Sietse De Vries

Sietse de Vries (De Tynje, 13 augustus 1955) is in Frysk skriuwer.

Sietse De Vries
Sietse de Vries

Biografy

Doe't Sietse opgroeide op De Tynje koene de bewenners rûchwei opdield wurde yn grifformearden en kommunisten. De húshâlding De Vries wie in 'read nêst'. Nei de middelbere skoalle gie er nei de Sosjale Akademy. Russyske skriuwers as Dostojevski en Tsjechov makken doe yndruk op him. It tydskrift Frysk en Frij wie it blêd dêr't er nei syn diploma foar skriuwen gie. Nei fjouwer jier waard er sjoernalist foar de Ljouwerter Krante.

Yn 1998 debutearre er mei syn speurdersroman De boargemaster (1998). De omskriuwing fan de sletten doarpsmienskip en in skeel fan rjocht fan reed stiet dêryn sintraal. Binnen in jier folge in nije plysjeroman: De dea fan Nico Dekema. Dêryn toant er hoe't er tsjin de wrâld en har takomst oansjocht. Dat wurdt noch fersterke yn de haadpersoanen fan syn tredde boek Kûgels foar Kant (2002). De Vries skriuwt meast Frysk, mar yn 2000 ferskynde in Nederlânske detektive De spelbepaler. Mei Homme en It geheim fan pake sloech er in nij paad yn, dat fan berneboekeskriuwer. Yn 2009 ferskynde de fyfde speurdersroman fan De Vries, it krige de titel Potstro Fongers mei en ferskynde by de Friese Pers Boekerij.

Nei de Moanne fan it Fryske Boek yn 2011 waard bekend makke dat Sietse de Vries it kadoboek foar de Moanne fan it Fryske Boek 2012 skriuwe soe. It hat de titel Bak en is in detektive.

Wurk

Proaza

  • De boargemaster (1998)
  • De dea fan Nico Dekema (1999)
  • De spelbepaler (Hollânsktalich, 2000)
  • Kûgels foar Kant (2002)
  • Potstro Fongers (2009)
  • Bak (boekegeskink foar de Moanne fan it Fryske Boek, 2012)

Berneboek

  • Homme en it geheim fan pake (2003)

Toaniel

  • De tredde helte (2009)

Tags:

Sietse De Vries BiografySietse De Vries WurkSietse De Vries13 augustus1955De Tynje (doarp)FryskSkriuwer

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Noelle EastonBitcoinCarles PuigdemontÇatalhöyükMinsklike seksuele aktiviteitPylksturtpappegaaidoAngelica MiraiTresoarUBedriuw1 aprilFerstoarWeenske oesterAleksander de GrutteL1655Walt DisneyGazastripe23 novimberKatedraal fan PadûaItaaljeFermaakCountry1973FellatioPembapappegaaidoToplessRussyskSasha BeartMetallic-kleurTheunis Piersma (biolooch)Blacks on BlondesAlbum (muzyk)Bibel69 (sekshâlding)PlasseSweedskDeenskWest Coast ProductionsHillige Roomske RykTsjerkhôfGeorge WashingtonKomoarenLuna RivalBarbarijsk grûniikhoarntsjeGrykskHenri MatisseLockheed C-5 GalaxyEva Karera1913Kante kilometerAngelica RavenTuberkuloazeLytse bearenSúd-DakotaKaapsk grûniikhoarntsjeNijverdalRussenRocco SiffrediMinosRienk Alberda2014Meinoud Rost van Tonningen8 maartWrakseljenHeechlearaarFranz KafkaFFrysktalige WikipedyUndergrûnske wrotmûzen fan de Alde Wrâld2007🡆 More