Roelof (Roel) Bergsma (Warten, 23 novimber 1917 - Terherne, 31 maart 1988) wie in Fryske ûnderwizer, dammer en revuskriuwer.
Roelof (Roel) Bergsma | ||
sporter | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | 23 novimber 1917 | |
berteplak | Warten | |
stjerdatum | 31 maart 1988 | |
stjerplak | Terherne | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Damjen |
Roel Bergsma waard ûnderwizer oan de iepenbiere skoalle fan Terherne. Yn it doarpslibben hat er in ûnbidigen wurk fersetten. Sa boude hy as foarsitter de Terhernster VVV op. Yn it doarpsblêd "Brio" hat er ûnder de namme Stikelstekker in soad kommentaar jûn. Ek de skûtsjesyljûnen yn doarpshûs De Buorkerij fan Terherne makke hy as in soarte fan seremoanjemaster suver ta in kabaretjûn.
Foar de skoalle begûn er mei it skriuwen fan Fryske revustikken. Namme makke er ek as skriuwer foar it Underwizerskabaret Mid-Fryslân, in ploech ûnderwizers dy't sûnt 1964 de planken opgong mei revustikken en sjongspullen. Foar in soad sport- en doarpsferienings skreau master Bergsma revu- en kabaretteksten. Sa brûkte kabaretselskip It Wâld teksten fan him.
Tritich jier wie Roel Bergsma foarsitter fan it Frysk Dambûn. Yn de Ljouwerter Krante hie er 25 jier in damrubryk. Hy wie de broer fan dammer Piter Bergsma. Hy publisearre ek faak oer it Frysk damjen.
As redenrike amtner fan de boargerlike stân wie hy altyd aktyf op de Boerebrulloft op De Jouwer.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Roel Bergsma, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.