Sersjant

In sersjant is in ûnderofsier yn 'e nasjonale kriichsmacht fan in soad lannen.

Dizze rang komt foar by it grutste part fan 'e lânmacht en fierders by de marine, de loftmacht en de mariniers. It ekwivalint by de maresjesee en de lânmachtwapens fan 'e kavalery en de artillery is de wachtmaster. By de mariniers is de formele rangoantsjutting eins sersjant-marinier. By de lânmacht en de loftmacht besteane twa gradaasjes: de (hegere) sersjant 1e klasse en de (legere) sersjant. Yn alle gefallen is de oansprektitel "sersjant", útsein by de Operasjonele Tsjinst en Nautyske Tsjinst fan 'e marine, dêr't om histoaryske redens de oansprektitel "boatsman" brûkt wurdt.

De boppelizzende rang is yn alle gefallen sersjant-majoar; de ûnderlizzende rang is korporaal by de marine en de mariniers en korporaal 1e klasse by de lânmacht en de loftmacht. Dêrmei is sersjant de leechste wiere ûnderofsiersrang (mei't de korporaalsrangen dêr formeel net ta rekkene wurde). De term 'sersjant' is ôflaat fan it Frânske serre gens, "dyjinge dy't de rangen fan 'e manlju (yn slachoarder) opinoar oanslute lit".

Skematysk oersjoch

Oersjoch fan 'e sersjantsrangen mei ekwivalinten yn oare kriichsmachtûnderdielen:

lânmacht
en mariniers
marine loftmacht
sersjant 1e klasse
of wachtmaster 1e klasse1
sersjant sersjant 1e klasse
sersjant
of wachtmaster1
sersjant

1) by de artillery en de kavalery

Yn 'e Nederlânske kriichsmacht

(oansprektitels kursyf werjûn)

Keninklike Lânmacht (KL) Keninklike Marine (KM) Keninklike Loftmacht (KLu) Keninklike Maresjesee (KMar)
NATO rang OR-6 NATO rang OR-5/6 NATO rang OR-6
Sersjant  sersjant 1e klasse
sersjant
(by de artillery en kavalery: wachtmaster 1e klasse, wachtmaster)
Sersjant  sersjant
sersjant
(Operasjonele Tsjinst/Nautyske Tsjinst: boatsman;
by it Korps Mariniers: sersjant-marinier, sersjant)
Sersjant  sersjant 1e klasse
sersjant
Sersjant  wachtmaster 1e klasse
wachtmaster
NATO rang OR-5 NATO rang OR-5
Sersjant  sersjant
sersjant
(by de artillery en kavalery: wachtmaster
wachtmaster)
Sersjant  sersjant
sersjant
Sersjant  wachtmaster
wachtmaster

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

Sersjant Skematysk oersjochSersjant Yn e Nederlânske kriichsmachtSersjant Sjoch ekSersjantArtilleryKavaleryKriichsmachtLoftmachtLânLânmachtMaresjeseeMarineMariniersMilitêre rangSkiednisWachtmasterÛnderofsier

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

SjiïsmeTiidPappegaaidowenLiteratuerISSNRûandaKrêftRaerd1963TuneezjeYby PotlatchSkiftThe Beatles24 novimberFotosyntezeMozilla FirefoxVienna BlackBiskopMoskouUraniumSotterum (Koarnwert)Rae Lil BlackFaginaHaadsideTongeEl NiñoJulie SkyhighFideoFlorânsSomme (rivier)Filipynske pappegaaidoIstanbûlLannen en territoariaKomoarenpappegaaidoFrankfurt am MainBostonFingerjen29 junyTwadde Wrâldkriich3 aprilJoo Min Lee197519 april10 desimberPriya PriceSûchdieren13 maartSoarteMasturbaasjeKarnivoarPornografyske filmAnita BlondISBNKascha PapillonBitcoin19971980TwinterâneSean LawlessSjapoer IKatolisisme2021CowgirlhâldingKultuer2008BommesmiterNovialFryske talenDead Horse Running5 jannewaris1901🡆 More