Film Red 2: Film út 2013 fan Dean Parisot

Red 2 is in Amerikaanske aksjekomeedzje en spionaazjefilm út 2013 ûnder rezjy fan Dean Parisot.

De haadrollen waarden fertolke troch Bruce Willis, Mary-Louise Parker en John Malkovich, mei Helen Mirren, Byung-hun Lee, Catherine Zeta-Jones, sir Anthony Hopkins, Neal McDonough en Brian Cox yn 'e byrollen. De film is it twadde diel fan 'e Red-filmsearje en as sadanich it ferfolch op Red, út 2010. It ferhaal folget de pinsjonearre CIA-agint Frank Moses, syn faam Sarah Ross en syn maat en âld-kollega Marvin Boggs, as se op 'e nij it doelwyt wurde fan in moardaksje dêr't immen binnen de CIA opdracht ta jûn hat om't Moses tefolle wit oer topgeheime operaasjes út it ferline. Red 2 ûntfong fan 'e filmkritisy oer it algemien mingde en tuskenbeiden resinsjes, mar waard yn 'e bioskopen in beheind kommersjeel súkses.

Red 2
Film Red 2: Plot, Rolferdieling, Produksje en distribúsje film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
Film Red 2: Plot, Rolferdieling, Produksje en distribúsje
makkers
regisseur Dean Parisot
produsint Lorenzo di Bonaventura
Mark Vahradian
senario Jon Hoeber
Erich Hoeber
basearre op Red fan Warren Ellis
   en Cully Hamner
kamerarezjy Enrique Chediak
muzyk Alan Silvestri
filmstudio di Bonaventura Pictures
distribúsje Summit Entertainment
spilers
haadrollen Bruce Willis
Mary-Louise Parker
John Malkovich
byrollen Helen Mirren
Byung-hun Lee
Catherine Zeta-Jones
Anthony Hopkins
Neal McDonough
Brian Cox
skaaimerken
lân/lannen Film Red 2: Plot, Rolferdieling, Produksje en distribúsje Feriene Steaten
premiêre 19 july 2013
foarm langspylfilm
sjenre aksjekomeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 116 minuten
budget en resultaten
budget $84 miljoen
opbringst $148,1 miljoen
filmsearje
filmsearje Red
● foarich diel Red

Plot

Trije jier nei de foarfallen yn Red besiket Frank Moses, in âld-spion foar de CIA, om in normaal bestean te lieden mei syn freondinne Sarah Ross. Dat is folle mear syn kar as harres, want sy is noch altyd sljocht nei mear spionaazje-aventoeren. As se opsocht wurde troch Moses syn freon en âld-kollega Marvin Boggs, dy't beweart dat harren fijannen noch altyd efter harren oan sitte, slacht Moses dy warskôging yn 'e wyn. As Boggs fuortriidt, ûntploft lykwols syn auto. Mei't Boggs al faker syn eigen dea yn sêne set hat, is Moses der net fan oertsjûge dat er echt omkommen is. Sarah bepraat him om nei de begraffenis ta, dêr't er tsjin betterwitten yn in lykrede hâldt oant himsels de triennen oer de wangen rinne.

Nei ôfrin fan 'e begraffenis wurde Moses en Sarah bûten de tsjerke opwachte troch team fan 'e FBI, dat Moses meinimt nei in geheim kantoar. Wylst er dêr ûnderfrege wurdt, kringt de korrupte CIA-agint Jack Horton mei in team fan hierlingen it gebou binnen, dêr't se alle oanwêzige FBI-personiel deasjitte en Moses finzennimme. Horton driget Sarah dea te marteljen as Moses him net fertelt wat er witte wol. Moses hat dêr lykwols gjin boadskip oan, brekt frij en deadet alle hierlingen. As er úteinlik fêst komt te sitten yn in dearinnend diel fan it gebou, wurdt er rêden troch Boggs, dy't yndie net dea blykt te wêzen. Mei Sarah slane de beide mannen trijeresom op 'e flecht.

