Sara Jean Underwood

Sara Jean Underwood (Portland (Oregon), 26 maart 1984) is in Amerikaansk neakenmodel, presintatrise en aktrise.

Hja stie yn july 2006 yn it neakenblêd Playboy, en wie doe de Playboy Playmate fan 'e Moanne. Yn 2007 wie se Playmate fan it Jier. Letter aktearre se yn ferskate films, en yn 2009 en 2010 wie se presintatrise fan it tillefyzjeprogramma Attack of the Show!

Sara Jean Underwood
Sara Jean Underwood persoan yn de seksyndustry
Sara Jean Underwood
persoanlike bysûnderheden
echte namme Sara Jean Underwood
nasjonaliteit Sara Jean Underwood Amerikaansk
berne 26 maart 1984
berteplak Portland (Oregon)
etnisiteit Sara Jean Underwood Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, presintatrise, aktrise
jierren aktyf 2005 – no
offisjele webside
gjint

Libben en karriêre

Jonkheid en oplieding

Underwood waard yn 1984 berne yn Portland, yn 'e Amerikaanske steat Oregon. Se helle yn 2002 har diploma oan 'e middelbere skoalle yn Scappoose. Neitiid studearre se oan 'e Steatsuniversiteit fan Oregon (OSU) en de Steatsuniversiteit fan Portland (PSU). Har earste bybaantsje hie se as ferkeapster fan swier materieel. Neitiid wurke se as servearster yn in restaurant yn Beaverton fan 'e keatling Hooters (dy't bekendstiet om syn rûnboarstich personeel).

Karriêre

Yn oktober 2005, doe't se 21 jier wie, posearre Underwood foar it earst neaken foar de Playboy. Dêrby stie hja op 'e omslach fan in Playboy-special mei op har lichem yn bodypaint in unifoarm fan it Amerikaansk fuotbaltiim de Oregon State Beavers neiferve. Neitiid waard se selektearre om yn july 2006 as Playmate fan 'e Moanne yn 'e Amerikaanske edysje fan 'e Playboy te stean. Oan 'e ein fan dat jier waard sy fan 'e tolve Playmates fan 'e Moanne út 2006 útroppen ta Playmate fan it Jier 2007. Dêrnei bleau Underwood as neakenmodel aktyf foar Playboy. Dêrnjonken ûntdiek sy yn 2007 kollega-neakenmodel Ida Ljungqvist, dy't it ta Playmate fan it Jier 2009 brocht.

Sara Jean Underwood 
Sara Jean Underwood yn 2013.

Njonken har neakenmodellewurk rjochte Underwood har ek al rillegau op aktearjen. Yn 2007 ferskynde se as seksy seerôver yn 'e film Epic Movie, yn 'e mande mei oare Playmates as Qiana Chase, Irina Voronina en Jillian Grace. Ek yn 'e films House Bunny (2008) en The Telling (2009) spile se in Playmate, yn dy lêste film yn 'e mande mei Bridget Marquardt en Holly Madison. Yn 2013 waard Underwood yn 'e haadrol cast fan 'e horrorfilm Deadliest Weekend.

Op 'e tillefyzje die Underwood mei oan in ôflevering fan 'e realitytillefyzjesearje Kendra, oer har kollega-Playmate Kendra Wilkinson. Dêryn kaam û.m. te praat dat Underwood har boarsten fergrutsje litten hie, wat se letter yn it praatprogramma fan Howard Stern befêstige. Ek wie Underwood te sjen yn it realityprogramma Women of Ninja Warrior. Yn 2009 wie se fierders presintatrise fan ferskate ôfleverings fan it programma Attack of the Show!, op 'e stjoerder G4, wêrby't se de fêste presintatrise Olivia Munn ferfong. It jiers dêrop wie Underwood de fêste presintatrise. Yn 2011 die se ek de presintaasje fan it programma The Feed.

Sara Jean Underwood hat as model wurksum west foar VictoryPoker.net. Nei't se yn ferskate pokerwedstriden foar goede doelen spile hie, joech se har úteinlik by it tiim fan profesjonele pokerders fan VictoryPoker. Yn 2012 wie se fierders te gast yn in ôflevering fan it MTV-programma Ridiculousness, fan Rob Dyrdek, wêrby't in ôfwêzige Chanel West Coast ferfong.

Priveelibben

Underwood hie in twajierrige knipperljochtrelaasje mei de Amerikaanske tillefyzjepresintator Ryan Seacrest. Sûnt 2013 giet se om mei Roberto Martinez, in dielnimmer oan it sechsde seizoen fan it realityprogramma The Bachelorette.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Tags:

Sara Jean Underwood Libben en karriêreSara Jean Underwood Keppelings om utensSara Jean Underwood1984200620072009201026 maartAktriseFeriene SteatenFilmJulyNeakenblêdNeakenmodelOregonPlayboy (tydskrift)Playboy PlaymatePlaymate fan it JierPortland (Oregon)PresintatriseTillefyzjeprogramma

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Twadde WrâldkriichList fan Fryske jongesnammen1 augustusSkiednisJasmine BlackMichiganMirka Antolović-TipurićMozilla Firefox7 maart9 junyChesty PullerOarlochsmisdieAubrey Kate8 junyOrale seksNigeariaEeldeFacebookPsychologyAlbertus Samuel Carpentier AltingMount RushmorePieter BreukerSeksuele penetraasjeVVDMoskeftigenIrak24 julyRoemeenskArwen GoldSieds Johannes RienksKetsjûa (taal)SteatUnbreakable (film)BulgarijeSpaanskBelestingMia KhalifaRicki RaxxxBommesmiterJureka del MarRocco SiffrediFingerjen1 febrewaris9 maartJapan20e iuwDoekle TerpstraWikidataFryske mytologyDoede VeemanSaritha OlivieriLuna Silver2000HûntsjeshâldingCarles PuigdemontKrystal SwiftDo-eftigenEastenrykVanessa PrideNoard-AmearikaKatedraal fan Piazza ArmerinaSineeskOanslachClara TrinityPlantenSarah Young🡆 More