Sêne

In sêne is in narratologyske en senariotechnyske oantsjutting foar de lytste ienheid fan aktearjen yn it toaniel, yn films en op 'e tillefyzje, wêryn't ien hanneling of foarfal útbylde wurdt dy't op ien plak en ien tiid ferrjochte wurdt of plakfynt.

Men sprekt hjirby dêrom fan ienheid fan tiid, plak en hanneling, lykas oarspronlik yn it Aldgrykske teäter. It wurd 'sêne' komt dan ek fan it Grykske σκενα, skena, dat yn 'e Grykske Aldheid de beneaming wie foar it spylfjild fan it teäter. Fia it Latynsk scæna en it Frânske scène berikte it syn hjoeddeiske foarm.

Yn it ramt fan 'e sinematografy kin in sêne karakterisearre wurde as in kombinaasje fan ûnderskate byinoar hearrende shots (bylden opnommen út ûnderskate kamerahoeken). As in sêne út ien shot bestiet, wurdt der sprutsen fan in sekwinsjeshot. Ferskate besibbe sênes of ien sêne dy't binnen in film hielendal op himsels stiet, neamt men yn 'e sinematografy in sekwinsje. In spylfilm fan likernôch twa oeren lingte telt yn meastal 50 oant 300 sênes.

Yn 'e fotografy giet it by it begryp 'sêne' om it gehiel fan gearstallende faktoaren fan in byld. Dat kin in tafallige gearstalling wêze, lykas yn dokumintêre fotografy of sjoernalistike fotografy, mar it kin ek om in mei sin yn sêne sette foarstelling gean, lykas yn ensenearre fotografy, reklamefotografy, moadefotografy, glamourfotografy en neakenfotografy.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

AktearjenAldheidFilmFrânskGrikenGrykskLatynNarratologySenarioTeäter (keunstfoarm)TillefyzjeToanielWurd

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Eeltsje Boates FolkertsmaSpaanske gryp16 febrewarisHûntsjeshâldingWeblochWesterske wrâldAlgemien direkteurBeauty DiorFeriene Arabyske EmiratenKompjûterkloftMontanaSkipfeartHSûkerbôleRôfdierenTiranaYby Potlatch29 desimberKagney Linn KarterIslamismeSensual JaneEast-JeropaSlach by AneMoriah MillsSkrillerJohn AdamsISO 3166Koen EekmaMarilyn CrystalTurkskKoarte filmStutenMilfpornografyAddis AbebaNeakenfotografySiblingAzerbeidzjanLexi DiamondSam WaltonGazastripeNeolitikum1977ItaaljeDouglas DC-3Nikola Tesla15 aprilFrankrykNational Broadcasting Company1431PappegaaidowenPenis2009FuotbalSeksIranGroubekpappegaaidoFideospultsjeNegevDierenVienna BlackSkaai (taksonomy)FleanboatSaûdy-Araabje2010-er jierrenTechnologyTennisPakistanKya Tropic🡆 More