Stasjon Eindhoven Sintraal

Stasjon Eindhoven Sintraal (Ehv) is it wichtichste spoarweistasjon yn de Nederlânske stêd Eindhoven yn de provinsje Noard-Brabân.

En waard iepene yn 1866 oan de Steatsline E (Breda - Maastricht). Op 15 desimber 2019 krige it stasjon Eindhoven offisjeel de tafoeging "Sintraal" yn de namme.

Stasjon Eindhoven Sintraal
station Eindhoven Centraal
Stasjon Eindhoven Sintraal
Stasjon Eindhoven yn 2006
Stasjon Eindhoven yn 2006
lokaasje
lân Stasjon Eindhoven Sintraal Nederlân
Provinsje Stasjon Eindhoven Sintraal Noard-Brabân
Gemeente Stasjon Eindhoven Sintraal Eindhoven
plak Eindhoven
adres Kennedyplein 202
arsjitektuer
stasjonskoade Ehv
iepening 1 july 1866
boujier 1864 1e stasjonsgebou
1913 2e stasjonsgebou
1956 3e stasjonsgebou
sloopjier 1912 1e stasjonsgebou
1956 2e stasjonsgebou
arsjitekt 1864
Karel Hendrik van Brederode
1e stasjonsgebou
1913
G.W. van Heukelom
2e stasjonsgebou
1956
K. van der Gaast
3e stasjonsgebou
monumintale status Ryksmonumint
monumintnûmer 530936
oare ynformaasje
perrons 3
perronspoaren 6
spoarline Steatsline E
Spoar fan Eindhoven nei Weert
Spoar fan Winterslag nei Eindhoven
65.468 (2018)
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Eindhoven Sintraal (Eindhoven-Sintrum)
Stasjon Eindhoven Sintraal

Gebou

Stasjon Eindhoven Sintraal 
2e stasjonsgebou stasjon Eindhoven yn 1915

It oarspronklike spoarweistasjon fan Eindhoven wie in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type SS Tredde Klasse, boud yn de jierren sechtich fan de 19e iuw, en wie ien fan de njoggen stasjons dy 't ea yn dizze klasse boud wie. It gebou wie ûntwurpen troch de arsjitekt Karel Hendrik van Brederode en waard ôfbrutsen yn 1912. Eindhoven wie yn dizze jierren tige wichtich foar it frachtferfier (stienkoal). It âlde, yn 1866 boude stasjon, foldie dêrtroch net mear, sadat oant de bou fan in grutter kompleks besletten waard. Der is dêrnei in twadde stasjon boud, dat útfierd wie yn strakke linen en in sober uterlik hie. By de bou dêrfan waard gebrûk makke fan de fûneminten fan it âlde stasjonsgebou. It haadgebou wie troch middel fan in tunnel mei de perrons ferbûn.

Yn 1956 is ek dit stasjonsgebou sloopt nei't de spoaren sa'n 150 meter nei it noarden ferlein wiene, allinne de tunnel nei de perrons bleau bestean. It hjoeddeiske stasjonsgebou waard boud yn 1956 nei in ûntwerp fan arsjitekt Koen van der Gaast. Yn syn funksjonalistyske fyzje moast it stasjon in opfallend plak ynnimme. Net de minsklike maat, mar de stedske romte joech de trochslach by de maatfiering. Ek mocht yn syn fyzje it stasjon gjin ferbliuwsfunksje hawwe, it wie inkeld bedoeld as trochgongsromte: it oerstappen fan it iene ferfiermiddel op it oare. Yn 1991 krige stasjon Eindhoven in twadde, ekstra, stasjonsgebou oan de noardkant.

Mei yngong fan 1 jannewaris 2008 krige it stasjon, mei noch sa'n hûndert oare bouwurken út de perioade fan de weropbou, de status fan Ryksmonumint. It dak boppe de perrons wurdt op syn plak holden troch ûnderdielen fan in baileybrêge út de Twadde Wrâldkriich. Tusken 2013 en 2018 waard it stasjon yngreven fernijd. Yn 2013 waard úteinset mei de bou fan in nije stasjonstunnel en tagelyk waarden der roltreppen yn beide rjochtingen en liften ynstallearre om de tagonklikens fan it stasjon foar reizgers mei in rolstoel te ferbetterjen. De nije stasjonstunnel waard ein 2016 folslein iepene. Yn maart 2018 waard it folsleine projekt mei in fernijde hal oan de noardkant en in folsleine renovaasje fan it monumintale stasjonsgebou fan Koen van der Gaast, ynklusyf stasjonshal en restauraasje, ôfrûne.

