Stasjon Houten Castellum

Stasjon Houten Castellum (Htnc) is in spoarweistasjon yn doarp Houten en waard iepene yn 2001.

De namme komt fan de lizzing yn Castellum (neamd nei in Romeinsk fort), in wenwyk mei winkelsintrum fan de Vinex-locatie Houten-Zuid. It definitive stasjon Houten Castellum hat, lykas stasjon Houten, in eilânperron tusken de middelste twa spoaren, ûntsletten troch in tunnel ûnder it spoar. Dizze tunnel foarmet in belangrike fytsferbining tusken de westlike en eastlike helte fan Houten-Súd en is ek tagongswei foar de parkeargaraazje ûnder winkelsintrum Castellum út it easten wei. Kwa situearring en funksjonele opset hat it gebiet dêrmei (op 'e tagongsdyk nei de ûndergrûnske parkeargaraazje nei) oerienkomsten mei it gebiet by it haadstasjon fan Houten, sij it yn in mear beskieden foarm.

Stasjon Houten Castellum
station Houten Castellum
Stasjon Houten Castellum
Stasjon Houten Castellum yn 2013
Stasjon Houten Castellum yn 2013
lokaasje
lân Stasjon Houten Castellum Nederlân
Provinsje Stasjon Houten Castellum Utert
Gemeente Stasjon Houten Castellum Houten
plak Houten
adres Forum 154
arsjitektuer
stasjonskoade Htnc
type Trochgongsstasjon
iepening 8 jannewaris 2001
oare ynformaasje
perrons 1
perronspoaren 2
spoarline Steatsline H
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Houten Castellum (Houten)
Stasjon Houten Castellum

Skiednis

Om Houten-Súd goed berikber te meitsjen, waard yn it sintrum fan de wyk it treinstasjon Houten Castellum pland lâns de Steatsline H (Utert-Sintraal - Boxtel. Om't in ekstra stop mei de stoptrein op dit drokke baanfak op dat stuit net yn te passen wie, waard besletten op in tramspoar, eastlik fan de besteande spoaren oan te lizzen, en in tram ride te litten tusken de twa Houtenske stasjons (sjoch Tramwei Houten - Houten Castellum). Dit ekstra spoar wie te sjen as in foarskot op de oansteande spoarferdûbeling, en wie mei 1,9 km it koartste baanfak yn Nederlân. It tydlike stasjon waard iepene yn 2001. Om it perron ek fan de westkant fan it spoar ôf berikber te meitsjen, waard der in fuotgongersbrêge oer it spoar boud. Opfallend detail wie dat it stasjon fanwegen problemen mei oankeap fan de grûn op partikulier terrein stie.

Troch de spoarferdûbeling op de hichte fan Houten waard it mooglik om de stoptreinen stopje te litten yn Castellum, wêrtroch't in de tramline net mear nedich wie. De wurksumheden wiene úteinset yn jannewaris 2007 en begjin 2008 waarden de earste dielen nij spoar oanlein. Ein 2008 wie de wurksumheden sa fier dat it tredde spoar net mear beskikber wie foar de tramwei. De tramwei waard dêrom op 13 desimber 2008 stopte. De spoarferdûbeling sels en it ferboude stasjon Houten binne op 15 novimber 2010 yn gebrûk nommen, op 12 desimber 2010 waard it nije stasjon Houten Castellum yn gebrûk naam.

Treinferbinings

Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
6000 Sprinter (NS) Utert-SintraalHouten CastellumGeldermalsen De Bosk
6900 Sprinter (NS) De Haach Sintraal – Gouda – Utert-SintraalHouten CastellumGeldermalsen – Tiel

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

2001Houten

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Mia LiPornoakteur1939TechnykDouglas DC-3RuslânKeninkryk Grut-BrittanjeList fan Belgyske keunstskilders30 novimberTelefoanÛndersoarteMaasSake P. RoodbergenRomantyk (leafde)Ruri SaijoJeropeeske UnyAustraalje (lân)1946Sean LawlessFeriene KeninkrykDeastrafTouKrusing (fuortplanting)Aafke BijlsmaKartaachske RykMasturbaasjeAnita BlondSeksNadia KroonOrkest2007Holon (plak)FryskEastseeBruto Ynlânsk ProduktSlavernijSybren fan RoptaWrâldkampioenskip fuotbalPornoaktriseBeauty Dior1996KaliningradYby PotlatchNeakenfotografyMichelle TuckerBalletMontanaGNU/FDLLoftmacht1975Ynterfryske Flagge2020NijverdalStar WarsSjapoer ILannen en territoariaRocco SiffrediFrankfurt am MainHearlikheid FryslânIslamisme4 junyHeather LeeThe BeatlesIranOpera (browser)Sotterum (Koarnwert)StockholmSan FranciscoRaerd🡆 More