Susie Walking Bear Yellowtail

Susie Walking Bear Yellowtail (Pryor (Montana), 1903 – yn it Krieë Yndianereservaat (Montana), 1981) wie in Amerikaansk ferpleechster en minskerjochte-aktiviste fan etnysk Yndiaansk komôf.

Hja wie de earste diplomearre ferpleechkundige fan har folk, de Krieën (Crow). Neitiid sette Yellowtail har de rest fan har libben yn foar de boargerrjochten fan 'e Yndianen yn 'e Feriene Steaten.

Susie Walking Bear Yellowtail
persoanlike bysûnderheden
echte namme Susie Walking Bear Yellowtail
nasjonaliteit Susie Walking Bear Yellowtail Amerikaansk
berne 1903
berteplak Pryor (Montana)
stoarn 1981
stjerplak yn it Krieë Reservaat (Montana)
etnisiteit Susie Walking Bear Yellowtail Kriesk
wurkpaad
berop/amt ferpleechster
aktyf as minskerjochte-aktiviste
jierren aktyf 19271981
prizen President's Award for Outstanding
   Nursing Healthcare 1962

Libben en karriêre

Jonkheid en oplieding

Yellowtail waard yn 1903 as Susie Walking Bear berne yn it doarp Pryor, yn it Krieë Yndianereservaat yn 'e Amerikaanske steat Montana. Hja wie in wees dy't opnommen waard yn it gesin fan blanke sindelingen en as bern op in Yndiaanske kostskoalle yn it Krieë Reservaat siet, dêr't hja krekt as de oare learlingen twongen waard om har lânseigen taal en kultuer op te jaan. As it iennichste bern dat it Ingelsk yn 'e macht hie, fungearre se dêr gauris as tolk. Yn har tinerjierren ferliet Yellowtail it Krieë Reservaat lykwols, mei't har pleechâlden doe ferfearen nei Oklahoma. Dêr gie se koarte tiid nei in baptistyske skoalle, foar't har pleechâlden har ynskreaune oan it Northfield Seminaarje yn Massachusetts. Hoewol't har skoaljild dêr foar har betelle waard, moast Yellowtail sels har kost en ynwenning fertsjinje mei wurk as húshâldster en berne-oppas.

Nei't se slagge wie foar har eineksamen, learde Yellowtail fierder oan 'e Boston City Hospital's School of Nursing yn Boston. Yn 1923 slagge se dêr cum laude foar har eineksamen, wêrnei't se har ûnderrjocht foltôge mei in fjouwerjierrige praktykoplieding dy't se begûn yn it Franklin County Public Hospital yn Greenfield. Yn 1927 waard Yellowtail de earste diplomearre ferpleechkundige fan Kriesk komôf en ien fan 'e earste Yndiaanske froulju yn 'e Feriene Steaten dy't it safier brocht hiene.

Aktivisme

Neitiid kearde Yellowtail werom nei it Krieë Reservaat yn súdlik Montana, dêr't se op 27 april 1927 troude mei de Krieske aktivist en -medisynman Thomas Yellowtail (1903-1993). Susie Walking Bear Yellowtail wurke fan 1929 oant 1931 yn it troch de Amerikaanske oerheid runde sikehûs fan it Krieë Reservaat, dêr't se holp om har eigen folk de moderne genêskunde te bringen en opsetlike malversaasjes, lykas it sterilisearjen fan Yndiaanske froulju tsjin harren wil, te beëinigjen. Fan 1931 oant 1960 reizge se as adviseur foar de Yndiaanske Sûnenstsjinst (IHS) by oare reservaten lâns. Wêr't se ek gie, almar kaam se deselde swierrichheden tsjin: grouwélige libbensomstannichheden, tekoartsjittende sûnenssoarch en it ûntbrekken fan lykfol hokker kulturele kennis by it medysk personeel.

Sa lei Yellowtail yn it grutte Navaho Yndianereservaat fan Arizona en Nij-Meksiko gefallen fêst wêrby't sike bern letterlik stoaren op 'e rêch fan harren memmen wylst dy 50 oant 60 km rinne moasten om it neiste sikehûs te berikken. Fierders koe de Yndiaanske âlderein troch it bestean fan in taalbarriêre en in kultuerkleau syn sûnensproblemen net dúdlik meitsje oan 'e behanneljende dokters. Yellowtail krong oan op herfoarmings binnen de IHS, lykas it talitten fan tradisjonele medisynmannen by pasjinten en it oanstellen fan sûnenssoarchfertsjintwurdigers yn 'e ûnderskate wenkearnen fan 'e reservaten. Yn har karriêre wie Yellowtail lid fan in grut tal kommisjes op it mêd fan Yndiaanske sûnenssoarch, sawol op pleatslik, steats- as federaal nivo. Se waard ûnder trije ferskillende Amerikaanske presidinten beneamd ta lid fan 'e Presidinsjele Rie oangeande Yndiaanske Edukaasje en Nutrysje en fan 'e Rie foar Yndiaanske Sûnens fan it Amerikaanske Ministearje fan Sunens, Underwiis en Wolwêzen.

Dêrnjonken wie Yellowtail ek tritich jier lang as froedfrou aktyf yn 'e Delling fan 'e Little Bighorn, yn it Krieë Reservaat, en fierders brocht se mei har man trije (eigen) bern en ferskate pleechbern grut. Behalven foar bettere sûnenssoarch sette Yellowtail har ek o sa yn foar better ûnderwiis foar Yndiaanske bern. Dêrnjonken wie se allegeduerigen yn 't spier om 'e Krieske kultuer út te dragen, wat se û.m. die troch har te bemuoien mei eveneminten lykas de All-American Indian Days en de Miss Indian America-skientmewedstryd, dêr't se sjaperonne by wie foar de dielnimsters. Yn 1962 waard Susie Walking Bear Yellowtail de President's Award for Outstanding Nursing Health Care ("Presidinsjele Priis foar Treflike Ferpleechkundige Sûnenssoarch") takend. Ek waard hja opnommen yn 'e Montana Hall of Fame en hinget har portret yn 'e Gallerij fan Treflike Montanen yn it Steatskapitoal fan Montana yn Helena. Yellowtail ferstoar yn 1981 yn it Krieë Reservaat, yn 'e âlderdom fan 78 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Susie Walking Bear Yellowtail Libben en karriêreSusie Walking Bear Yellowtail19031981Etnyske groepFeriene SteatenFerpleechkundigeFerpleechsterFolkKrieë YndianereservaatKrieën (folk)MinskerjochtenMontanaYndianen

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

De factoEnsyklopedyRuslânTechnykLânbouDelaware18 augustusBitcoinKomôfJapanList fan Belgyske keunstskildersVologda (oblast)HûnYnternasjonaal Systeem fan Ienheden96SpienBûdapest1983MagyNadia KroonSibling1960ApheliumBiskopBernemisbrûkArûbaJ. MacFloaridaTransportList fan ferdivedaasjeparken yn NederlânSneonWebloch200810 desimberLybjeTurkskItaljaanskOflûken (seksualiteit)Krêft1971190424 novimberKortikosteroïdeGoudMoriah MillsSierra BanxxxNASA1995KalifornjeSam WaltonLiterSkrillerFeneesje (stêd)Organisearre misdieKya TropicFingerjenJacht (aktiviteit)Keninkryk Grut-BrittanjeMaya BijouFrysk folkslietISSN2016CJ Miles10 jannewarisGokkenJonkheidFryske talenParys193813 maartNeolitikumHarmony WonderScarlett Johansson1431Sean Lawless🡆 More