Shawn Speakman

Shawn Speakman (12 novimber 1975) is in Amerikaansk skriuwer, redakteur en útjouwer fan fantasyliteratuer.

Shawn Speakman
Shawn Speakman skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Shawn Speakman
nasjonaliteit Shawn Speakman Amerikaansk
berne 12 novimber 1975
berteplak ûnbekend (Feriene Steaten)
etnisiteit Shawn Speakman Angelsaksysk Amerikaansk
wurk
taal Ingelsk
sjenre fantasy
útjouwer Grim Oak Press
jierren aktyf 2011 – no
offisjele webside
shawnspeakman.com

Libben en karriêre

Speakman waard yn 1975 berne en groeide op op it plattelân fan 'e Amerikaanske steat Washington.[boarne nedich] Yn 2011 publisearre er syn earste roman, The Dark Thorn, dy't it earste diel fan syn romansearje The Annwn Cycle wie.

Datselde jiers waard by Speakman non-hodgkinlymfoom (in foarm fan kanker oan 'e lymfeklieren) fêststeld. Nei in lange behanneling waard er wer sûn ferklearre, mar lykas in protte Amerikanen hied er gjin syktekostefersekering, yn syn gefal om't er dy net krije koe fanwegen in foarôf-besteande sykte. Dat betsjutte dat er mei in skuld fan mear as $200.000 oan sikehûskosten sitten bleau.

Om dy skuld ôf te beteljen, stalde Speakman de ferhalebondel Unfettered gear, dêr't mear as tweintich fan syn kollega-auteurs (ûnder wa grutte nammen as Jacqueline Carey, Tad Williams, Naomi Novik en Brandon Sanderson) gehiel belangeleas koarte ferhalen foar oanleveren. Ek de fierde omslachkeunstner Todd Lockwood wurke belangeleas oan 'e útjefte mei.

Foar de útjefte fan 'e bondel rjochte Speakman de útjouwerij Grim Oak Press op. Neitiid brocht er yn 2015 de ferhalebondel Unbound út, en yn 2016 en 2019 de ferhalebondels Unfettered II en Unfettered III.

Wurk

referinsje

Fiksje

  • The Annwn Cycle
    • 2011 – The Dark Thorn
    • 2013 – The Unfettered Knight (koart ferhaal, yn 'e blomlêzing Unfettered)
    • 2014 – The Twilight Dragon (koart ferhaal, yn 'e blomlêzing Unfettered)
    • 2014 – Unused Chapter from The Dark Thorn
    • 2015 – The Dead's Revenant (koart ferhaal, yn 'e blomlêzing Unbound)
    • 2016 – The Unlocked Tome (koart ferhaal)
    • 2017 – The Darkness within the Light (koart ferhaal)
    • 2019 – The Fire-Risen Ash (koart ferhaal, yn 'e blomlêzing Unfettered III)
  • oare fiksje
    • 2015 – The White Rose Thief (koart ferhaal)
    • 2016 – The Last Flowers of the Spring Witch (koart ferhaal, yn 'e blomlêzing Unfettered II)
    • 2017 – The Tempered Steel of Antiquity Grey (koart ferhaal)

Non-fiksje

  • 2013 – On Becoming Unfettered (essay; ynlieding ta Unfettered)
  • 2014 – Untitled Essay (Altered Perceptions) (essay)
  • 2015 – A Geek Trying to Do Good (essay, yn Unbound)
  • 2016 – Publisher Roundtable (mei Geoff Brown, Katie Cord en Tim Marquitz)
  • 2016 – Even More Unfettered (essay, yn Unfettered II)
  • 2016 – The End of Magic's Beginning (essay)
  • 2019 – The Power of Three (essay; ynlieding ta Unfettered III)

Redaksje

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Shawn Speakman Libben en karriêreShawn Speakman WurkShawn Speakman Keppelings om utensShawn Speakman12 novimber1975Fantasy (sjenre)Feriene SteatenRedakteurSkriuwerÚtjouwer

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

GroepseksGeart Aeilco WumkesSkilderkeunstAustraalje (lân)Tacori BluGabriella Bond14 aprilEvert CaspersJeropaSaya SongRely JorritsmaFingerjenPhnom PenhHarley RaineKryptogramOrale seksSkiednis fan FryslânSlot Zuylen2005Savana GingerRosa CaraccioloShalina DevineKai NobelFrjentsjerVina SkyPornografysk aktriseVanessa SkyBarcelonaMasturbaasjeYves BaillatPornhubDaisy SummersUntwrakselingPoalenFryslânKnooppunt WerpsterhoekeFerkearsknooppuntMoä-nalo'sGuineeNij-GuineäClara TrinityUmberto di Bosso é CompadresKanadaGoedfreedDe Tynje (doarp)Mia Khalifa Is Cumming for DinnerOrgasmeSingapoerKroandoWurdljedderKwissipedySint-Sofiakatedraal (Kiëv)Cassidy BanksMediaWikiKazachstan1993EinfûgelsFellatioEmiel StoffersNederlânKrystal SwiftSasha BeartLuna RivalWurdriuwenIn PoppehûsHeather LeeAzerbeidzjaanskJulianna VegaBeweging fan Sonja de VriesFêreuskLolita (pornografysk aktrise)Cassandra Wilde🡆 More