Liet Single White Female

Single White Female is in liet fan 'e Amerikaanske countrysjongster Chely Wright, dy't it op 1 maart 1999 útbrocht as single.

It liet waard skreaun troch Carolyn Dawn Johnson en Shaye Smith. It giet oer in frou dy't fereale is op in man dy't it foar de moade hat om eltse moarn foar de grap de kontaktadvertinsjes yn 'e krante te lêzen, en hoe't sy úteinlik al har moed byinoar siket om sels in kontaktadvertinsje te pleatsen om syn oandacht te lûken. De titel Single White Female, kin oerset wurde as "Allinnichsteande Blanke Frou", in standertiepeningssin fan Amerikaanske kontaktadvertinsjes.

Single White Female
algemiene ynformaasje
artyst Chely Wright
album Single White Female
taal Ingelsk
sjenre country
útbrocht 1999
doer 3:20
label MCA Nashville Records
skriuwer Carolyn Dawn Johnson
Shaye Smith
produsint Tony Brown, Buddy Cannon,
Norro Wilson
resultaten
hitlisten nû 1 yn 'e F.S. en Kanada
prizen nom. foar in ACM Award

Produksje

Behalven in single wie Single White Female ek de titelsong fan Wright har album mei deselde namme, ek út 1999. By it opnimmen fan it nûmer waard Wright bystien troch kollega-countrysjongster Trisha Yearwood, dy't as back-upsjongster fungearre. Single White Female waard produsearre troch Tony Brown, Buddy Cannon en Norro Wilson foar de platemaatskippij MCA Nashville Records. De byhearrende fideoklip waard regissearre troch Deaton Flanigen. It nûmer hat in spyldoer fan 3.20 minuten.

Resultaten

Single White Female kaam op 13 maart 1999 op it 66e plak binnen yn 'e Amerikaanske Billboard-countryhitlisten, mar berikte al gau it earste plak. Ek yn de Kanadeeske countryhitlist stie it nûmer op it earste plak. Yn 'e algemiene Amerikaanske hitlisten berikte it it 36e plak. It liet is noch altyd Wright har bêst-skoarende single. Hja waard derfoar nominearre foar in Academy of Country Music Award en in TNN/Music City News Country Award, beide yn 'e kategory bêste fideoklip. It album Single White Female smiet Wright har earste gouden plaat op.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

1 maart1999Chely WrightCountryFeriene SteatenKranteLietSjongster

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Lexi DiamondMarije CornelissenList fan planetoïden 43001-44000FilmstudioDútskKâlde Kriich14 septimberHurdegarypster OpfeartTrochgongTrije-ienheidskatedraal (Pskov)Kneppelfreed27WetGrutte-boarstesjenreSpoar fan Grins nei de EemshavenISO 3166Gregoriaanske kalinderKeizerlike Japanske MarineHenk van der VeerVanessa SkySingapoer2011List fan planetoïden 6001-7000TurkmenistanList fan planetoïden 97001-98000Boergondyske RykKrypetski-kleasterList fan Romeinske steatshaden1200NâleReklamespotsjesSensual JaneMegan Salinas2006Moanne (natuerlike satellyt fan de Ierde)Kanonike evangeeljesWetterstofRhylee RichardsDermatologyThe New York TimesOblast Orenburg1989Yonkers (New York)Algemien direkteurSovjet-UnyTsjechjeBoerjatiëTrio (seksualiteit)Megan VaughnJulie SkyhighHarmony Wonder1872Microsoft WindowsIt Oranjewâld1 maart9 febrewarisWurd14e iuwJohan FrieswijkMozilla Firefox26 maartJeanne d'ArcStasjon AppingedamVolodymyr ZelenskyNoelle Easton🡆 More