Skipfeart Kaptein

In kaptein is in seeman dy't oan board fan syn skip de heechstpleatste persoan is, en sadwaande as gesachfierder fungearret.

Op lytsere boaten, benammen yn 'e binnenfeart, sprekt men ynstee ek wol fan skipper. De term 'kaptein' komt fan it Grykske wurd κατεπάνω, katepánō, dat letterlik "heechstpleatste" betsjut, en dat in rang wie yn it leger fan it Byzantynske Ryk. In kaptein is de einferantwurdlike foar alles dat op in skip bart. Hy fiert it befel oer de oare opfarrenden (de bemanning) en leit rekkenskip ôf oan 'e rederij en by de autoriteiten. Ek kin it foarkomme dat de kaptein de eigner fan it skip is; yn dat gefal is der dus gjin sprake fan in rederij.

Skipfeart Kaptein
In kaptein.

Om't 'kaptein' in rang is en 'gesachfierder' in funksje, binne dy beide termen net synonym. As de kaptein bygelyks siik is of as er fan board giet wylst it skip yn 'e haven leit, dan draacht er it gesach oer oan 'e twadde yn rang, de earste stjoerman. De term 'kaptein' wurdt benammen brûkt by de skipfeart op see. By skippen yn 'e binnenfeart sprekt men ornaris fan skipper, al wurdt ek dêr, begelyks op passazjiersskippen, wol fan in kaptein sprutsen. As der yn 'e binnenfeart sprake is fan kontinufeart, sille der ferskate skippers of kapteins oan board wêze, wêrfan't op elts beskaat stuit mar ien de gesachfierder is. Op seeskippen is der normaal sprutsen mar ien kaptein, dy't by rêst ferfongen wurdt troch de earste of twadde stjoerman.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Tags:

BemanningBinnenfeartBoatByzantynske RykGrykskRederijSeemanSkip

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Luna SilverFryske talenMuseum MartenaEastenryk4 novimberMinskeWordleTechnologyJewels JadeList fan Fryske jongesnammen9 maartGrutte Priis Formule 1 fan Bachrein 2004SkiermûntseachSlach om BerlynDoede VeemanSkamte (anatomy)NijsKarnivoarNatoerSean Lawless24 julyPornofilm2001SkiednisAchille DevériaKatee OwenMisjonarishâldingMartin Luther KingTynaarloDelotta BrownMadagaskarTwitterBang BrosNoardhoekskWikipedyPearsGoudMidden-AmearikaHynstekrêft8 desimberHôfdowenKrúswurdpuzelMoriah MillsPersoanlike kompjûterOflûken (seksualiteit)Philippus H. BreukerRunenEastfryslânIngelumFellatioHûnSitaatpuzelOentsjerkGrutte Priis Formule 1 fan Brazylje 2007LatynDemokratyske Republyk KongoFryske gemeentenYslânLexi DiamondGina GersonYndoneezjeTiidsôneAlbertina SoepboerKoreaanskIngeborg Uyt den BoogaardAld SelskipPlestikNeakenfotografyJeropa🡆 More