Firginia Richmond

Richmond is de haadstêd fan de steat Firginia yn de Feriene Steaten en leit oan de rivier de James, sa'n 150 kilometer stream op fan de mûning yn de Chesapeakebaai.

Richmond
Boppe: Stedssilhûet wetterfallen fan de James. Midden: St. John's Episkopale tsjerke, Jackson Ward, Monument Avenue. Under: Virginia State Capitol, Sjasjon Main Street
Boppe: Stedssilhûet wetterfallen fan de James. Midden: St. John's Episkopale tsjerke, Jackson Ward, Monument Avenue. Under: Virginia State Capitol, Sjasjon Main Street
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Firginia
Sifers
Ynwennertal 204.214 (2010)
Oerflak 162 km²
Befolkingsticht. 1.2398/ km²
Stêdekloft 1.258.251
Hichte 45,7 m
Oar
Tiidsône EST (UTC-5)
Simmertiid (UTC-4)
Offisjele webside
http://www.richmondgov.com
Firginia Richmond
Lizzing fan Richmond yn 'e steat Firginia.

Ut de skiednis

Firginia Richmond 
Richmond yn pún, nei de ein fan de Boargerkriich

It gebiet dêr't Richmond no leit waard foar it east ferkend troch Ingelske kolonisten ûnder kaptein Christopher Newport om 1607 hinne. Lykwols kaam de hannel dêr earst goed opgong om 1644 hinne doe't it nijboude Fort Charles mear besteanssekerheid joech en mear kolonisten luts. Rillegau waard it doe in hannelspost foar pelzen, bistehûden en tabak.

Yn 1737 waard de stêd stifte troch oerste William Byrd II op it plak dêr't ea de haadstêd fan it yndiaanske ryk Powhatan lei, dat troch de Ingelsken ferovere waard. Doe't Richmond yn 1742 stedsrjocht krige wennen der 250 minsken. Yn 1782, in koart skoft neidat de Ingelsken har oerjûn hiene yn de Amerikaanske Unôfhinklikheidskriich waard Richmond de haadstêd fan Firginia. Yn de Amerikaanske Boargeroarloch wie it de haadstêd fan de Konfederaasje. Krekt foar it belies fan de Konfederaasje ferwoastgen soldaten fan de Konfederaasje grutte dielen fan de stêd.

Richmond hat omdat it de haadstêd fan de súdlike steaten wie yn de Boargerkriich in protte museums en monuminten, benammen oan de Monument Avenue, wijd oan dat haadstik fan syn skiednis.

Yn 1888 krige Richmond as earste yn de Feriene Steaten in elektryske tram.

Demografy

Fan de befolking is 13,2 % âlder as 65 jier en bestiet foar 37,6 % út ienpersoanshúshâldings. De wurkleazens beslacht 2,9 % (sifers folkstelling 2000) fan de befolking.

Likernôch 2,6 % fan de befolking fan Richmond bestiet út hispanics en latino's, 57,2 % is fan Afrikaanske oarsprong en 1,2 % fan Aziatyske oarsprong.

It ynwennertal sakke fan 202.713 yn 1990 nei 197.790 yn 2000, mat sit no wer op goed 204.000.

Klimaat

Jannewaris hat in trochsneed temperatuer fan 2,1 °C, yn juli is dat 25,6 °C. Der is trochstrings 1096,3 mm neerslag it jier (feiten op basis fan de mjitperioade 1961-1990).


Berne yn Richmond

  • James Branch Cabell (1879–1958), Amerikaansk sciencefiction en fantasyskriuwer
  • Tom Wolfe (1930, Amerikaansk auteur en sjoernalist
  • Shirley MacLaine, (1934), Amerikaansk aktrise (suster fan akteur/regisseur Warren Beatty)
  • Warren Beatty (1937), Amerikaansk filmakteur, -regisseur en -produsint
  • Arthur Ashe (1943-1993), Amerikaanske tennisser
  • Jim Gilmore (1949), Amerikaanske politikus
  • Frank Wiley (1949), Amerikaansk komponist, muzykpedagooch en dirigint
  • David Baldacci (1960), Amerikaansk auteur
  • Aimee Mann (1960), Amerikaansk singer-songwriter
  • Mark Morton (1972), Amerikaansk lead gitarist-songwriter
  • Wes Borland (1975), Amerikaanske gitarist-sjonger
  • Mickie James (1979), Amerikaansk beropswrakselster

Stoarn yn Richmond

  • John Tyler ((1790-1862), Amerikaansk politikus (10e presidint fan de Feriene Steaten)
  • James Branch Cabell (1879–1958), Amerikaansk sciencefiction en fantasyskriuwer

Sjoch ek

Keppeling om utens

Firginia Richmond  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Richmond, Virginia fan Wiki Commons.

Tags:

Firginia Richmond Ut de skiednisFirginia Richmond DemografyFirginia Richmond KlimaatFirginia Richmond Berne yn RichmondFirginia Richmond Stoarn yn RichmondFirginia Richmond Sjoch ekFirginia Richmond Keppeling om utensFirginia RichmondAmerikaanske steatenChesapeakebaaiFeriene SteatenFirginiaHaadstêdJames (rivier)

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

EjakulaasjeKeatsenMuzykAleksander de GrutteKatee OwenOerwûn bern1733Sierra LeöaneMarilyn CrystalAnita BlondWikipedyBank (finansjele ynstelling)Harley RaineSarah YoungWaskbearFresia (midsieuwen)MoslimGrutte SlinkSúdwesthoekskAubrey KatePavel DoerovBoekhâlderAfro-AmerikanenToarnroaskeNoelle EastonJayden LeeTerritoarium HawaïHarmony WonderClara TrinityBrazilian waxArnon GrunbergTehmeena AfzalAdolf HitlerHenk HornstraSúdlarenNoard-NederlânPraachAtom Heart MotherWyt-RuslânBeverrôtDyami MillarsonArwen GoldNoarskRotterdamInstitut polytechnique de ParisFeriene SteatenJ. MacFryslânKraachdoCarla de WalMoannedoMisjonarishâldingDresdenGoudBasketbal op de Olympyske Simmerspullen 2004FellatioFideospultsjeAkteurEchte apolloflintersDe Eerste PrijsSasha GreySahatsa JaureguiJan RijpstraWedaMay ThaiNAngelsaksyske AmerikanenFetysjmodel🡆 More