Polityk Rjochts

Rjochts is yn 'e polityk in term om 'e ideology fan politike partijen en fan yndividuële politisy en oare persoanen yn it polityk spektrum oan te tsjutten.

De rjochtse polityk stiet foar it idee dat beskate hierargyen yn 'e maatskippij en/of ferskillen tusken maatskiplike klassen net te fermijen, natuerlik, normaal of winsklik binne. Dat wurdt dan ornaris ûnderboud mei in berop op 'e wetten fan 'e natuer, de ekonomyske reäliteit of lang besteande tradysjes. Sa kinne hierargy en ûngelikensens ienfâldichwei beskôge wurde as gefolgen fan tradisjonele ferskillen op it mêd fan talint, berop of ûnderwiis of fan 'e natuerlike konkurrinsje dy't bestiet yn kapitalistyske frije-merkekonomyen.

De termen 'rjochts' en 'lofts' yn 'e kontekst fan 'e polityk ûntstiene yn 'e jierren fuort nei de Frânske Revolúsje fan 1789, en ferwize nei de doetiidske yndieling fan sitplakken yn it Frânske parlemint, de Steaten-Generaal. It wie doe nammentlik sa dat de oanhingers fan monargy en it saneamde Ancien Régime rjochts fan 'e foarsitter sieten, wylst de foarstanners fan de revolúsje en fan sekularisaasje en de ynstelling fan in republyk lofts fan 'e foarsitter sieten. Nei't yn 1815 mei de Restauraasje fan it Hûs Boerbon it keninkryk wer ynsteld waard, bleau dy sitewaasje hanthavene en rekken de termen rjochts en lofts yn algemien gebrûk. Sa waarden se meitiid ferspraat oer de rest fan Jeropa.

Tsjintwurdich wurdt 'rjochts' yn politike sin brûkt foar in stikmannich politike streamings, wêrûnder it konservatisme, de kristen-demokrasy (wat eins in kristlik ynrjochte konservatisme is) en it liberalisme. It nasjonalisme kin sawol rjochts as lofts wêze; de nasjonalistyske partij NVA yn Flaanderen hat bygelyks dúdlik in rjochts karakter, wylst oare nasjonalistyske partijen, lykas de FNP yn Fryslân en de SNP yn Skotlân harren opkommen foar in etnyske minderheid fermongen hawwe mei tradisjoneel loftse stânpunten. Ekstreem-rjochts of ultra-rjochts omfiemet streamings lykas it faksisme en it nasjonaal-sosjalisme, dy't yn it ferline gauris polityk geweld brûkt hawwe tsjin harren tsjinstanners, en rasisme en oare foarmen fan diskriminaasje (lykas seksisme en homofoby) opnommen hawwe yn har polityk program. Foar soksoarte partijen wurdt tsjintwurdich de term populisme wol as eufemisme brûkt.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.

Tags:

BeropEkonomyIdeologyKapitalismeKonkurrinsje (ekonomy)Maatskiplike klasseMaatskippijPersoanPolitike partijPolitisyPolitykTalintTradysjeÛnderwiis

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Julie SkyhighJade KushEtiopyske kalinder2001Hylke Speerstra8 desimberGaya Patal15e iuw8 febrewarisTruus PostmaLuna SilverLeilani VegaFryske mytologyBurj KhalifaUpskirtGrikenNovial25e iuw1993Bad Samaritan (film)Carles PuigdemontToskdoAubrey KateRôfdierJoyce OliveiraCreative CommonsDoekle TerpstraBenediktus XVIAnale seksGrutte Priis Formule 1 fan Jeropa 2001Seksuele penetraasjeSitaatpuzelPhilippus H. BreukerBedrigingGermaanske talenMegan VaughnBulgarije1981MuskusrôtNoardhoekskPaulina SeikolaLexxxi LockhartUnbreakable (film)YndoneezjeJapan20e iuwMeso-AmearikaSamoähunningiterEmiel StoffersJongfryske MienskipBang BrosAdam en EvaSkamte (anatomy)Arwen GoldSwierwêzen9 maaieHinJoo Min Lee1 maart2009Jewels JadeReinhard HeydrichPake en beppeGriis iikhoarntsjeSan DiegoHTMLYnternasjonale Kynologyske Federaasje🡆 More