Ridder

In ridder (it wurd is ôflaat fan ruter) wie yn de Midsiuwen oarspronklik in bepantsere soldaat ruter dy't de ridderslach ûntfongen hie.

Meastentiids waard dat dien troch de kening of in plakferfanger fan him. Letter waard de namme assosjearre mei de eallju en in hege sosjale status, nei alle gedachten omdat de kosten fan de útris troch de gewoane kriichslju net mear op te bringen wie.

Ridder
In ridder kriget de ridderslach, ofbyld ± 1320

Yn it iere Romeinske Ryk foarme de equites (iental eques), letterliker "ruters", al in sosjaal befoarrjochte stand, in soart middenklasse tusken de patrysjers en plebejers yn. De equites droegen û.a. maliënkolders. Om by dizze stand te hearren moasten sy al oer in wis fermogen beskikke. Yn it Romeinske leger foarme equites de kavalery. Lykwols wie harren funksje op it slachfjild meastentiids beheind ta it útfiere fan ferkenningstochten, omdat de Romeinen noch net oer de Stiichbûgel beskikten. Sûnt de ein 3e iuw f.Kr. waard de Romeinske kavalery benammen levere troch alliearde folkeren, en waard eques in symboalyske titel foar de Romeinske elite.

Yn Jeropa is nei de Romeinske tiid, yn de Iere Midsiuwen stadichoan de modernere ridder ûntstien. Hy beskikte oer swiere wapens en wie tanksij de stiichbûgels in tige effektive strider dy't oer in eigen hynder beskikte. Yn earsten waard in grut diel fan de ridders rekrutearre út de klasse fan de minsterjalen, tsjinstlju fan rike eallju. Dat wienen faak ienfâldige boeresoannen dy't troch de lânhear frijsteld waarden foar it wurk op it lân en ynstee dêrfan oare taken krige, û.o. as wapene begelieder, dy't op in hynder stride koenen. Om op in hynder mei de lange lâns stride te kinen, wie net ienfâldich en om dêryn in útblinker te wurden, wie it bêste om der al op jonge leeftyd mei trene te begjinnen. De ministerjalen libben meastentiids op it kastiel fan harren master of hienen in eigen kastiel yn lien.

Yn de tiid fan de Karolingen krige de "ridderstân", dêr't it lidmaatskip fan foar in part erflik bepale wie, hieltyd mear stal. Wat harren wize fan libben oangie, ferskilden de ridders ynearsten net folle fan de lytse grutgrûnbesitters. Letter waard de ridderstân in sletten kaste, dêr't de posysje fan ridder waard erflik yn waard. Der ûntstie in systeem mei learlingen, skyldknapen neamd, dy't ridder wurde koenen, nei earst in oplieding te hawwen folge by harren patroan. Yn de lette midsiuwen lutsen de keningen dizze foech nei harren ta.

Doe't de maliënkolders ferfolgen waarden troch de noch kostbere harnassen waard de ridderstân en ûntwikkele sy in eigen ethos en gebrûken. Op oaren, hannelslju of boeren waard delsjoen. Sy boasken yn de eigen kaste. De ridderstân wie in klasse binnen de adel wurden.

De ridderslach wie it ritueel dêr't ien by de Ridderstân lid wurde koe. De Ridder knibbele foar in oare ridder of in kening en waard mei in swurd op syn skouder tikt.

Sjoch ek

  • De krústochten ridderoarder: Gulden Vlies.
  • List fan Ridders en harren Oarden

Keppeling om utens

Tags:

EalljuMidsiuwen

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Carla de WalYnternasjonale Kynologyske FederaasjeJade Jantzen1989MoannedoPaulina SeikolaIvan KramskojWrâldsûnensorganisaasjeKoöperaasjeFoppe Land418ISO 3166Grutte SlinkYby PotlatchBlokmiesSean LawlessSandy MilzHeather LeeHûnsrichAfrikaanske pappegaaidoHelpWolfAdolf HitlerGrammy AwardInstitut polytechnique de ParisJulie SkyhighFetisjSierra LeöaneNew York (stêd)ItaaljeNeakenensReligyWashington, D.C.Afro-Aziatyske woastynsliepmûsPraach1200École polytechniqueSittende BollePieter BreukerSaya SongSasha GreyHavana GingerSúdwest-FryslânJan RijpstraVladimir Solovjov (filosoof)Nicole BexleyBank (finansjele ynstelling)Skiednis fan de provinsje FryslânWyts JuwsmaSensual JaneSarah YoungAkteurFideospultsjeMoslimGemme fan BurmaniaMichelle SambaHôfdoAafke BijlsmaDoede VeemanLulu ChuAtom Heart MotherHoiList fan hunebêden yn NederlânKultuer🡆 More