Steatsline F

De Siuwske Line, ek wol Line F of Steatsline F is de neffens de Wet op de Oanlis van Steatsspoarwegen fan 18 augustus 1860 troch de Steat fan de Nederlannen oanleine spoarwei dy't de stêden Flissingen, Middelburch, Goes en Bergen op Soom ferbynt mei Roosendaal.

Steatslin F
Roosendaal - Flissingen
Steatsline F op de kaart
Totale lingte74,4 km
Oanlein trochSteat fan de Nederlannen
Iepene
Roosendaal - B. op Soom: 23 desimber 1863
Bergen op Soom - Goes: 1 july 1868
Goes - Middelburch: 1 maart 1872
Middelburch - Flissingen: 1 novimber 1873
hjoeddeistige statusYn gebrûk
Elektrifisearre1957
Tal spoaren2
Baanfakfaasje140 km/o
Befeiliging of treinbeynfloedingATB EG
Treintsjinst trochNS
Traject
dSTR spoar fan Lage Zwaluwe
Steatsline FvSTR spoar fan Breda
v-KBSTavÜST wurkplak NS
dENDEavÜSTrdSTR Borchwerf Noard
vSTR-DSTvBHF 0,0 Roosendaal
v-SHI2g+rvÜSTr
dv-SHI2g+rdSTR
Steatsline FvÜSTl
Steatsline FvSTR-STRl spoar nei Antwerpen Sintraal
dSKRZ-Au A58E312
dSKRZ-Au A58E312
deBHF 6,6 Wouw
dSKRZ-Au A4
Steatsline FABZg+ldKBSTeq Philip Morris
v-SHI2gr
exdSHI2+lredSHI2grvSTR- Stamline Bergen op Soom 1900-1972
exdBSTvBHFd 12,5 Bergen op Soom
exdSHI2lredSHI2g+rvSTR- Stamline Bergen op Soom 1885-1987
evÜSTl
exdKBSTedSTR Jansen Wagonbouw
demKRZu tramwei Tholen - Antwerpen opbr.
deABZgr Stamline Bergen op Soom 1987-2008
dSTRo N289 (Reimerswaalweg)
deBHF 18,4 Woensdrecht
dSTR+GRZq grins
Noard-Brabân - Seelân
dhKRZWae Spoarbrêge
Skelde-Rijnkanaal
dhKRZWae Spoarbrêge oer it Spuikanaal Bath
dBHF 28,2 Rilland-Bath
dBUE N289 (Oude Rijksweg)
dBHF 31,5 Krabbendijke
deHST Oostdijk
dSTR+GRZq kûpuere Oostdijk
dBHF 38,2 Kruiningen-Yerseke
dBUE N573 (Zanddijk)
Steatsline FevSHI2gl- tracé oant 1992
dSteatsline FvSTR-exHSTuexdKHSTa 40,3 Vlake
dSteatsline FxvSTRuexdSTRl tramwei nei fearhaven Hansweert opbr.
Steatsline FdWBRÜCKEexdWBRÜCKE Vlakebrêge oer it Kanaal troch Súd-Bevelân
Steatsline FevSHI2g+l- tracé oant 1992
dBHF 44,1 Kapelle-Biezelinge
dSBRÜCKE N289 (Fiaduktwei)
uexdSTR+rdSTR tramwei fan Wemeldinge opbr.
uexdHSTdSTR Kloetinge Postweg
duexdSHI2gldSHI2gl+xrdSHI2+r
duexdBHFvBHF-DST 49,2 Goes
Steatsline F
uexv-STR + v-SHI2+l
Steatsline F
xmvSTR + vSHI2r
dvENDExe-STRudENDExa
exv-STRdSHI2gludSHI2gl+r tramwei Goes - Hoedekenskerke - Goes
devSTRudKBSTe remise SGB
Steatsline F
Steatsline F
Stamline Goes opbr.
uemvSKRZ-Au A256
uexdHSTdSTR 's-Heer Hendrikskinderen
uexdSTRrdSTR tramwei nei Wpd Veer opbr.
deABZgl Alde Sloeline
deBHF 54,3 's-Heer Arendskerke
deHST 59,0 Lewedorp
dABZgl Nije Sloeline
dBHF 64,5 Arnemuiden
dWBRÜCKE1 Spoarbrêge Arnemuiden
Arne
exdKBSTaqeABZg+r yndustryterrein Arnestein opbr.
dSKRZ-Ao N57 (Havenpoortweg)
dBHF 68,3 Middelburch
deHST 71,0 Oost Souburg
dBHF 72,0 Flissingen Souburg
dBUE N288 (Sloeweg)
exdKBHFaqeABZgr 73,7 Flissingen Stêd
deABZgr nei skipswerf De Skelde opbr.
uexdSTRquexdSTR+rvSTR- tramwei fan Koudekerke
uexvSTR+r-STRvSTR- tramwei fan Middelburch
uexdKHSTeuexdKHSTedKBHFed 74,4 Flissingen
exBOOT Feartsjinst op Ingelân oant 1939

