Stasjon Duivendrecht (Dvd) is in spoarstasjon yn it Nederlânske doarp Duivendrecht, yn de gemeente Alder-Amstel yn de provinsje Noard-Hollân.
It waard iepene yn 1993 oan de Rhijnspoarwei (Amsterdam Sintraal - Elten).
Stasjon Duivendrecht station Duivendrecht | ||
Stasjon Duivendrecht yn 2020 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Noard-Hollân | |
Gemeente | Alder-Amstel | |
plak | Duivendrecht | |
adres | Stationsplein 1d | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Dvd | |
iepening | 23 maaie 1993 | |
boujier | 1993 | |
arsjitekt | Peter Kilsdonk | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 3 | |
perronspoaren | 4 | |
spoarline | Rhijnspoarwei Skipholline | |
metroline | 50 54 | |
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
It waard yn gebrûk naam op 23 maaie 1993. It stasjonsgebou is in ûntwerp fan arsjitekt Peter Kilsdonk. It stasjon, in oerstapstasjon, is boud op in krúspunt fan spoarwegen. It gebou hat ferskate etaazjes. Op de boppeste etaazje binne perrons foar treinen en de Amsterdamske metro. Ien ferdjipping leger is de stasjonshal mei loketten en ferskate winkels en dêrr ek wer in tal perrons foar treinen. De yngong fan it stasjon is op de ûnderste etaazje.
Searje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
1600 | Intercity (NS) | Skiphol Airport – Amsterdam Súd – Duivendrecht – Hilfertsom – Amersfoart Sintraal – Apeldoarn – Dimter – Almelo – Hengelo – Ynskedee | In healoeretsjinst |
11600 | Intercity (NS) | Skiphol Airport – Amsterdam Súd – Duivendrecht – Hilfertsom – Amersfoart Sintraal – Amersfoart Schothorst | Foarmet tusken Skiphol Airport en Amersfoart Sintraal in healoeretsjinst mei searje 1600. Foarmet tusken Amersfoart Sintraal en Amersfoart Schothorst in healoeretsjinst mei searje 11700. |
2400 | Intercity (NS) | Lelystêd Sintrum – Almeare Bûten – Almeare Sintrum – Duivendrecht – Amsterdam Súd – Skiphol Airport – Leien Sintraal – De Haach HS – Delft – Skiedam Sintrum – Rotterdam Sintraal – Doardt | |
4000 | Sprinter (NS) | Uitgeest – Saandam – Amsterdam Sintraal – Duivendrecht – Breukelen – Woerden – Gouda – Rotterdam Sintraal | |
4300 | Sprinter (NS) | Hoofddorp – Skiphol Airport – Amsterdam Súd – Duivendrecht – Weesp – Almeare Sintrum – Almeare Bûten – Almeare Oostvaarders | |
7400 | Sprinter (NS) | Uitgeest – Saandam – Amsterdam Sintraal – Duivendrecht – Breukelen – Utert Sintraal – Driebergen-Zeist |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Stasjon Duivendrecht, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.