Treinferbinings

Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
800 Intercity (NS) MaastrichtSittardRoermond – Weert – Eindhoven SintraalDe BoskUtert SintraalAmsterdam SintraalAlkmarDe Helder Rydt net jûns, wol op sneintejûn. Rydt allinnich yn de spits twa ritten fan en nei De Helder yn de spitsrjochting. Ryd yn it wykein inkeld tusken Maastricht en Amsterdam Sintraal en werom. Wurdt yn de jûnsoeren tusken Maastricht en Amsterdam Sintraal ferfongen troch de searje 2900.
1100 Intercity (NS) De Haach SintraalDe Haach HSDelfRotterdam SintraalBredaTilburchEindhoven Sintraal
2900 Intercity (NS) Inkhuzen – Hoarn – Amsterdam SintraalUtert SintraalDe BoskEindhoven Sintraal – Weert – RoermondSittardMaastricht Rydt allinne yn 'e iere moarn en yn 'e jûnsoeren.
3500 Intercity (NS) Skiphol Airport – Utert SintraalDe BoskEindhoven SintraalHelmondVenlo Wurdt yn de jûnsoeren en sneins ferfongen troch searje 3700.
3700 Intercity (NS) DoardtRotterdam SintraalSkiedam SintrumDelftDe Haach HSLeien Sintraal – Skiphol Airport – Amsterdam Súd – Utert-SintraalDe BoskEindhoven SintraalHelmondVenlo Rydt allinnich jûns en sneins. Rydt op wykdagen yn de betide jûn ien rit fan Venlo ôf nei Rotterdam Sintraal en twa ritten fan Dordrecht nei Venlo, de rest fan de ritten op wykdagen ride allinnich tusken Schiphol Airport en Venlo oer.
3900 Intercity (NS) Inkhuzen – Hoarn – Amsterdam SintraalUtert SintraalDe BoskEindhoven Sintraal – Weert – RoermondSittard – Heerlen Rydt op freed o/m snein oant 18:00 oere net tusken Amsterdam Sintraal en Heerlen. Tusken Eindhoven Sintraal en Heerlen rydt dan de 13900. Wurdt yn de jûnsoeren ferfongen troch searje 2900.
13500 Intercity (NS) Eindhoven SintraalHelmondVenlo Rydt allinnich moarns betiid en jûns let as treinsearje 3500 net rydt.
13900 Intercity (NS) Eindhoven Sintraal – Weert – RoermondSittard – Heerlen
21400 Intercity (NS) SintraalTilburchEindhoven SintraalUtert Sintraal Alinne freedtenachts
4400 Sprinter (NS) Oss – De BoskEindhoven SintraalHelmondDeurne Wurdt op woansdei - en tongersdeitejûn nei 23:00 oere fan Eindhoven Sintraal nei Deurne ferfongen troch sprinter 14400.
6400 Sprinter (NS) Tilburch UniversiteitTilburchEindhoven Sintraal – Weert Jûns en yn it wykein wurdt der 1 x / oere riden op it hiele trajekt.
14400 Sprinter (NS) Eindhoven SintraalHelmondDeurne Rydt allinnich op woansdei - en tongersdeitejûn nei 23:00 as ferfanging fan sprinter 4400 en allinnich rjochting Deurne.
16400 Sprinter (NS) Eindhoven Sintraal – Weert Ien rit op tongersdei - en sneintejûn yn de rjochting fan Weert (yn stee fan sprinter 6400).
32700 Nachttrein (Arriva) MaastrichtSittardRoermond – Weert – Eindhoven SintraalDe BoskUtert Sintraal – Skiphol Airport Alinne freedtenachts

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

15 desimber2019EindhovenNoard-BrabânStasjon BredaStasjon MaastrichtSteatsline E

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Noardhoeksk2010-er jierrenNoard-AmearikaYnternetSimone WestJureka del MarWesterlauwerske FriezenAld SelskipFiere EastenSkiednisHinRain ManLetter1907J.R. CarringtonMegan VaughnFellatioSjongers1981Vina SkyAssenFrans Julius Johan van Eysinga (1818-1901)Sisca FolkertsmaBoarstferlytsingKeninkryk FryslânDyami MillarsonJustin SlayerAnale seksMoskeftigenSwartnoasklapperiikhoarntsjeWindhoekCarles PuigdemontKarnivoarMary Dresselhuys20e iuwJarreHistoaryskDampkring1927MediaWikiAmerikaansk fuotbalGrutte OseaanIan KershawFuotbalMinskeKetsjûa (taal)15 aprilUnbreakable (film)Grutte Heitelânske Kriich176922 novimberNoardfryskPolitykManedoAnne Tjerk PopkemaMuseum MartenaBang BrosSieds Johannes RienksSeptember ReignBlaudokeMidsiuwenOarloch1482ToskdoKroaasjeFeanster FeartSêfte pornografy🡆 More