Saterspul

In saterspul wie yn it âlde Grikelân in literêr sjenre en in foarm fan toaniel dy't de midden hold tusken in tragikomeedzje en in klucht (ús wurd satire is hjirút ûntstien).

Yn saterspullen waarden de koaren foarme troch saters (de mytyske wêzens mei it boppeliif fan in man en it ûnderlichem fan in bok) en se omfetten yn 'e regel dronkenens, eksplisite seksualiteit, dûbelsinnich taalgebrûk, ûnderhânske streken en grappen fan alderhanne soarte. In saterspul wie dus eins wat wy tsjintwurdich in komeedzje neame soene, mar dat wurd hie yn it âlde Grikelân in hiel oare betsjutting.

De skiednis fan it saterspul kin tebekfolge wurde oant likernôch 500 f.Kr., doe't Pratinas fan Flius it yntrodusearre yn Atene. By de jierlikse toanielwedstryd op it Ateenske Feest fan Dionysus wie it neitiid wenst dat eltse meidogger fjouwer toanielstikken opfiere liet: trije trageedzjes en in saterspul. It saterspul waard dan ornaris oan 'e ein fan it feest spile of tusken it twadde en trêde diel fan 'e trageedzjetrilogy yn, as in soarte fan komysk tuskenspul. Saterspullen duorren koart, mar heal sa lang as in trageedzje. It iennichste saterspul dat folslein oerlevere is, is Sykloop, fan Euripides, dat basearre is op in passaazje út Homêros syn Odyssee, en oer Odysseus syn moeting mei de sykloop Polyfemus giet.

Tags:

GrikelânKluchtKomeedzjeMyteToanielstikTragikomeedzje

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Osmaanske Ryk2018Karelië (dielrepublyk)TsjoenderijGandzasarWarsjaupaktDaasjeYvette BovaReklamespotsjeHenny Tuinhout-de LeeuwBosnjeFrânskJurassic Park IIIKabinet-Rutte IVPornoaktrise14 novimberBelfastExodusKoptysk-Otterdokse TsjerkeNoardwestgermaanske talen2011Súd-SûdanJasmine BlackFroukje AnnemaAfantasyMidslânskIvan IV fan RuslânGeorge W. BushKazachstanAmmanNederlânsk Kanker YnstitútBoergondyske RykRoarik18 novimberEarymarLatynAudree JaymesAutoStasjon SauwerdDermatologyIerlânYiming CuriosityEarste WrâldkriichJudeä (Romeinske provinsje)Aleksander II fan Ruslân2614 julyAppingedamKatee OwenRekkenmasineCreative CommonsAlfred HitchcockNikola TeslaEpifanykatedraal (Tomsk)Joost van den VondelPriya PriceProstituee2020FerstoarBart KingmaMissy ElliottSovjet-UnyJohan FrieswijkHeipealhâldingTrochgongHichtefreesGitaarInes Ridere🡆 More