Film Romancing The Stone: Film út 1984 fan Robert Zemeckis

Romancing the Stone is in Amerikaanske romantyske komeedzje en aventoerefilm út 1984 ûnder rezjy fan Robert Zemeckis, mei yn 'e haadrollen Kathleen Turner, Michael Douglas en Danny DeVito.

De titel is dreech oer te setten, mar betsjut eat yn 'e geast fan: "de [eal]stien yn 'e hannen krije troch [mei dejinge dy't him no yn 'e hannen hat] in romantyske relaasje oan te gean". De film giet oer Joan Wilder, in skriuwster dy't fia-fia oan in skatkaart komt en mei in smokkelder út te skatsykjen giet. Romancing the Stone krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en ûntjoech him ek yn 'e bioskopen ta in súkses. De film wûn yn 1985 twa Golden Globes (wêrûnder de Golden Globe foar Bêste Film – Musical of Komeedzje) en waard nominearre foar in Oscar. Yn 1985 waard in ferfolchfilm makke mei as titel The Jewel of the Nile.

Romancing the Stone
Film Romancing The Stone: Plot, Rolferdieling, Produksje en distribúsje film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
Film Romancing The Stone: Plot, Rolferdieling, Produksje en distribúsje
makkers
regisseur Robert Zemeckis
produsint Michael Douglas
senario Diane Thomas
kamerarezjy Dean Cundey
muzyk Alan Silvestri
filmstudio 20th Century Fox
El Corazon Producciones
SLM Production Group
distribúsje 20th Century Fox
spilers
haadrollen Kathleen Turner
Michael Douglas
Danny DeVito
byrollen Manuel Ojeda
Zack Norman
Alfonso Arau
Mary Ellen Trainor
skaaimerken
lân/lannen Film Romancing The Stone: Plot, Rolferdieling, Produksje en distribúsje Feriene Steaten
premiêre 30 maart 1984
foarm langspylfilm
sjenre romantyske komeedzje-
   aventoerefilm
taal Ingelsk (ek wat Spaansk)
spyltiid 106 minuten
budget en resultaten
budget $10 miljoen
opbringst $115,1 miljoen
prizen Golden Globe
filmsearje
filmsearje Joan Wilder & Jack T. Colton
● folgjend diel The Jewel of the Nile

Plot

Joan Wilder is in súksesfolle, mar iensume skriuwster fan romantyske romantsjes út New York. As se it manuskript fan har jongste boek oan har útjouster Gloria oerdrage wol, kriget se ûnderweis dêrhinne fan in buorfrou in oan har rjochte brief yn 'e hannen drukt, dy't stjoerd is troch har koartlyn fermoarde sweager Eduardo, út Kolombia. Wylst se fuort is, wurdt der yn har appartemint ynbrutsen troch in sinistere man, dy't de konsjerzje fan it appartemintekompleks fermoardet as dy him trappearret. As se wer thús komt, treft Joan har appartemint hielendal oer de kop helle oan.

Wylst se it spul noch ferbjustere oereaget, wurdt se opskille troch har suster Elaine, de widdo fan Eduardo. Dy fertelt har dat se ûntfierd is en finzen holden wurdt troch kriminelen dy't op 'e siik binne nei in skatkaart dy't Eduardo koartlyn yn 'e hannen krigen hat. Elaine fermoedet dat Eduardo de kaart opstjoerd hat nei Joan en freget har oft se de lêste tiid ek post fan Eduardo ûntfongen hat. Joan iepenet it brief fan Eduardo, dat yndie in skatkaart blykt te befetsjen. (Dat wie ek wêr't de sinistere ynbrekker nei op 'e siik wie.) De skatkaart foarmet de lospriis dy't de ûntfierders foar Elaine har frijlitting easkje, dat Elaine jout Joan oanwizings om nei de Kolombiaanske stêd Cartagena te reizgjen en de skatkaart dêr oer te dragen oan har ûntfierders, de neven Ira en Ralph.

