Sintraal-Jeropa

Sintraal-Jeropa of Midden-Jeropa is it gebiet dat tusken East-Jeropa en West-Jeropa yn leit en de midden fan it Jerpeeske kontinint beslacht.

Wêr't krekt de grinzen fan dit gebiet lizze, is dizenich, mei't der in hiel soad ferskillende definysjes fan besteane. Wat neffens ien definysje ta Sintraal-Jeropa heart, kin yn in oarenien wol ta East-, West-, Noard-, Súd- of Súdeast-Jeropa rekkene wurde. It ferskil yn definysjes wurd feroarsake troch wêr't men sa'n definysje op basearret, en dêrby kin it gean om geografyske, histoaryske, polityk-steatkundige, kulturele of etnyske omtinkens. Lang hat de term 'Sintraal-Jeropa' grutdiels yn ûnbrûk west om't it wrâlddiel yn 'e tiid fan 'e Kâlde Oarloch by it Izeren Gerdyn lâns opdield wie yn in westlik en in eastlik part, wêrby't Sintraal-Jeropa midstwa snien waard.

Sintraal-Jeropa
De lannen dy't meastentiids ta Sintraal-Jeropa rekkene wurde.

Gongberste definysje

Yn 'e gongberste definysje bestiet Sintraal-Jeropa út 'e Alpenlannen oanfolle mei de saneamde Visegrádgroep:

Utsein Lychtenstein en Switerslân binne alle lannen fan Sintraal-Jeropa lidsteaten fan de Jeropeeske Uny.

Oare definysjes

By oare definysjes wurde ornaris gebieten oan 'e boppeneamde omskriuwing fan Sintraal-Jeropa tafoege. As dêrby lânsgrinzen folge wurde, kin dat gean om:

Wannear't men ôfwykt fan 'e lânsgrinzen wurde by guon definysjes de folgjende gebieten ek wol ta Sintraal-Jeropa rekkene:

Yn guon definysjes, bgl. yn Meyers Grosses Taschenlexikon, wurde ek Nederlân, Belgje en Lúksemboarch ta Sintraal-Jeropa rekkene.

Galery

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Tags:

Sintraal-Jeropa Gongberste definysjeSintraal-Jeropa Oare definysjesSintraal-Jeropa GalerySintraal-Jeropa Sjoch ekSintraal-JeropaEast-JeropaEtnyskGeografyskHistoaryskIzeren GerdynJeropaKontinintKultureleKâlde OarlochNoard-JeropaPolitykSúd-JeropaSúdeast-JeropaWest-Jeropa

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Jayden LeeFlorânsSpienRuslânYndoneezjeKosta RikaGeslachtsmienskipAken20e iuwMediaWikiCandy MansonRûandaTongeAzerbeidzjanTransportGizehMount RushmoreJoegoslaavje18 augustusLiter5 jannewaris10 desimberWurkhûsKontraktFotosyntezeIerdbeving16 july2010-er jierrenBoekMidden-AmearikaAldfryskSitaatPierre WoodmanOerflakMenameradielFotografyMichelle TuckerNovialAngelica RavenToskedokterLoftmachtISBNShae SummersGenêskundeSophia Loren1 jannewarisStockholmHûntsjeshâldingOregon2021Poëzy1915PornografyMarksismeMadridSalomonseilannenSake P. RoodbergenMontana28 novimber1939Noelle EastonMaartList fan Nederlânske gemeenten🡆 More