Boggs leit syn freonen út dat hy en Moses doelwyt wurden binne foar ûnderfreging en eliminaasje om't se tefolle witte oer Operaasje Nightshade, in topgeheime klandestine operaasje fan 'e CIA, wêrby't yn 1981, doe't de Kâlde Oarloch noch yn folle gong wie, in nukleêr wapen de Sovjet-Uny binnensmokkele waard. Dat barde yn dielen fia diplomatike post nei de Amerikaanske ambassade yn Moskou. Ynformaasje oer dy operaasje is troch in anonime persoan fia WikiLeaks op it ynternet publisearre, en der is de Amerikaanske oerheid alles oan gelegen om elts mooglik lek op te spoaren en út te skeakeljen.

Underwilens skowe Horton en syn baas Davis Moses de skuld foar de moard op it FBI-personiel op 'e lea. Sa oertsjûgje se ynljochtingetsjinsten fan befreone lannen derfan dat Moses útskeakele wurde moat. Moses syn âlde freondinne Victoria Winslow lit him witte dat de Britske geheime tsjinst MI6 har opdracht jûn hat om him te deadzjen. Horton en Davis nimme ek in hiermoardner yn 'e earm, Han Cho-Bai, in âld-agint fan 'e Nasjonale Ynljochtingetsjinst fan Súd-Koreä, dy't yn syn heitelân troch tadwaan fan Moses yn ûngenede fallen is en fan wa't Moses sadwaande noch te goede hat.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Han syn assistinte Kelly spoart Moses op basis fan in desennia âlde skûlnamme op yn Teterboro yn Nij-Jersey, dêr't Han fuortendaliks hinne fljocht mei syn superdelúkse privee-fleantúch. As er Moses-en-dy lykwols út 'e wei romje wol yn harren hotel, docht bliken dat se him by de noas hawwe om't se syn fleantúch stelle woene. Nei oanlieding fan in oanwizing dy't se ûntdutsen hawwe op it dokumint oer Operaasje Nightshade dat op it ynternet publisearre is, fertinke Moses en Boggs nammentlik in Frânske hanneler yn steatsgeheime ynformaasje fan belutsenens, dy't bekendstiet as 'De Kikkert'. Mei it fleantúch fan Han reizgje se mei Sarah nei Parys, efterfolge troch in poerrazene Han.

Yn Parys moetsje Moses-en-dy de Russyske generaal-majoar Katja Petrokovitsj, mei wa't Moses yn in fier ferline (ta argewaasje fan Sarah) in seksuele relaasje hân blykt te hawwen. Sy docht foar har regear ek ûndersyk nei Operaasje Nightshade, en twingt Moses-en-dy ta gearwurking, om't se harren oars ferriede sil oan 'e Frânske autoriteiten. Dat fjouweresom besykje se De Kikkert te pakken te krijen, dy't troch Sarah har nuvere opstigings lykwols ûnrie rûkt. Nei in wylde efterfolging troch de Paryske binnenstêd witte se him úteinlik finzen te nimmen, wêrnei't it lykwols dreech blykt om 'e man mei geweld oan 'e praat te krijen. Om't se Katja teplak sette wol, besiket Sarah De Kikkert te ferlieden om har de ynformaasje te jaan dy't se nedich hawwe, en ta ferbjustering fan alle belutsenen slagget dat ek noch.

De Kikkert jout harren de kaai fan in bankklûske, dat Katja Moses letter ûntfytmannet nei't se him in bedwelmjend middel tatsjinne hat. De paranoïde Boggs, dy't dat bedroch wol ferwachte hie, hat de kaai lykwols omwiksele foar ien fan in bankklûske fan in terroristyske organisaasje dat troch de Frânske plysje yn 'e gaten holden wurdt. As se it klûske, iepenje wol, wurdt se sadwaande fuortendaliks oppakt. Moses, Boggs en Sarah fine yn it juste bankklûske dokuminten dêr't yn stiet dat de betinker fan Operaasje Nightshade in doktor Edward Bailey is. Dat wie in Britske útfiner dy't yn 'e iere 1980-er jierren by in besyk oan Moskou troch Moses en Boggs bewekke waard, mar likegoed troch de KGB út 'e ljochten holpen waard troch syn auto op te blazen.