Joan hastiget har om op it fleantúch nei Kolombia te stappen, mar dêr oankommen blykt de taalbarriêre (se sprekt gjin wurd Spaansk) in probleem as se by de lofthaven de bus nei Cartagena siket. In freonlike Kolombiaan (eins nimmen oars as de sinistere ynbrekker út New York) wiist har de juste bus, dêr't er sels ek yn stapt. Joan falt ûnderweis yn 'e sliep, en as se wekker wurdt, riidt de bus oer ûnferhurde wegen troch it tropysk reinwâld yn it binnenlân fan Kolombia, wylst Cartagena in stêd oan 'e kust is. Underwilens hat Ralph, dy't Joan by de lofthaven opwachte, sjoen (mar net foarkomme kinnen) dat se yn 'e ferkearde bus stapte. Yn in hierauto set er de bus efternei.

As Joan de bussjauffeur ôfliedt mei fragen oer wêr't se binne en hoelang't de reis noch duorje sil, riidt er de bus boppe-op in Land Rover dy't oan 'e kant fan 'e wei stiet. By dat ferkearsûngemak geane beide fiertugen nei gychem. De bussjauffeur en de oare passazjiers sette geandefoets ôf nei de bewenne wrâld, mar de sinistere Kolombiaan, dy't ûnderwilens troch Ralph identifisearre is as de ûnmeilydsume kolonel Zolo, makket Joan wiis dat der gau genôch in oare bus delkomme sil. Nei't se allinne efterbleaun binne, lûkt er in revolver en besiket er Joan har hântaske te ûntstellen. Ear't dat lykwols syn beslach krije kin, wurde se ûnderbrutsen as de eigner fan 'e Land Rover weromkomt, dat de Amerikaanske smokkelder fan eksoatyske fûgels Jack T. Colton blykt te wêzen. As Zolo op him sjit, lûkt dy in jachtgewear út it foedraal op syn rêch en sjit er werom.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Nei't Jack mei syn gruttere fjoerkrêft Zolo op 'e flecht jage hat, biedt Joan him jild oan as er har út 'e jungle en by in tillefoan bringe wol. Jack giet op dat oanbod yn, mar de fuottocht feroaret yn in wylde flecht as Zolo weromkomt mei de pleatslike plysjes, dy't nei't it skynt earst sjitte en dan fragen stelle. Dêrtroch binne Jack en Joan twongen om 'e wei te ferlitten en har in paad te sykjen dwers troch it reinwâld hinne. Wiet en smoarch ûntdekke se it wrak fan in delstoart fleantúch, dêr't se de nacht trochbringe. It blykt in fleantúch te wêzen dat brûkt waard foar it smokkeljen fan drugs, en it leit fol marihûana, dat se brûke om in fjurke fan te stoken. Under ynfloed fan 'e reek fan dat fjoer feroaret de stikelige relaasje fan Jack en Joan yn in freonskiplikenien en Joan fertelt Jack oer har suster en de skatkaart.

De oare deis berikke se in doarpke wêrfan't Jack ornearret dat it de thúsbasis fan 'e drugssmokkelders is. It liket derop dat se finzen nommen of mooglik fermoarde wurde sille troch de fijannige bewenners, oant se Juan, de pleatslike drugsbaas, moetsje, dy't in grutte fan fan Joan har boeken blykt te wêzen. Yn 'e filla fan Juan wurde Jack en Joan neitiid let en set, en as Zolo, no beselskippe troch syn eigen ûnderhearrigen fan 'e Kolombiaanske militêre plysje, yn it doarpke arrivearret, helpt Juan harren en ûntkom oer in rivier hinne nei in grutter plak. As se dêr oankomme, blykt it der krekt feest te wêzen, en Jack hellet Joan oer om mei te feestfieren. Ralph, dy't yn itselde plak bedarre is, besiket dy jûns op it terras fan in restaurant Joan har hântaske mei de skatkaart te stellen, wêrfoar't er ûnder ferskate taffeltsjes troch krûpt. Syn plan rint lykwols op 'e non as er troch in grou frommes oan har fuotten ûntdutsen en troch har yninoar slein wurdt.

Foar Jack en Joan einiget de jûn mei harren tegearre op bêd yn in pleatslik hotel. Jack bepraat Joan om sels de skat te finen dêr't de skatkaart nei ferwiist, en sy stimt mei dat foarstel yn (wêrnei't er de kaart, dy't er al út har taske fiske hie, temûk wer weromstoppet). Se dreame derfan om mei it jild fan 'e skat in syljacht te keapjen dêr't se tegearre de wrâld mei yn 't rûn sile kinne. De oare moarns arrivearje Zolo en syn mannen mei in protte bombaarje yn it stedsje. Jack en Joan ferlitte it hotel troch in finster en stelle in âlde auto om te ûntkommen. Wat se net witte, is dat it de hierauto fan Ralph is, dy't efteryn leit te sliepen.

