Samoeraifilm

De samoerafilm (Japansk: チャンバラ, chanbara of chambara, swurdfjochtersfilm) is in fan oarsprong Japansk sjenre fan films, dat giet oer samoerai (de tradisjonele Japanske krigerskaste), en dat stylistysk de midden hâldt tusken Westerske mantel-en-degenfilms en westernfilms.

Yn 'e Japanske sinema wurde samoeraifilms beskôge as in subsjenre fan 'e jidaigeki, wat rûchwei itselde is as it Westerske kostúmdrama. Jidaigeki binne dus films dy't yn in histoaryske perioade pleatst binne; samoeraifilms binne films dy't yn in histoaryske perioade pleatst binne en samoerai as ûnderwerp hawwe.

Samoeraifilm
As samoerai ferklaaide akteurs.

Histoarysk spylje samoeraifilms yn it tiidrek fan it Tokugawa-sjogûnaat (1600-1868). Wylst iere samoeraifilms mear dramafilms wiene, skode it sjenre nei ôfrin fan 'e Twadde Wrâldoarloch op yn 'e rjochting fan wat mear op aksjefilms of aventoerefilms liek. Tagelyk dûnkeren de ferhaallinen ta en waarden de personaazjes gewelddiediger. Mooglik ûnder ynfloed fan 'e útwurkings fan 'e Twadde Wrâldoarloch op 'e Japanske maatskippij, wiene de haadpersoanen yn nei-oarlochske samoeraifilms gauris geastlik of lichaamlik skeinde lju.

Ien fan 'e wichtichste regisseurs fan samoeraifilms, dy't in grutte ynfloed op 'e fierdere ûntwikkeling fan in sjenre hie, wie Akira Kurosawa. Dy soarge der mids tweintichste iuw ek suver eigenhandich foar dat dit soarte films bûten Japan bekendheid krige, mei films dy't no as wiere klassikers beskôge wurde, lykas Shichinin no Samurai (1954; better bekend as "Sân Samoerai") en Yojimbo (1961). Kurosawa stilearre en oerdreau yn syn films dea en geweld, mei solitêre figueren as haadpersoanen, dy't earder harren kriichskeunsten ferburgen as dat se dermei te pronk rûnen. It wurk fan Kurosawa hie ek in grutte ynfloed op it yn dyselde tiid opkommende sjenre fan 'e spagettywestern.

In weromkearend tema yn 'e samoeraifilm is de ein fan in manear fan libjen foar de samoerai. Sa geane in protte fan 'e films oer rōnin (masterleaze samoerai) of oer samoerai dy't oan status ferlieze yn in feroarjende maatskippij. In Westerske samoeraifilm as The Last Samurai (2003) is dêr in ûnsubtyl foarbyld fan; dy film behannelet in opstân yn 1877, nei de Meiji-restauraasje, fan 'e lêste samoerai tsjin it mei gewearen en artillery bewapene leger fan 'e keizer. Oant yn 'e iere jierren '70 waarden samoeraifilms yn Japan oan 'e rinnende bân makke, mar doe kaam der stadichoan hast hielendal in ein oan, trochdat it publyk op it sjenre útsjoen rekke en de grutte filmstjerren op jierren kamen.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

FilmHistoaryskJapanJapanskKostúmdramaKrigerMantel-en-degenfilmSamoeraiSinemaSjenreSubsjenreTradysjeWesternfilmWesterske maatskippij

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Oflûken (seksualiteit)Hindrik van der MeerMinnie BeetsSosjalismeYnvestearjenNeakenfotografy2e iuw f.Kr.Stynske weetFuotbalMeksiko-StêdMarijn KuipersBachreinFelland25 maartFryslânTolbertHoldingPoalenLisa Tiffian16 julyKredytunyMilfpornografy5 july1676Michelle TuckerEjakulaasjeMoä-nalo'sFedja van HuêtLibanonBenteTony van der MeulenKarl DönitzSwierwêzenKurt CobainIt HeidenskipAlayah SashuHegebeintum13 aprilFaginaRense WestraDick Passchier21e iuwTiid2010Vanessa SkyLeechtsjerkArmie FieldEala Frya FresenaFúzjeferdrachJ. Mac174KoöperaasjeErika BellaPearsFersekeringArgentynje1953Persia MonirPitersylEmanuel (skûtsje)Ashley OceanJade JantzenGeografyske koördinatenJildÉdouard-Henri AvrilAngelica BellaZaya CassidyTongblier🡆 More