De spoarline koe oanlein wurde nei de oanlis fan de Sloedaam en de Kreekrakdaam, wêrmei't de eilannen Walcheren en Súd-Bevelân in ferbining oer lân krigen mei de rest fan Nederlân. De line telt twa grutte spoarbrêgen: Ien oer it Kanaal troch Súd-Bevelân en ien oer it Skelde-Rynkanaal. Lêstneamde farferbining waard goed 100 jier nei de spoarferbining iepene.

Skiednis

It earste part, Roosendaal - Bergen op Soom, waard iepene op 23 desimber 1863 en wie de tredde spoarline dy’t troch de Steatsspoarwegen yn har earste jier fan bestean yn eksploitaasje nommen waard. In lytse fiif jier letter op 1 july 1868, waard de line ferlinge oant Goes en tusken 1 maart 1872 en 1 septimber 1873 waard yn trije etappen it einpunt Flissingen berikt.

De spoarline waard yn fjouwer fazen iepene:

Datum Traject Tuskenstasjons
23 desimber 1863 Roosendaal - Bergen op Soom
1 july 1868 Bergen op Soom - Goes Rilland-Bath, Krabbendijke, Kruiningen-Yerseke,
Kapelle-Biezelinge
1 maart 1872 Goes - Middelburch Arnemuiden
1 novimber 1873 Middelburch - Flissingen Flissingen Souburg

Yn Flissingen bestie oansluting op de feartsjinst nei Ingelân, eksploitearre troch de Stoomvaart Maatschappij Zeeland. Dizze feartsjinst waard oprjochte nei oanlieding fan de oanlis fan de spoarline. De Siuwske line wie dêrmei in wichtige skeakel yn de rapste ferbining tusken Berlyn en Londen. Benammen yn de perioade oant de Earste Wrâldkriich rieden streekrjochte boattreinen tusken Flissingen en Berlyn. Ferskate foarsten en diplomaten makken fanwegen it komfort gebrûk fan dizze treinen. Yn it stasjonsgebou fan Flissingen wie om dy reden sels in keninklike wachtkeamer oanwêzich. Nei de Earste Wrâldkriich kaam de klam mear op it toeristeferfier te lizzen. Mar yn 1939 al foar de Twadde Wrâldkriich waard de feartsjinst fanwegen kriichsdriging staakt. Nei de Twadde Wrâldkriich waarden de wichtichste fearferbiningen mei Ingelân nei Hoek fan Hollân ferpleatst en ferdwûnen de boattreinen definityf út Flissingen.

By de Wettersneed fan 1953 kaam in part fan de Siuwske line ûnder wetter te stean. Tichtby Kruiningen wie in stik spoarline dêr 't allinnich by leechwetter treinen ride koene. Steatsline F waard yn 1956 folslein elektrifisearre.

Stasjonsgebouwen

Krekt as lâns de oare spoarlinen út de earste perioade fan de earste steatsoanlis, ferskine ek lâns Steatsline F Standertstasjons fan de Steatsspoarwegen. Stasjon Vlissingen Souburg is it iennige stasjon oan dizze spoarline dat net by of flak nei de iepening fan it trajekt yn gebrûk naam is. Stasjon Flissingen Souburg waard iepene yn 1986. Yn de begjin jierren hie Flissingen ek twa stasjons, Flissingen Haven it hjoeddeistige stasjon Flissingen en Flissingen Stêd dat al yn 1894 sletten waard. Ek foar in tal lytsere stasjons, wêrûnder dy fan 's-Heer Arendskerke, Wouw en Woensdrecht, foel yn de rin fan de jierren it doek. Fan de oarspronklike stasjonsgebouwen binne der oan Steatsline F in tal gebouwen bewarre bleaun. De gebouwen fan Stasjon Middelburch, Arnemuiden, Kapelle-Biezelinge, Kruiningen-Yerseke en Krabbendijke stammen út it jier fan iepening, hoewol't oan dizze stasjonsgebouwen ferskate lytse en grutte ferbouwings plak hân ha.

