Steven De Jong

Steven de Jong (Skarsterbrêge, 26 juny 1962) is in súksesfolle Fryske regisseur en produsint fan (spyl)films.

De Jong folge de "Media Akademy" in Hilfertsom en makke dêrnei namme mei ferfilmingen fan meast Fryske ûnderwerpen. As regisseur makke er sawol jeugdfilms as films foar folwoeksenen.

Steven de Jong
Steven De Jong regisseur en/of produsint
Steven de Jong by de produksje fan Stuk! (2014)
Steven de Jong by de produksje fan Stuk! (2014)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Steven De Jong Nederlânsk
berne 26 juny 1962
berteplak Skarsterbrêge
etnisiteit Steven De Jong Frysk
wurkpaad
wurksum as filmregisseur, filmprodusint, akteur
bekenste
  produksje(s)
De Hel van '63, Snuf de Hond in oorlogstijd, De schippers van de Kameleon, Grutte Pier
jierren aktyf 1985-no
offisjele webside
http://www.stevendejongfilms.nl/
    Steven De Jong Dizze side giet oer de filmregisseur. Foar de skriuwer en dichter, sjoch: Steven H.P. de Jong.
Steven De Jong
Perspresintaasje fan Leve Boerenliefde, fan lofts nei rjochts: Marit van Bohemen, Tatum Dagelet, Waldemar Torenstra, ko, Gerard Joling, Cas Jansen, Steven de Jong (rezjy) en Petra Goedings (produsint)

Biografy

Jonge jierren en start filmkarrière

De Jong is hikke en tein yn Skarsterbrêge. Nei de middelbe reskoalle begûn hy as 18-jierrige in platewinkel op de Jouwer. Dêr kaam letter in cd-winkel op It Hearrenfean by. Lettter folge De Jong de "Media Academie" yn Hilfertsom en makke dêrnei namme mei in soad ferfilmings fan meast Fryske ûnderwerpen. Hy makke yn 1981 syn debút as akteur yn Zeg 'ns Aaa. Hy wurke dêrnei mear as tsjien jier foar de produksjemaatskippijen fan Joop van den Ende en John de Mol, as ûnde mear regisseur en produsint, foar ferskate telefyzjeproduksjes wêrûnder Goede Tijden Slechte Tijden, De Erfenis en Paardenmagazine.

Selsstannich

Yn 1995 sette de Jong in eigen produksjemaatskippij op, Steven Dejong Producties. Hy produsearre, regisearre en skreau it senario foar tsientallen films en telefysyproduksjes, wêrûnder Spijkerhoek, De Hel van ’63, De Scheepsjongens van Bontekoe en Snuf de Hond.

Hy wie dêrnei aktyf as regisseur en as bestjoerder fan syn trije produksjemaatskippijen. Tegearre mei Dick van den Heuvel skriuwt hy faak de senario's. De Jong is ek foarsitter fan de Stichting Frysk Filmfûns.

Prizen

Yn 2000 wûn De Jong de 'Televizierring' foar Westenwind foar syn wurk as regisseur en creative producer. Foar syn rezje- en aktearwurk foar De Fûke krige hy de Stimulânspriis, en ek 2 Gouden Keal-nominaasjes. Mei syn films wûn hy ferskate oare prizen, wêrûnder in platinafilm foar De schippers van de Kameleon, in gouden film foar De Scheepsjongens van Bontekoe, Kameleon 2 en De Hel van '63, en in tal lokale prizen as de Cinekid bêste film foar Penny's Shadow en de titel Best Art & Director op it Bagdad International Film Festival.

Filmografy (as regisseur)

Spylfilms

Telefyzjeriges

Filmografy (as akteur)

  • Snuf de Hond in oorlogstijd - 2008 - Tjerk Verhoef (omke fan Tom)
  • Spijkerhoek - 1990 - 1992
  • De Schippers van de Kameleon - 2003 + heit Klinkhamer
  • Kameleon 2 - 2005 - heit Klinkhamer
  • De scheepsjongens van Bontekoe - 2006 - Klaas Hajo (heit fan Peter)
  • De Kameleon - 2018, heit Klinkhamer

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Steven De Jong BiografySteven De Jong PrizenSteven De Jong Filmografy (as regisseur)Steven De Jong Filmografy (as akteur)Steven De Jong196226 junyFilmregisseurFryslânHilfertsomSkarsterbrêge

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Leilani VegaNeakenensCassidy BanksMaya BijouMichiganToskdoJ.K. RowlingRachel AzianiMårten Eskil Winge1927ManedoWurdfrisselList fan geiterassenSophie Hilbrand2009SwartnoasklapperiikhoarntsjeFeriene SteatenMarianna MadiaKatFiere EastenOrale seks26 augustusCarles PuigdemontTongerblomTruus PostmaSisca FolkertsmaKarnivoarAlbertina SoepboerAmstel (rivier)ÛndersoarteGaya Patal9 maartDownblousePanamaJoy KissCharles Bukowski1 maartGeorges SimenonGemme fan BurmaniaWielenpôleGina GersonLiifmoerJoyce OliveiraNoardfryskHarley RaineJezus (tradisjoneel-kristlik)Keunstriden op de Olympyske Winterspullen 2018Sekshâlding22 novimberPhilippus H. BreukerFideospultsjeWindhoekSana FeyPornografysk aktriseSasha BeartKetsjûa (taal)Trio (seksualiteit)WolverineRunenHylke SpeerstraGrykskBoarstfergruttingLycklama à NijeholtFingerjenBesibskipBlaudokeReinhard Heydrich1993TynaarloMuskusrôt🡆 More