Sabrine Maui, echte namme: Mary Grace Dar (Manilla, 24 septimber 1980), is in rêstend Filipynsk-Amerikaansk fotomodel, neakenmodel en pornografysk aktrise, dy't yn it ferline ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenammen Sabrine, Sabrina Maui, Leslie en Grace.
Se is 1.56 m, mei in gewicht fan 45 kg.
Sabrine Maui | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen | Sabrine, Sabrina Maui, Leslie, Grace | |
echte namme | Mary Grace Dar | |
nasjonaliteit | Filipynsk Amerikaansk | |
berne | 24 septimber 1980 | |
berteplak | Manilla (de Filipinen) | |
etnisiteit | Filipynsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 2000 – 2007 | |
offisjele webside | ||
www.sabrinemaui.net |
Sabrine Maui is hikke en tein yn 'e Filipynske haadstêd Manilla. Fan memmekant komt se út in famylje dy't foar it meastepart út dokters en ferpleechsters bestiet; har befalling waard begelaat troch har pake en twa fan har muoikes. Yn har jonkheid wie se in wyldkat, en die se boppedat in protte oan sport, lykas hurddraven, tennis, follybal en basketbal. Yn 1995, doe't se fyftjin wie, ferfear se mei har heit en mem nei de Amerikaanske steat Hawaï, dêr't se op har santjinde de middelbere skoalle ôfrûne.
Maui wie fan doel om ferpleechster te wurden, en yn 1998, op har achttjinde, begûn te wurkjen as model om harsels finansjeel te ûnderstypjen. Der wie op Hawaï lykwols net genôch wurk om har stúdzje dêrfan te beteljen. Aldergeloks ferfear har famylje datselde jiers noch nei Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje, dêr't mear as genôch wurk is foar modellen. Yn 1999 gie se oer fan wurkjen as model ta wurkjen as neakenmodel, om't dat lukrativer wie, en dêrtroch rekke hja stadichoan behelle yn 'e pornoyndustry. Sabrine Maui makke yn 2000 har debút yn in pornografyske film, en spile sûnt, neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn mear as 225 films. Yn 2004 wûn se de XRCO Award foar unsung siren ("ûnderwurdearre sirene"). Fierders hat se ek fjouwer nominaasje foar in AVN Award (de Oskars fan 'e pornowrâld) yn 'e wacht sleept. Yn 2007 loek hja har út 'e pornoyndustry werom mei de bedoeling om har oarspronklike ropping as ferpleechster te folgjen.
Jier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar har optreden yn |
---|---|---|---|---|
2004 | AVN Award | nominearre | bêste sekssêne mei in pearke (mei Jules Jordan) | Trained Teens 2 |
nominearre | bêste orale sekssêne (mei Tyler Durden, Anthony Hardwood en Rick Masters) | Cum Swallowing Whores | ||
nominearre | bêste anale sekssêne (mei Mr. Marcus) | Once You Go Black | ||
XRCO Award | wûn | ûnderwurdearre sirene | n.f.t. | |
2005 | AVN Award | nominearre | bêste sekssêne mei in pearke (mei Lexington Steele) | Invasion! |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Sabrine Maui, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.