykwols net oan en waard nea útbrocht as single. Schlitz besocht it doe mar sels, mar syn eigen ferzje kaam net heger as it 65e plak yn 'e Hot Country Singles. Dat soarge der lykwols al foar dat The Gambler opmurken waard troch oare countrymuzikanten. Johnny Cash naam it nûmer yn 1978 op foar syn album Gone Girl. Mar it wie de ferzje fan Kenny Rogers, produsearre troch Larry Butler foar United Artists Records, dy't úteinlik trochbriek as single.

Tekst

Yn The Gambler rekket de ik-persoan by in nachtlike treinrit oan 'e praat mei in âlde gokker. Dyselde kin oan 'e gesichtsútdrukkings fan 'e ik-persoan wol sjen kin dat er mei problemen ompakt, en yn ruil foar in slok fan syn whiskey en in sigaret biedt er oan om him rie te jaan. Dy rie bestiet út pokermetafoaren: "Moatst witte wannear'tst dyn kaarten fêsthâlde moatst, en wannear'tst se delsmite moatst, wannear'tst fuortrinne en wannear'tst drave moatst. Moatst nea dyn jild telle ast noch oan 'e tafel sitst; hast tiid genôch om it te tellen nei ôfrin fan it spul." En: "it geheim fan it oerlibjen is datst witst watst hâlde en watst fuortdwaan moatst, want eltse hân is in winner en eltse hân is in ferliezer, en it bêste dêr'tst op hoopje kinst is om te stjerren yn dyn sliep." As er dat sein hat, drukt de gokker syn sigarettepeuk út en jout er him del. It liet einiget as de ik-persoan fertelt dat de gokker "earne yn it tsjuster […] kyt spile" (d.w.s.: yn syn sliep ferstoar), mar yn syn lêste wurden fûn de ik-persoan in troefkaart om te bewarjen.

Resultaten

Yn 'e ferzje fan Kenny Rogers wie The Gambler wie in trochslaand súkses. Hy berikte it earste plak yn 'e Amerikaanske Hot Country Singles-hitlist, en krong sels de pophitlist Billboard Hot 100 binnen (en helle dêr it 16e plak) yn in tiid dat soks countrylieten frijwol nea slagge. Rogers wûn mei de single in Grammy Award yn 'e kategory bêste manlike country-sang, en in Music City News Award foar single fan it jier.

Om utens berikte The Gambler plak nû. 2 yn 'e Kanadeeske Canada Country Tracks-hitlist fan it tydskrift RPM en plak 8 yn 'e Canada Top Singles-pophitlist, ek fan RPM. Yn Nij-Seelân waard de single sertifisearre as twa kear platina.

The Gambler groeide út ta ien fan 'e populêrste hits fan Kenny Rogers en it liet dat it meast mei him identifisearre wurdt. It stie op in grut tal fan syn sammelalbums en yn 2007 brocht er it liet op 'e nij út as single. Yn novimber 2013 wiene der fan it nûmer 798.000 digitale downloads ferkocht.

Earder ferzjes en covers

  • 1978 – Bobby Bare op it album Bare
  • 1978 – Don Schlitz as single
  • 1978 – Johnny Cash op it album Gone Girl
  • 1981 – Alvin and the Chipmunks op it album Urban Chipmunk
  • 2007 – Blake Shelton op it album Cracker Barrel: Songs of the Year Concert
  • 2010 – Brian Posehn mei Jamey Jasta op it album Fart and Wiener Jokes
  • 2012 – Outlaw op it album Old Friends
  • 2012 – Joey Sontz op it album Chasing the Dream

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

Liet Fan Kenny Rogers The Gambler SkiednisLiet Fan Kenny Rogers The Gambler TekstLiet Fan Kenny Rogers The Gambler ResultatenLiet Fan Kenny Rogers The Gambler Earder ferzjes en coversLiet Fan Kenny Rogers The Gambler Keppelings om utensLiet Fan Kenny Rogers The Gambler1978Album (muzyk)BynammeCountryCover (muzyk)Feriene SteatenGokkenGrammy AwardHit (muzyk)HitlistHot Country SinglesIngelskJohnny CashKenny RogersLietMuzykNij-SeelânNovimberPlatina plaatPriis (ûnderskieding)Sertifikaat fan muzykferkeapSingle (muzyk)SjongerTitel (namme)

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Aeolus Seisbierrum8 febrewarisJustin Slayer1839Hidde BoersmaComité flamand de FranceBenediktus XVIPenisSkiermûntseachOezbekistanNovialHôfdowenMuntsjesylDûbaiKalifornjeAbortedAudree JaymesKatedraal fan Piazza ArmerinaBurj Khalifa19451981Annejoke SmidsTennis8 junyJulie SkyhighJarreOsmaanske RykDampkringMullumMisjonarishâldingJapanFellatioMinskeFacebook3 desimberJade KushTel AvivBad Samaritan (film)Leppeltsje-leppeltsjeEeldeTonger (god)Wreck-It RalphJ. MacArmie FieldNasjonaal parkMia KhalifaJimmy WalesEreksjeAlexa FlexyFrysk hynder1975Pake en beppeVina SkySarah YoungTynaarloLatynRosa CaraccioloRommert de BreeFeriene SteatenSitaatpuzelArwen GoldGina Gerson8 augustusBlierMya NicholeBlaudokeMidden-AmearikaDomtsjerke fan Parma4 april1935CowgirlhâldingFrankrykFeanster FeartEuropean Girls Adult Film DatabaseRegisseur🡆 More