Eilân Saaremaa

Saaremaa (Dútsk (hist.) en Sweedsk: Ösel, betsjut 'eilân') is in eilân foar de westkust fan Estlân; it op ien nei grutste yn de Eastsee.

It omfiemet 2673 km² en hat 35.584 ynwenners, dêr't 15.000 fan yn it haadplak Kuressaare wenje. Mei it oanswettende Muhu foarmet Saaremaa de provinsje Saarema (maakond).

Eilân Saaremaa
Saaremaa foar de kust fan Estlân

Saaremaa is ticht beboske.

Eilân Saaremaa
1219 wie Saaremaa part fan it Keninkryk Denemark.

It haadplak Kuressaare is ûntstien om in biskopsboarch hinne en is in fanâlds ferneamde kueroarde. In protte plakken op Saaremaa hawwe tige âlde tsjerken (sa as: Valjala, Karja, Pöide, Kaarma) dy't ek in ferdigeningsfunksje hienen.

In geologyske nijsgjirrichheid op Saaremaa is de kratermar fan Kaali, dy't in trochsneed fan 110 meter hat en begjin earste millennium f.Kr. ûntstien is troch in meteorytynslach.

It eilân hat in fêste ferbining mei it buoreilân Muhu. Muhu is út de Estlânske haven Virtsu wei te berikken. Teffens is der in boatferbining mei Hiiumaa dat benoarden Saaremaa leit. Yn de simmermoannen fart der ek in boat nei Ventspils yn Letlân.

Ferneamde persoanen

  • Fabian Gottlieb von Bellingshausen: Russysk marine-offisier.
  • Karl Boella, Dútsk-Russysk fotograaf

Tags:

DútskEastseeEstlânSweedsk

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Sint-Agathatsjerke (Aldegea)Skoatter UterdikenJaylene RioSjikokûLúksemboarchskCees JongsmaEkshibisjonisme1839Srylankaanske pappegaaidoJohnny CashPearsRae Lil BlackWikidataHaadsideFryslânhoannebiterijBrent EverettOekraïneSeptember ReignDe OesdripHegere BoargerskoalleInga RidereKa1883SpûkferhaalNoard-FryslânVáclav HavelBoete (jildstraf)Michel PenséeHessel van der WalTechnologyGrutte Priis Formule 1 fan Eastenryk 2021PornoaktriseJerine FleurkeSilkeborg (gemeente)Swarte Mar (mar)Gaya PatalCassandra WildeJoop den UylGrafhorst (Nederlân)KampenAnnebuorren (It Hearrenfean)NeakenfotografyCarl Friedrich GaussMax WernerBergen op SoomKrystal SwiftNederlânDykhurdfytsen op de Olympyske SimmerspullenComité flamand de FranceList fan planetoïden 24901-25000SekshâldingDoctor Zhivago (film)Grutte Priis Formule 1 fan Jeropa 2000Tony van der Meulen🡆 More