Se folgje de oanwizings op 'e skatkaart en fine yn in grot yn 'e wyldernis in ûnbidich grutte smaragd, dy't de namme 'El Corazón' (Spaansk foar "It Hert") draacht. Ralph ûntstelt harren it ding, mar foar't se nei de bewenne wrâld weromkeare kinne, komme Zolo en syn mannen wer opdaagjen. As Ralph dêrtroch ôflaat wurdt, stelt Jack El Corazón werom. Ralph wurdt finzennommen troch Zolo, mar Jack en Joan ûntkomme troch mei syn hierauto in rivier yn te riden, wêrnei't se oer in hege wetterfal hinne spield wurde. Neitiid reitsje se by fersin útinoar oan wjerskanten fan 'e rivier, mar Jack ropt Joan ta nei Cartagena te reizgjen, dêr't er har wer moetsje sil.

Nei't se einlings Cartagena berikt hat, wurdt Joan teloarsteld as Jack skitteret troch ôfwêzigens. Dan nimt Ira kontakt mei har op. Hy wit net dat El Corazón al fûn is, en wol noch altyd de skatkaart hawwe. Se prate ôf en by de moeting besiket Joan de kaart tsjin har suster te ruiljen. Ear't dat barre kin, wurde se ûnderbrutsen troch de fêsthâldende Zolo, dy't net inkeld Ralph, mar ek Jack finzennommen blykt te hawwen. As er driget en fuorje Joan oan 'e krokkedillen, jout Jack einings ta dat hy El Corazón hat, wêrnei't er dy yn 'e krokkedillepoel besiket te skoppen. Zolo wit de smaragd fuort boppe it wetter op te fangen, mar in krokkedil byt him de hân ôf en slokt dy troch mei smaragd en al. Op dat stuit iepenje de Kolombiaanske hantlangers fan Ira it fjoer op 'e militêre plysjes fan Zolo en brekt der in sjitpartij út.

Joan en Elaine naaie út, efterfolge troch de ferwûne mar net lytsman te krijen Zolo. Underwilens pakt Jack de krokkedil dy't El Corazón opfretten hat, by de sturt en besiket er it bist tsjin te hâlden. As Joan mei Zolo yn gefjocht rekket en om help ropt, lit er de krokkedil mei tsjinnichheid gean. Ear't Jack it plak berikke kin dêr't Joan en Zolo oan it fjochtsjen binne, slacht Joan Zolo del mei in stik hout, wêrby't er boppe op in petroaljelamp falt en yn 'e brân fljocht. Dêrnei falt er yn 'e krokkedillepoel en wurdt er ferslynd. As de plysje arrivearret, naaie Ira en syn mannen út, wêrby't se Ralph efterlitte om arrestearre te wurden. Jack, dy't socht wurdt foar smokkeljen, jout Joan in lêste tút en dûkt dan de see yn, de krokkedil efternei dy't El Corazón opfretten hat.

Werom yn New York skriuwt Joan yn minder as gjin tiid in nije roman basearre op har aventoeren yn Kolombia. Har útjouster is derfan oertsjûge dat it nije boek in bestseller wurde sil. As se nei de oerdracht fan it manuskript wer thúskomt, stiet der in oplizzer foar har appartemintekompleks mei dêrop in grut syljacht dat de namme Angelina hat, nei de heldinne út Joan har romans. Jack stiet oan dek, mei learzens oan dy't makke binne fan krokkedillelear. It is dúdlik dat er de juste krokkedil sketten hat. Hy helpt Joan oan board, dêr't se plannen meitsje om harren dream en syl om 'e wrâld hinne yn 'e praktyk te bringen.

