Rudi Hemmes

Rudi Willem Hemmes (Harderwyk, 20 juny 1923 - De Haach, 13 novimber 2022) wie in Nederlânsk generaal-majoar fan de Keninklike Loftmacht.

Rudi Hemmes
Rudi Hemmes (2010)
Rudi Hemmes (2010)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Rudi Willem Hemmes
nasjonaliteit Rudi Hemmes Nederlânsk
berne 20 juny 1923
berteplak Harderwyk
stoarn 13 novimber
stjerplak De Haach 2022
wurkpaad
berop/amt Generaal-majoar fan de loftmacht
reden
  bekendheid
Ingelânfarder yn de Twadde Wrâldkriich

Libbensrin

Hemmes woe nei de Keninklike Militêre Akademy (KMA) yn Breda, mar troch it útbrekken fan de Twadde Wrâldkriich wie dat net mooglik en keas er foar de stúdzje genêskunde yn Utert.

Kriichsjierren

Hemmes waard Ingelânfarder. Hy gie ein 1943 mei syn jeugdfreon Bob Tusenius oer Parys, Toulouse en Nîmes nei de Pyreneeën. Yn Spanje waarden se oppakt en finzen set. Nei in moanne waarden se frijlitten en reizgen hja oer Lissabon nei Bristol. Yn Ingelân melden se har as tsjinstplichtigen by de Prinses Irene Brigade yn Wolverhampton. Op 8 augustus 1944 lâne er mei de 1.100 man sterke brigade op de strannen fan Arromanches yn Normandje.

Nei de kriich

Yn de jierren 70 wie er kommandant fan de Loftmacht Kaderskoalle (KMSL) yn Schaarsbergen. Hemmes wie ek adjudant fan de minister fan Definsje en kommandant fan it Kommando Logistiek en Opliedingen fan de Keninklike Loftmacht west. Hemmes wie foarsitter fan de Stichting Genootschap Engelandvaarders, de Stichting Samenwerkend Verzet 1940 -1945 en de Vereniging Oud Strijders Prinses Irene Brigade.

Rudi Hemmes ferstoar op 13 novimber 2022 yn 'e âldens fan 99 jier.


Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL

Tags:

Rudi Hemmes LibbensrinRudi Hemmes13 novimber192320 juny2022De HaachGeneraal-majoarHarderwykNederlân

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Yme SchuitmakerHielal189926 febrewarisCriss StrokesBrânreade8521858Gieren fan de Alde WrâldJureka del MarHôfwrotmûzenMasturbaasjeT-sekshâldingLLeppelbekMazar-e-SharifGeorge WashingtonEkonomyBarabbasSpanjeLillian GishPerzyskMetallic-kleurMeksikoJada StevensFingerjenKneppelfreedGielwangwrotmûsDjango UnchainedGina GersonKunnilingusMarilyn CrystalShalina DevineJeropaDouglas C-47 SkytrainKaribyske lamantynFjetnamHelp21 aprilMaginta1616West Coast ProductionsBarbarijsk grûniikhoarntsjeKantabryske hazzeLouis DaguerreGreefskip Bentheim (Landkreis)Nikolaastsjerke (Obergum)MarksismeJeraazjewebsteeOomramNederlânJ. MacDzjibûtyThomas MannGansuCarmen HayesKeunstnerAnale seksKatedraal fan PadûaHillige Roomske RykAngelica MiraiRandom HouseFrouHannelJelle BangmaAlgerynske mûsHamilton (Ontario)Sensual JaneSeimunds pappegaaidoTopless🡆 More