Stasjon Type gebou Opmerkingen
Steatsline F  Roosendaal Unyk ûntwerp 1e stasjonsgebou yn 1905 ôfbrutsen en ferfongen troch in unyk ûntwerp fan arsjitekt G.W. van Heukelom. 2e stasjonsgebou yn 1949 diels ôfbrutsen troch kriichsskea en ferfongen troch in unyk ûntwerp fan S. van Ravesteyn.
Wouw type SS fiifde klasse gebou ôfbrutsen yn 1961, stasjon sletten yn 1938.
Bergen op Soom Unyk ûntwerp Yn 1971 ôfbrutsen en ferfongen troch in unyk ûntwerp fan arsjitekt C. Douma.
Woensdrecht type SS fiifde klasse gebou ferlern gien yn de twadde wrâldkriich, stasjon sletten yn 1938.
Rilland-Bath Lyts gebouke 1e stasjonsgebou ein 1945 troch brân ferlern gien, en yn 1952 ferfongen in unyk ûntwerp fan fan S. van Ravesteyn. 2e stasjonsgebou yn 2006 ôfbrutsen.
Steatsline F  Krabbendijke type SS fiifde klasse
Oostdijk Gjin Stasjon sletten
Steatsline F  Kruiningen-Yerseke type SS fiifde klasse Stasjonsgebou is yn gebrûk as kantoar.
Vlake Gjin Stasjon sletten yn 1933.
Steatsline F  Kapelle-Biezelinge type SS fiifde klasse
Steatsline F  Goes type SS fjirde klasse Yn 1980 ôfbrutsen en yn 1982 ferfongen troch in unyk ûntwerp fan arsjitekt K. van der Gaast.
's-Heer Arendskerke type SS fiifde klasse gebou ôfbrutsen yn 1963, stasjon sletten yn 1938.
Lewedorp Lyts gebouke 1e gebou yn 1916 ferfongen en ôfbrutsen/ferlern gien yn 1940, 2e stasjonsgebou yn 1965 ôfbrutsen. Stasjon sletten yn 1938.
Arnemuiden type SS fjirde klasse Wizige útfiering
Steatsline F  Middelburch type SS tredde klasse
Oost Souburg Lyts gebouke gebou ôfbrutsen yn 1954, stasjon sletten yn 1945.
Flissingen Souburg standerttype foarstêdshalte gebou ôfbrutsen yn 2007.
Steatsline F  Flissingen Stêd krompen ferzje fan type SS tredde klasse Gebou ferlern gien yn de twadde Wrâldkriich, stasjon sletten yn 1894.
Flissingen laach en lang stasjonsgebou 1e stasjonsgebou yn 1892 ôfbrutsen en ferfongen troch in unyk ûntwerp fan arsjitekt D.H. Haverkamp. 2e stasjonsgebou yn 1944 ferlern gien yn de twadde Wrâldkriich en yn 1950 ferfongen troch in unyk ûntwerp fan S. van Ravesteyn.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:


Steatsline F 
Steatslinen
Steatsline F 

Steatsline A (Arnhim - Ljouwert) | Steatsline B (Harns Haven - Bad Nijeskâns) | Steatsline C (Meppel - Grins) | Steatsline D (Sutfen - Glanerbrug) | Steatsline E (Breda - Maastricht) | Steatsline F (Roosendaal - Flissingen) | Steatsline G (Venlo - Kaldenkirchen) | Steatsline H (Utert Sintraal - Boxtel) | Steatsline I (Breda - Rotterdam DP/Sintraal) | Steatsline K (De Helder - Amsterdam Sintraal)

wizigje

Tags:

Steatsline F SkiednisSteatsline F StasjonsgebouwenSteatsline F Sjoch ekSteatsline F18 augustus1860Bergen op SoomFlissingen (stêd)Goes (stêd)Middelburch (stêd)NederlânSteat fan de NederlannenSúd-BevelânWalcheren

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Elizabeth II fan it Feriene KeninkrykPierre WoodmanHeather LeeTsjechyskCarles PuigdemontGonny GaakeerGemme fan BurmaniaSyrus de GrutteDe Holder (bernetydskrift)Bruorren GrimmWaaierdoFan 'e Fisker en Syn Frou1939SearjemoardnerKrúswurdpuzelLjouwert (stêd)Knooppunt Werpsterhoeke1930-er jierrenTimmy TurnerRasismeScheepmakers kroandoAlgemien direkteurMegan Vaughn1239Cassidy BanksRae Lil BlackGuineeMia Khalifa Is Cumming for DinnerBarcelonaNij-GuineäMinskeFryslânNew York (stêd)Angelsaksyske AmerikanenMoriah MillsHTMLVanessa SkyFlaggeToplessTristan da Cunha (ûntdekkingsreizger)RuslânAutowegenDe Silveren RinkelbelTurkmenistanList mei offisjele wetternammen yn FryslânEmiraat Dûbai10 jannewarisGeologyFriesSasha GreyWurdljedderPristinaHawaïDemia MoorThe Four Horsemen (liet)GenêskundeServjeOflûken (seksualiteit)Spiraal (wiskunde)SúdhornFêreuskStjerknooppuntWikipedyLuna RivalAlyssa DivineKanadaPornhubAbbey BrooksAnale seks🡆 More