Súd-Georgje En De Súdlike Sandwicheilannen

Súd-Georgje en de Súdlike Sandwicheilannen binne in kloft eilannen oan de râne fan de Skotiasee yn de súdlike Atlantyske Oseaan, hja foarmje in ûnderdiel fan de Skotiarêch.

Súd-Georgje en de Súdlike Sandwicheilannen
South Georgia and the South Sandwich Islands
flagge wapen
Súd-Georgje En De Súdlike Sandwicheilannen Súd-Georgje En De Súdlike Sandwicheilannen
geografyske lokaasje
Súd-Georgje En De Súdlike Sandwicheilannen
algemien
gebietsdiel fan Súd-Georgje En De Súdlike Sandwicheilannen Feriene Keninkryk
pol. status oerseesk gebiet
haadstêd King Edward Point
offisjele taal Ingelsk
sifers
ynwennertal 30 (2006)
befolkingstichtens 0,005 / km²
oerflak 3.903 km² (ynkl. wetter)
bykommende ynformaasje
muntienheid Pound sterling (GBP) (£)
tiidsône UTC-2
tillefoan +500
ynternetekstinsje .gs
webside www.sgisland.gs
Súd-Georgje En De Súdlike Sandwicheilannen

De eilannekloft is in oerseesk gebietsdiel fan it Feriene Keninkryk en wurdt fanút de Falklâneilannen bestjoerd (ôfstân: 1455 km). De eilannen wurde ek klaimd troch Argentynje en wiene ynset ûnder de Falklânoarloch. Oarspronklik wiene de eilannen yndield by de Falklâneilannen, mar yn 1985 waarden Súd-Georgje en de Súdlike Sandwich eilannen as in apart territoarium foarme.

Skiednis

Alhoewol't de eilannen op it heden gjin permaninte befolking hawwe, waard Súd-Georgje yn de 19e iuw as útfalsbasis brûkt foar de walfiskfeart. Sûnt 1908 binne de eilannen yn Britske hannen en oant 2001 hiene de Britten dêr in lytse basis fêstige. Dy basis wurdt tsjintwurdich brûkt foar permanint wittenskiplik ûndersyk. Ek is der in biologysk ûndersyksstasjon fêstige op Fûgeleilân.

Geografyske yndieling

Geografysk wurde de eilannen sa yndield:

  • Súd-Georgje:
    • Súd-Georgia
    • Annenkoveilân
    • Fûgeleilân
    • Coopereilân
    • Gerseilân
    • Pickersgilleilannen
    • Wolkomeilannen
    • Williseilannen
    • Swarte Rotsen
    • Ielskolfersrotsen
    • Clerkerotsen
  • Súdlike Sandwicheilannen:
    • Traversayeilannen
      • Zavodovski-eilân
      • Leskoveilân (lytste)
      • Visokoi-eilân
      • Lichtmiseilân
      • Vindicatie-eilân
    • Saunderseilân
    • Montagu-eilân (grutste)
    • Bristoleilân
    • Súdlike Tule-eilannen
      • Bellingshauseneilân
      • Cookeilân (moat net betize wurde mei de Cookeilannen, yn de Grutte Oseaan)
      • Tule-eilân

Keppelings om utens

Keppeling(s) om utens:

Tags:

Atlantyske OseaanSkotiasee

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Peaske-eilânGrytzSjikokûLexi DiamondFriedrich NietzscheGrut-LondenMia KhalifaMuorrekrûperfeehâlderijList fan Frysktalige tydskriftenJ. MacSasha BeartSkermjen op de Olympyske Simmerspullen 1976Johan van SeijstUnstjerlikensComité flamand de FranceMediaWiki1333PappegaaidowenGrutte Priis Formule 1 fan Azerbeidzjan 2021Prins EdwardeilannenGaastRjûkjûpappegaaidoHessel van der WalRichard Schuil1967Sleepauto17 junySkiednis fan Fryslân (wengebiet)NederlânskFormosapappegaaidoOlympyske Winterspullen 2018Ines RidereAtoomGray's AnatomyMax WernerBrühlJouke Annes BakkerFatikaanstêdOmgong fan Itaalje 1959Kommando geanHeather LeePornografyCJ MilesJoyce OliveiraGrypsturtSpûkferhaalSUP 11 City TourKleanSineeske baltsjesFeanhoopfestivalMáxima ZorreguietaTony van der MeulenOrale seksFriezenSaya SongAmbigram14e iuwDykhurdfytsen op de Olympyske SimmerspullenPenric's Fox🡆 More