Rolferdieling

Film Romancing The Stone: Plot, Rolferdieling, Produksje en distribúsje 
Kathleen Turner.
Film Romancing The Stone: Plot, Rolferdieling, Produksje en distribúsje 
Michael Douglas.
Film Romancing The Stone: Plot, Rolferdieling, Produksje en distribúsje 
Danny DeVito.
    haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Joan Wilder Kathleen Turner
Jack T. Colton Michael Douglas
Ralph Danny DeVito


    byrollen
personaazje akteur/aktrise
kolonel Zolo Manuel Ojeda
Ira Zack Norman
Juan Alfonso Arau
Elaine Wilder Mary Ellen Trainor
Gloria Horne Holland Taylor
frou Irwin Eve Smith
konsjerzje Joe Nesnow
Santos José Chávez
grou frommes Evita Muñoz ''Chachita"
bussjauffeur Camillo García
Angelina Kymberly Herrin
Grogan Ted White
Jesse Gerrard Bill Burton

Produksje en distribúsje

Produksje

It senario foar Romancing the Stone waard yn 1979 skreaun troch Diane Thomas, in servearster út Malibu. It wie har iennichste senario dat ferfilme waard, mei't se omkaam by in auto-ûngemak koart nei't de film útkaam. Romancing the Stone waard regissearre troch de doe noch relatyf ûnbekende Robert Zemeckis. As produsint wie haadrolspiler Michael Douglas by it projekt belutsen foar de filmstudio's 20th Century Fox, de SLM Production Group en it spesjaal foar de film oprjochte El Corazon Producciones. Foar de film wie in budget beskikber fan $10 miljoen. De kamerarezjy waard dien troch Dean Cundey, wylst Alan Silvestri ferantwurdlik wie foar de filmmuzyk.

Romancing the Stone waard op lokaasje opnommen yn it Meksikaanske Veracruz en Huasca de Ocampo. Ek waard der filme by de Rio Antigua te Jalcomulco (ek yn Meksiko) en yn it Steatspark Snow Canyon, yn 'e Amerikaanske steat Utah. De binnendoarsênes waarden opnommen yn 'e Estudios Churubusco yn Meksiko-Stêd. Haadrolspylster Kathleen Turner fertelde letter yn in fraachpetear dat se op 'e filmset ferskate kearen heechoprinnend rûzje krigen hie mei Robert Zemeckis, dy't neffens har mear each hie foar kamera's en effekten as foar de akteurs en harren aktearjen. Nettsjinsteande dat soene se yn 1988 op 'e nij gearwurkje oan Who Framed Roger Rabbit?

Distribúsje

De distribúsje fan Romancing the Stone waard fersoarge troch 20th Century Fox. De film gie op 30 maart 1984 yn premiêre.

Untfangst

De filmkritisy joegen Romancing the Stone oer it algemien positive resinsjes, hoewol't it tydskrift Time de film weisette as "in Raiders-imitaasje foar froulju". The Washington Post wie likemin bot fan 'e film sjarmearre, en hie krityk op sawol it senario ("in soadsje"), de karakterûntjouwing fan Joan Wilder ("ûnlogysk") as de relaasje tusken har en Jack Colton ("sûnder romantyske gemy").

Yn skerp kontrast dêrmei skreau it tydskrift Time Out: "It skript is skerp skreaun en grappich" en "de rezjy stiet stevich op 'e skonken, sawol wat komeedzje as wat aksje oangiet". It blêd fûn Romancing the Stone eins in bettere film as Indiana Jones and the Temple of Doom, dy't ek yn 1984 útkaam. De foaroansteande filmkritikus Roger Ebert omskreau Romancing the Stone yn 'e Chicago Sun-Times as "in grappige, fleurige efterfolgingsfilm", dêr't er bot fan genoaten hie, benammen "fan alle ûnwierskynlike gefaren, de kleurrike cast fan smjunten en de oannimlike relaasje dy't him ûntjout tusken de haadpersoanen." Ebert fûn dat de film geunstich ôfstiek by oare neibearings fan Indiana Jones and the Raiders of the Lost Ark. It tydskrift Entertainment Weekly naam Romancing the Stone op yn syn list fan films dy't 1984 ta in geweldich filmjier makken.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Romancing the Stone in heech goedkarringspersintaazje fan 84%, basearre op 50 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, omskreau de film as "in aventoer dat smoarfol aksje sit, opfleure mei de knetterjende gemy tusken de beide haadpersoanen, dy't goed oaninoar weage binne." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Romancing the Stone in goedkarringspersintaazje fan 63%, basearre op 17 resinsjes.

