Robin Thicke

Robin Thicke (útspr.: ; Los Angeles, 10 maart 1977) is in Amerikaansk sjonger, lietsjeskriuwer en akteur.

Hy is de soan fan 'e Kanadeeske akteur Alan Thicke en de Amerikaanske sjongster en aktrise Gloria Loring, dy't faninoar skieden doe't er sân jier wie.

Robin Thicke
Robin Thicke sjonger en/of muzikant
Robin Thicke in Hollywood California - July 2019
Robin Thicke in Hollywood California - July 2019
persoanlike bysûnderheden
echte namme Robin Thicke
nasjonaliteit Robin Thicke Amerikaansk
berne 10 maart 1977
berteplak Los Angeles (Kalifornje)
etnisiteit Robin Thicke Angelsaksysk Amerikaansk
Robin Thicke Angelsaksysk Kanadeesk
wurkpaad
sjenre soul, R&B, pop
sjongtaal Ingelsk
grutste hit(s) Blurred Lines
jierren aktyf 1994 – no
offisjele webside
www.robinthicke.com

Libben en karriêre

Thicke krong de muzykyndustry binnen doe't er noch mar in tsiener wie, en die dat sûnder de stipe fan syn heit (dy't wegere om foar it opnimmen fan syn earste demo te beteljen), om't dy leaver sjoen hie dat syn soan him ynstee op syn stúdzje talein hie. Yn 't earstoan wie Thicke benammen as lietsjeskriuwer foar oare artysten aktyf, en hied er yn dy hoedanichheid gedoente mei ferneamde popstjerren as Christina Aguilera, Usher en Mary J. Blige. Letter, nei't er sels in beskieden súkses berikt hie mei syn earste albums, wurke er ek gear mei Pharrell Williams en Nicki Minaj.

Ynternasjonale ferneamdheid krige Thicke troch syn single Blurred Lines, fan it album mei deselde namme, dy't er yn gearwurking mei Pharrell Williams en T.I. yn maart 2013 útbrocht. Yn 'e byhearrende fideoklip sprongen trije modellen (Emily Ratajkowski, Jessi M'Bengue en Elle Evans) topless om, en mei dêrtroch wie it liet tige kontroversjeel, wat lykwols de ferkeapsifers allinnich mar te'n goede lieken te kommen. Williams, dy't it nûmer skreau, liet him dêrby ynspirearje troch it ferske Got to Give It Up, fan Marvin Gaye, út 1977, wat neitiid late ta in bittere juridyske striid mei de erven Gaye oer de fraach oft Blurred Lines ynbrek makke op harren auteursrjochten. Yn maart 2015 besliste in Amerikaanske federale sjuery dat dat yndie sa wie, en waarden Thicke en Williams feroardiele ta it beteljen fan $7,4 miljoen oan skeafergoeding.

Priveelibben

Robin Thicke wie foarhinne troud mei aktrise Paula Patton, dy't er foar it earst met hie yn in útgeansgelegenheid foar minderjierrigen yn 1991, doe't er fjirtjin jier wie. Hy begûn yn 1993 serieus mei har om te gean, en troude yn 2005 mei har. Hja krigen in soan, Julian Fuego Thicke, dy't berne waard yn 2010. Yn febrewaris 2014 giene Thicke en Patton lykwols útinoar en nettsjinsteande it feit dat Thicke dat jiers syn album Paula útbrocht, dat er opdroech oan syn frou (mei û.m. it nûmer Get Her Back), fregen se yn oktober 2014 in skieding oan. Harren leafdesperikelen waarden breed útmetten yn 'e rabbersblêden.

Diskografy

    studio-albums
  • 2003 – A Beautiful World
  • 2006 – The Evolution of Robin Thicke
  • 2008 – Something Else
  • 2009 – Sex Therapy: The Session
  • 2011 – Love after War
  • 2013 – Blurred Lines
  • 2014 – Paula

Foar de folsleine diskografy fan Robin Thicke (ynklusyf singles en fideoklips), sjoch op dizze side op 'e Ingelske Wikipedy.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

Robin Thicke Libben en karriêreRobin Thicke PriveelibbenRobin Thicke DiskografyRobin Thicke Keppelings om utensRobin Thicke10 maart1977AkteurAlan ThickeFeriene SteatenJierKanadaLietLos AngelesSjongerSkieding (houlik)Soan

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Sarah YoungOntarioFenus (mytology)Cassidy BanksJapanItaaljeKompjûterkloftRicki RaxxxSaeb ErekatIngwierrumPornhubIt's a Beautiful Day633Hantsjemier1913Dûbele penetraasjeKya TropicHeinrich BarthKomoarenFosite640Ahmed AboutalebHeipealhâldingGrikelân2024Feriene SteatenUrkAleksander de Grutte2010Marijn KuipersUniversiteit fan YaleGaelyske talenAfrikaMaserati XXX12 septimberGetalJelle BangmaCriss StrokesYme SchuitmakerKendra SpadeKimberly KendallNederlânsk2007Nicole Oring1972YnternetPersia MonirHôfwrotmûzen1508HannelSûmbapappegaaidoSnoadfoanPeter PiotSekretaris-generaalVina SkyHelpPausTarzan (film út 1999)RotaasjeperioadeGlamourfotografyLapdanceKatedraal fan Otranto2014Wilhelm MarrDeputearre SteatenAlde Maaie🡆 More