Terry Pratchett

Sir Terry Pratchett (folút Terence David John Pratchett; Beaconsfield, 28 april 1948 - Broad Chalke, 12 maart 2015), wie in Ingelske skriuwer fan fantasy.

Terry Pratchett
Terry Pratchett yn de New York Comic Con, 2012.

Pratchett wie hikke en tein yn Beaconsfield, yn it Ingelske greefskip Buckinghamshire. Syn earste wurk publisearre er doe't er 13 wie, foar de skoalkrante.

Hy waard al sjoernalist doe't er syn middelbere skoalle noch net ôfrûne hie, en makke doe njonken syn baan de skoalle en in stúdzje ôf. Hy bleau oan it wurk as sjoernalist oan 1980. Yn dy tiid skreau er as Uncle Jim, 80 ferhalen foar de Children's Circle, in katern fan de krante. Yn 1968 hie er in fraachpetear mei Peter Bander van Duren, de ko-direkteur fan Colin Smythe Ltd. Pratchett fertelde dat er earder in manuskript skreaun hie foar in berneboek, en yn 1971 waard dat syn earste boek: The Carpet People. Dernei skreau er at er tiid hie út en troch fantasy.

Yn 1980 waard er kommunikaasjemeiwurker foar de Central Elictricity Generating Board, krekt yn de tiid dat kearnenerzjy in minne namme begûn te krijen. Yn 1983 kaam syn The Colour of Magic út. Al rillegau fûn er út dat de skriuwerij no mear jild opbrocht as syn wurk, dat hy waard foltiids skriuwer. Hy hat jierren lang sa'n twa boeken it jier skreaun. Foar in grut part wienen dat ferfolgen fan The Colour of Magic, komyske fantasyboeken oer de optochte wrâld Skiifwrâld (Discworld). Mar hy skreau ek oare boeken, benammen fan it sjenre science fiction, en teffens wurke er oan guon boeken gear mei oare skriuwers.

Yn de jierren 2000 begûn Pratchett ferskynsels te krijen fan Sykte fan Alzheimer. Dêr hat er noch in tal jierren mei libbe, mar stadichoan waard it fysike part fan de oandwaning slimmer. Yn 2015 is er ferstoarn.

Keppelingen om utens

Tags:

12 maart1948201528 aprilBeaconsfield (Ingelân)Fantasy (sjenre)IngelânSir

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Twadde WrâldkriichLjouwert (stêd)PenisInga RidereSavannah Gold1 augustusSjongersJasmine BlackJezus (tradisjoneel-kristlik)EkwadorBad Samaritan (film)Anale seksRôfdierFingerjenVanessa PrideHTMLGeert van TuinenKollumNigeariaNoardfryskRocco SiffrediJarretankGeslachtsmienskipSwierwêzenLexxxi LockhartNeakenfotografyJade KushDomtsjerke fan ParmaEreksjeMaya BijouRoemeensk1980PsychologyNoardhoekskWordleWikipedyJustin SlayerGymnomyza samoensisAld StoutenburchBurj KhalifaFacebookEigenskipswurdSteatsfoarmTonger (god)Lofthaven Skiphol5 augustusFerstjerrenAssen24 julyJulianna VegaUnbreakable (film)Los AngelesHûntsjeshâldingKya TropicGermaanske talenSisca FolkertsmaGuyanaNoarwegenZevenhuizen (Westerkertier)Midden-AmearikaNeakenmodel22 novimberFideospultsjeJacht (aktiviteit)Luna SilverKoreaanskMadagaskarNegev🡆 More