Resultaat

Opbringst

Romancing the Stone behelle yn 'e bioskopen wrâldwiid in opbringst fan $115,1 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $10 miljoen betsjut dat in winst fan rom $105 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch al ôf moasten. Dat kaam as in grutte ferrassing, mei't de studiobazen by 20th Century Fox ferwachten dat de film floppe soe. Nei't se in foarriedich montearre ferzje fan 'e film sjoen hiene, wiene se dêr sa wis fan dat se regisseur Robert Zemeckis op foarhân al ûntsloegen as regisseur fan 'e film Cocoon, dy't doe yn 'e preproduksjefaze siet. Uteinlik wie Romancing the Stone lykwols de iennichste kaskreaker dy't 20th Century Fox yn 1984 hie. De film makke de reputaasje fan Zemeckis, dy't letter sizze soe dat it súkses fan Romancing the Stone syn film Back to the Future mooglik makke hie.

Prizen

By de Golden Globes, yn jannewaris 1985 wûn Romancing the Stone twa prizen, foar bêste film (musical of komeedzje) en foar bêste aktrise yn in musical of komeedzje (Kathleen Turner). De film waard ek nominearre foar de Oscar foar bêste filmmontaazje en de Writers Guild of America Award foar bêste orizjinele senario.

Boek

Neitiid waard in roman op basis fan 'e film útjûn dy't ek Romancing the Stone hiet. It boek soe skreaun wêze troch "Joan Wilder", mar de wiere auteur wie Catherine Lanigan.

Ferfolch

It ûnferwachte súkses fan Romancing the Stone late ta it meitsjen fan in ferfolchfilm, dy't yn 1985 útkaam ûnder de titel The Jewel of the Nile. Dêrfoar kearden Kathleen Turner, Michael Douglas en Danny DeVito werom yn 'e haadrollen. The Jewel of the Nile, dat yn Egypte spile, wie like súksesfol as Romancing the Stone. In trêde diel út 'e rige, dat The Crimson Eagle hjitte sillen hie en yn Tailân spile, bleau stykjen yn 'e preproduksjefaze en waard nea makke. Yn 1989 wurken Turner, Douglas en DeVito op 'e nij gear yn 'e film The War of the Roses, dy't fierders lykwols neat mei Romancing the Stone út te stean hie.

Yn 2005 en yn 2008 besocht Douglas om 'e nocht in nij ferfolch op Romancing the Stone fan 'e grûn te krijen, dat Racing the Monsoon hjitte moast. Tusken 2007 en 2011 bestiene der by 20th Century Fox plannen foar in tillefyzjesearje op basis fan Romancing the Stone, mei Taylor Kitsch of Gerard Butler as Jack T. Colton en Katherine Heigl as Joan Wilder. Ek dat rûn op neat út.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

Film Romancing The Stone PlotFilm Romancing The Stone RolferdielingFilm Romancing The Stone Produksje en distribúsjeFilm Romancing The Stone UntfangstFilm Romancing The Stone ResultaatFilm Romancing The Stone BoekFilm Romancing The Stone FerfolchFilm Romancing The Stone Keppelings om utensFilm Romancing The Stone19841985AventoerefilmBioskopenDanny DeVitoFerfolchfilmFeriene SteatenFilmFilmkritisyGolden GlobeGolden Globe foar Bêste Film – Musical of KomeedzjeHaadrolOscarRelaasje (ynterpersoanlike bân)ResinsjeRezjyRomantyk (leafde)Romantyske komeedzjeSkriuwsterSmokkeljenTitel (namme)

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

WolfTelefyzjeKortikosteroïdeAlawitenKrêftMagyArp Hiemstra20201952NovialSarah BanksGNU/FDLList fan Belgyske keunstskildersLouis PasteurWikipedyDedemsvaart (doarp)PakistanEgyptePrêrjewolfAngelica RavenSkoanfamyljeTennisSotterum (Koarnwert)List fan ferdivedaasjeparken yn NederlânKoloanjeKatalaanskTon BaasKeninkryk Grut-BrittanjeAstronoomFolksmuzyk18 febrewarisKanadaOanslachEkshibisjonismeMaas2007Spanje1939BûdapestAmerikaanske LoftmachtWebloch1983IerdbevingHellendoorn (gemeente)Bruce VentureTurkskRocco SiffrediYndoneezjeWrâldkampioenskip fuotbal1975OregonDierenIstanbûlPornografyske filmLiter1431FerspriedingsgebietMilfpornografyFideoDeastrafBruto Ynlânsk ProduktRoomsk-Katolike TsjerkeEl NiñoTechnykGesinHeechlearaarSokratesFryslân22 junyGregoriaanske kalinder🡆 More