Talmoed

De Talmoed, yn it Hebriuwsk: תַּלְמוּד, Ṯalmūd, wat Underrjocht betsjut, is ien fan 'e wichtichste religieuze teksten fan it rabbinale joadendom, dy't yn dy sin inkeld ûnderdocht foar de Torah.

It is de skriftlike fêstlizzing fan 'e Mûnlinge Torah, besteande út 'e tradisjonele ynterpretaasjes en beklammings fan 'e skreaune Torah dy't iuwenlang fan generaasje op generaasje oerlevere binne ûnder de joadske skriftlearden.

Talmoed
Talmoed
algemiene gegevens
oarspr. titel תַּלְמוּד ("Ṯalmūd")
auteur ferskaat
taal Hebriuwsk en Arameesk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun 2e iuw f.Kr.500 n.Kr.

De Talmoed wurdt ek wol oantsjut as Šas, wat in ôfkoarting is fan šiša sedarīm, dat "seis oarders" betsjut en ferwiist nei de seisfâlde yndieling fan 'e âlde Mûnlinge Torah.

Der besteane twa Talmoeds, dy't parallel gearstald binne yn 'e beide sintra fan joadske leardheid, Jeruzalim en Babyloanje. De Jeruzalimske Talmoed of Ṯalmūd Yěrušalmi stammet út 'e fjirde iuw f.Kr. wylst de Babyloanyske Tamoed of Ṯalmūd Bavli om 500 f.Kr. hinne ûntstien is, hoewol't er oant fier yn 'e hellenistyske tiid bewurke en redigearre waard. As men it oer dé Talmoed hat, wurdt de Babyloanyske Talmoed bedoeld, of it moat oars oanjûn wurde.

De Talmoed is opboud út twa dielen, de Mishnah, de earste skreaune kompilaasje fan 'e mûnlinge wet fan it joadendom, dy't om it jier 200 (n.Kr.) syn hjoeddeiske foarm krige, en de Gemara, in beljochting fan 'e Mishnah en besibbe wurken, dêr't om 500 hinne de lêste hân oan lein waard. De termen Talmoed en Gemara wurde gauris trochinoar brûkt. Mei-inoar besteane de Mishnah en de Gemara út 63 traktaten mei in totale lingte fan mear as 6200 siden.

De Talmoed is skreaun yn it Hebriuwsk en it Arameesk en der binne de mienings fan tûzenen rabbinen yn fêstlein oangeande de religieuze wet, etyk, filosofy, seden en pligen, skiednis, teology, folkswiisheden en in ferskaat oan oare ûnderwerpen. De Talmoed foarmet de basis fan 'e hiele rabbinale wet en wurdt oates en toates oanhelle yn rabbinale literatuer.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.

Tags:

HebriuwskJoadendomMûnlinge TorahOerleveringTorah

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Hardenberg (gemeente)NatuerkundeAmerikaanske dollar2018Flechtleaze fûgelAnita BlondGrutte pappegaaidoFeriene SteatenMount RushmorePornografyske film2006Sotterum (Koarnwert)Italjaansk29 maartDútskKortikosteroïdeLouis PasteurKeatsenLânbouEnsyklopedyFingerjenToskedokterBachelortitelArp HiemstraHeldKoloanjePrêrjewolfMoriah MillsJon VoightKanada1952The BeatlesAnneke DoumaPortegalJ.R. CarringtonEva WiessingLexxxi LockhartSûkerbôlePûn sterling2005Oregon1904IerlânBaaikleanFeriene NaasjesNikola Tesla2016FilmPlysjeIslamismeBill GatesKatee OwenDniproKrêftHeechlearaar2022Milfpornografy2001Scarlett JohanssonEvelyn LinPornoaktrise4 junyDútslânAldfryskNovialHelpJim MorrisonPoëzyBernepornografyFleanboat🡆 More