As se, nei oan in moardoanslach fan Han ûntkommen te wêzen, ûntdekke dat Bailey noch libbet, reizgje Moses, Boggs en Sarah nei Londen ta. Dêr rinne se mei syn trijen yn in mûklaach fan Victoria, dy't fan harren komst op 'e hichte steld is troch Boggs. It docht lykwols bliken dat hja alhiel net fan doel is om 'e opdracht om Moses-en-dy te fermoardzjen, dy't har fan hegerhân taparte is, út te fieren. Ynstee helpt se it fuortflechtige trio om harren dea yn sêne te setten, wêrnei't se fjouweresom ynfiltrearje yn in swierbewekke psychiatrysk sikehûs foar gefaarlike gekken dêr't Bailey al 32 jier fêstsit. Se treffe Bailey dêr yn betize tastân oan, om't er, nei't it skynt mei sin medisinen tatsjinne kriget dy't foarkomme dat er helder neitinke kin. Mei de âldman op sleeptou reizgje Moses, Boggs en Sarah nei Moskou, dêr't se mei fjoerwapens en al it lân ynsmokkele wurde troch harren freon en Victoria har minner, de âld-KGB-agint Ivan Simanov.

Yn Moskou arrivearre, begjint Bailey stadichoan helderder te wurden, sadat er him op in stuit tebinnenbringe kin wêr't er al dy jierren lyn de nukleêre bom efterlitten hat. Dat blykt yn 'e katakomben ûnder it Kremlin te wêzen. As se dêr ynbrekke fia in tunnel dy't Sovjet-lieder Leonid Brezjnjev yn it ferline oanlizze litten hat sadat er temûk syn mêtresse besykje koe, fine se lang om let de bom werom. De wurksume stof blykt net plutoanium te wêzen, dat radio-aktive strieling ôfsmyt, mar read kwik, dat hielendal neat ôfsmyt en dêrom ûnopspoarber is. Bailey is de iennichste dy't it geheim dêrfan wit. Moses en Boggs begripe dat it machtslykwicht yn 'e wrâld folslein út balâns brocht wurde soe as in nasjonale oerheid dizze bom of it geheim fan it oanmeitsjen fan read kwik yn 'e hannen krije soe, dat se beslute dat alle bewiismateriaal ferdwine moat. As se yn it Kremlin trappearre wurde troch Katja, wit Moses har te bepraten om dêrby te helpen.

Underwilens hat Victoria har yn Londen, nei de útbraak fan Bailey út it psychiatrysk sikehûs, oerjûn oan MI6 om út te sykjen wêrom't de wittenskipper sa lang sûnder foarm fan proses fêstholden is. Philips, de sjef fan MI6, lit har it dossier ynsjen om har har flater dúdlik te meitsjen, mar dêrnei wol er har út 'e wei romje litte om't er har net mear fertrouwe kin. Victoria wit lykwols sûnder muoite ôf te weven mei de man dy't har eksekutearje moat en spilet fan rutens. Har tillefoantsje oan Moses, om him te warskôgjen, komt lykwols te let: Bailey dy't in folsleine psychopaat blykt te wêzen en neat leaver wol as syn bom ôfgean litte, sjit Katja del om de skuld dêrfoar op 'e lea fan Moses-en-dy te skowen, en naait dan mei de bom út mei Horton en Davis, mei wa't er temûk kontakt socht hat.

Underweis nei de Feriene Steaten lit Horton Bailey witte dat er him foarliigd hat, en dat er fan doel is om 'e âldman nei in geheime ûndergrûnske CIA-finzenis yn Colorado te bringen, dêr't er foltere wurde sil oant er al syn geheimen priisjûn hat. As syn bewekkers ôflaat binne, hellet Bailey lykwols út 'e hakke fan syn skoech in lyts fleske fan troch himsels ûntwikkele senuwgas foar 't ljocht, dêr't er alle ynsittenden fan it fleantúch mei deadet. Himsels hat er der in antygif foar tatsjinne en dat docht er by Horton ek, om't er wol dat dy tsjûge wêze sil fan syn plannen. Yn Londen oankommen, siket Bailey beskûl yn 'e ambassade fan Iraan.

