Teatske Alzum

Teatske Alzum (Moarre, 29 oktober 1899 - Dokkum, 13 juny 1962) wie in winkelfrou en Frysktalich skriuwster út Moarre, Dongeradiel.

Libben

Teatske Alzum wenne har hiele libben yn Moarre. Dêr hie hja mei har suster, by wa't se ek ynwenne, in winkeltsje yn harren âlderlik hûs. Yn 't earstoan skreau hja yn it Nederlânsk. Yn de oarlochsjierren (WO II) folge se in kursus Frysk. Oer de skriuwerij yn it Frysk hat Alzum ris sein: 'Wat nuver dat men der mei pielt, net?'

Har boeken ferskynden by de Kristlik Fryske Folksbibleteek (KFFB).

Publikaasjes

Eigen wurk

  • Koarte ferhalen, ûnder oare ferskynd yn it Frysk Deiblêd, Frysk en Frij, De Fleanende Krie en De Stim fan Fryslân.
  • Toanielstikken
  • Diggels, ferhalebondel (1965)
  • Iepen finsters, roman (1963)
  • Boete dwaen, (blomlêzing út Diggels (1978)

Telefyzjespul

  • Boete dwaen (1978). Bewurking fan trije ferhalen foar telefyzje yn opdracht fan de NCRV, rezjy Klaas Rusticus

Oer Teatske Alzum

  • Kate Ashton - Teatske Alzum har wrâld, mei in omstavere werprintinge fan 38 ferhalen (2004)
  • Reportaazje oer Teatske Alzum mei har suster Folkje Alzum en Ate Leegstra yn Moarre by Ljussens. - Ljouwert : Omrop Fryslân, 2009. Hjir:[1] te beharkjen.
  • Koart portret fan Teatske Alzum op de Fryske Jûn, NCRV-telefyzje, 8 novimber 1978.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Ljouwerter Krante - Jacob Noordmans, 1 febrewaris 1964
  • Frysk Deiblêd - Bram Buruma, 19 jannewaris 2004
  • [2] Resinsje fan Iepen finsters Marten ten Hoor, Universiteit fan Alabama

Tags:

Teatske Alzum LibbenTeatske Alzum PublikaasjesTeatske Alzum13 juny1899196229 oktoberDokkumDongeradielFryskMoarreWinkelfrou

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

DinnewrotmûsAgnes TilliFrysktalige WikipedyModel (berop)Jada StevensOperaTransliteraasjeFryske gemeenten21 aprilAhmed AboutalebKompjûterkloftLytse leppelbekEadweard MuybridgeTheunis Piersma (biolooch)1984The FensWrakseljenAfrica SexxHûnHarry Potter en de Stien fan 'e WizenFrysk alfabetList fan Fryske famkesnammenZaya CassidyHôfwrotmûzenGrutte pappegaaidoBlanche BradburryRembrandt van RijnHielal1974George WashingtonWillemsoard (Stienwikerlân)Jelle Hendriks BrouwerIbearyske hazze1508GonzopornografyNederlânSosha DuyskerAulacomysCassandra WildeGrikelânNicole BexleyOomram28 maart2007Abby Lee BrazilJureka del MarBynammeShae SummersResjerzjeWringeleazenPersia MonirPavel DoerovUWrotmûseftigenFlechtleaze fûgelCJ MilesJelle BangmaDuëtFryslânBlaudokeFeriene SteatenJake SteedDouglas C-47 SkytrainHeipealhâldingRae Lil BlackAnno GalamaFRussyskLeafdeTekkel2024Green RiderLytse bearenSarsy (taal)🡆 More