Saint-Amand-les-Eaux (Nederlânsk: Sint-Amands-aan-de-Skarpe) is in gemeente yn it Frânske Noarderdepartemint (regio Opper-Frankryk).
De stêd makket diel út fan it arrondissemint Valenciennes en fan 'e histoaryske lânstreek Frânsk-Flaanderen. Saint-Amand-les-Eaux leit oan de rivier de Scarpe, in kanalisearre sydrivier fan de Skelde.
Saint-Amand-les-Eaux | ||
Eardere abdijgebouwen | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Frankryk | |
Regio | Opper-Frankryk | |
Departemint | Nord | |
Arrondissemint | Valenciennes | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 15 997 (2020) | |
Oerflak | 33,81 km² | |
Befolkingsticht. | 473 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 50° 26' N 3° 25' E | |
Offisjele webside | ||
webstee Saint-Amand-les-Eaux | ||
Kaart | ||
It plak leit yn it hert fan it 'Parc naturel régional Scarpe-Escaut' tichteby de Belgyske grins.
It oerflak fan Saint-Amand-les-Eaux is 33,8 km² en de gemeente is yn ferskillende wiken en buorskippen yndield:
Fral it noardlike diel fan de gemeente is beboud. Yn it súdeastlike diel leit it steatsbosk fan Saint-Amand.
Saint-Amand-les-Eaux ûntstie om de Sint-Amandusabdij hinne, ien fan de grutste abdijen fan Henegouwen en Flaanderen. Dy abdij waard yn de jierren 633-639 troch Amandus fan Maastricht boud op de grûn, dy't, lykas beskreaun yn de Vita Sancti Amandi, syn freon kening Dagobert I him foar dat doel skonken hie.
Yn de Frânske Revolúsje is it benediktynske kompleks hast hielen ôfbrutsen. Fan de abdij bleaune allinne de barokke tsjerketoer (1626) en de tagongspoarte oer. De bylden yn de toer waarden ek yn de tiid fan de Frânske Revolúsje fernield. De tagongspoarte is yn de styl fan de Flaamske renêssânse en jout tsjintwurdich ûnderdak oan it gemeentehûs.
Nei de Frânske Revolúsje wie de offisjele gemeentenamme Saint-Amand; sûnt 1962 waard dêr 'les-Eaux' oan tafoege.
Jier | 1800 | 1851 | 1901 | 1946 | 1975 | 2006 | 2020 |
---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 8.039 | 9.527 | 13.705 | 14.218 | 16.692 | 16.590 | 15.997 |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Saint-Amand-les-Eaux fan Wiki Commons. |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Saint-Amand-les-Eaux, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.