100 kopeken binne ien roebel. De roebel wie ek de munt fan de Sowjetuny (1917-1991). De ôfkoarting fan de hjoeddeiske roebel is RUB (ISO 4217). Op 1 jannewaris 1998 waard nei in desennium fan hyperynflaasje in nije roebel ynfierd: 1 nije roebel komt oerien mei 1000 âlde roebels. De ôfkoarting fan de âlde roebel wie RUR.
Ien roebel is ferdield yn hûndert kopeken. Der binne munten fan 1, 5, 10, 50 kopeken, en fan 1, 2, 5, en 10 roebel. Yn de tiid fan de Sowjetuny wienen der ek munten fan 2, 3, 15 en 20 kopeken. Bankbiljetten binne der fan 10, 50, 100, 500, 1000 en 5000 roebel.
Sûnt desimber 2013 hat de roebel in offisjeel teken, geoedkard troch Bank Rossii. Fan 2014 ôf soe it teken op muntjild ferskine.
This article uses material from the Wiki Frysk article Russyske roebel, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply. (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
#Wikipedia® is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.