Redbad Veenbaas

Redbad H.

Veenbaas (Weidum, 1948) is in Frysk ûnderwizer, universitêr ûndersiker en oersetter.

Redbad Veenbaas
persoanlike bysûnderheden
echte namme Redbad H. Veenbaas
nasjonaliteit Redbad Veenbaas Nederlânsk
berne 1948
berteplak Weidum
etnisiteit Redbad Veenbaas Frysk
wurkpaad
aktyf as Unsersiker/dosint oan de VU, oersetter
reden
  bekendheid
syn oersetting fan it gedicht
   The Raven, fan Edgar Allan Poe

Biografy

Veenbaas wie fan 1976 ôf by de Frije Universiteit (VU) yn Amsterdam yn it wurk, benammen as ûndersiker en koördinator fan it Jeugdynstitút VU. Dêr hold er him dwaande mei ûndersyk op it mêd fan jongereinproblematyk, wolwêzenswurk rjochte op 'e jongerein en jongereinsoarch. Veenbaas ferdjippe him by útstek yn 'e ûnderfinings fan allochtoane jongerein yn Nederlân.

Fan 2007 oant en mei 2013 wurke er as universitêr dosint by it Sintrum foar Islamityske Teology (CIT) fan 'e Frije Universiteit, wêrby't syn oandacht op 'e nij benammen útgie nei swierrichheden fan 'e jongerein. Fan 2014 ôf wied er mei-begelieder fan bachelor- en masterskripsjes by it CIT.

Dêrnjonken die Veenbaas ûndersyk nei it dichterskip fan 'e Heliand ("Heilân"), in Midsiuwske evangeeljeharmony yn it Aldsaksysk, dêr't 5.983 regels yn stêfrymfersen fan oerlevere binne. Yn dat ramt besocht er bgl. út te sykjen oft de hypoteze, yn 1965 oppenearre troch Fon Weringha, dat Bernlef de dichter fan dat wurk wie, mooglikerwize op wierheid berêste kin.

Ek is Veenbaas út en troch aktyf as oersetter. Yn 2008 ferskynde ûnder de titel De Raven yn it tydskrift HJIR in fertaling fan syn hân fan it gedicht The Raven, fan 'e njoggentjinde-iuwske Amerikaanske skriuwer en dichter Edgar Allan Poe.

Veenbaas wennet yn Amstelfean, en sit yn it bestjoer fan it Feitsma Fûûns fwar it Frysk.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

1948FryslânOersetterUniversitêrWeidumWittenskiplik ûndersykÛnderwizer

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

1952PoalenAafke BijlsmaKoen EekmaAmerikaanske dollarDierenAldfryskBruto Ynlânsk ProduktStar WarsKrystal SwiftMozilla Firefox1855Minsk27 maartGokkenSekondeTuneezjeNoardfryskCandy MansonSalomonseilannenISO 3166-1FilmprodusintYouTubeJaylene Rio1671TennisDead Horse RunningArûbaBiskopLouis PasteurSeksKirgyzjeArp HiemstraMarijn KuipersJayden LeeFilipynske pappegaaido1818FuortplantingPenisLatynNatuerkundeEkshibisjonismeSkaai (taksonomy)Frysk folkslietMaartFal fan it Westromeinske RykFilmAnneke DoumaJeraazjeMadridBorneoAjaks (mytology)HellendoornJulie SkyhighMaya BijouFryslânIuwAzerbeidzjanHûntsjeshâldingJoo Min LeeSarajevo1954JoegoslaavjeBûdapestISBNHongarijeSpienEast-Jeropa20e iuw$Wittenskiplike nammeTonga🡆 More