Moses, Boggs en Sarah wurde troch de Russen finzen nommen en ôffierd nei in ôfhandich plak om deamakke te wurden, mar se wurde rêden troch Victoria en Simanov. Op it fleanfjild wurdt Moses wer oanfallen troch Han, mar as harren slaanderij in ympasse berikt, wit Moses syn âlde fijân oer te heljen om 'e lapen mei him en de oaren gear te smiten om Bailey tsjin te hâlden. Mei-inoar reizgje se nei Londen, dêr't Sarah, Boggs en Moses de Iraanske ambassade ynfiltrearje. Se ûntdekke de lokaasje fan 'e bom, mar pas nei't Bailey dy aktivearre en Horton fermoarde hat. Bailey pykt út mei Sarah as gizelster en bejout him nei it fleanfjild dêr't Moses-en-dy Han syn priveefleantúch efterlitten hawwe, sadat er oan 'e nukleêre holokaust ûntkomme kin dy't syn bom oer Londen bringe sil.

Film Red 2: Plot, Rolferdieling, Produksje en distribúsje 
Bruce Willis.
Film Red 2: Plot, Rolferdieling, Produksje en distribúsje 
Mary-Louise Parker.
Film Red 2: Plot, Rolferdieling, Produksje en distribúsje 
John Malkovich.
Film Red 2: Plot, Rolferdieling, Produksje en distribúsje 
Helen Mirren.

Victoria en Han sette de efterfolging op Bailey yn, wylst Moses en Boggs mei de bom yn in kaapte helikopter troch de loft dy kant útsette. Boggs syn besykjen om 'e bom te ûntwapenjen hawwe inkeld as effekt dat it ôftellen flugger giet. Op it fleanfjild giet Moses mei de bom oan board fan it fleantúch, mar Bailey bonsjoert him der wer út. Wol lit er him Sarah meinimme, fan wa't er no gjin ferlet mear hat. It is net nedich om harren dea te sjitten, om't de nukleêre eksploazje harren dochs wol ombringe sil. Bailey set ôf mei it fleantúch, wylst Moses en Sarah harren by de oaren jouwe. As de timer fan 'e bom ôfrint, folget der in reuseftige eksploazje: heech yn 'e loft dêr't Han syn fleantúch mei Bailey deryn fljocht, mei't Moses inkeld it kofferke dêr't de bom yn siet mei fan board nommen hat. Han easket lulk dat Moses him $30 miljoen betelje sil foar in nij fleantúch, mei dêropta nochris $20 miljoen foar it sparjen fan syn libben. Moses bewissiget Sarah derfan dat Han eins in leave jonge is dy't it net sa mient.

Rolferdieling

    haadrollen
personaazje akteur/aktrise
âld-CIA-agint Frank Moses Bruce Willis
Sarah Ross Mary-Louise Parker
âld-CIA-agint Marvin Boggs John Malkovich
    byrollen
personaazje akteur/aktrise
âld-MI6-aginte Victoria Winslow dame Helen Mirren
âld-NYT-agint Han Cho-Bai Byung-hun Lee
generaal-majoar Katja Petrokovitsj Catherine Zeta-Jones
dr. Edward Bailey sir Anthony Hopkins
CIA-agint Jack Horton Neal McDonough
âld-KGB-agint Ivan Simanov Brian Cox
'De Kikkert' David Thewlis
Davis Garrick Hagon
Philips, sjef fan MI6 Tim Pigott-Smith
ambassadeur Arman Philip Arditti
Wade Mitchell Mullen
Blackwell Martin Sims
Vance Tristan D. Lalla
Serena Nathalie Buscombe
Kelly Emma Heming Willis
Cobb Steven Berkoff
generaal Burgess Titus Welliver
Russyske ofsier Andrew Byron

Produksje en distribúsje

Produksje

Red 2 waard regissearre troch Dean Parisot nei in senario fan Jon Hoeber en Erich Hoeber op basis fan 'e stripsearje Red fan Warren Ellis en Cully Hamner. As produsinten wiene Lorenzo di Bonaventura en Mark Vahradian by it projekt belutsen foar de filmstudio di Bonaventura Pictures. Foar de film wie in budget beskikber fan $84 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Enrique Chediak, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Alan Silvestri. De opnamen setten ein septimber 2012 útein, en fûnen foar it meastepart plak yn Montreal, Londen en Parys.

Film Red 2: Plot, Rolferdieling, Produksje en distribúsje 
De Lilke Ein dy't yn Red 2 troch Mary-Louise Parker bestjoerd waard by de efterfolging troch de binnenstêd fan Parys.

Distribúsje

De distribúsje fan Red 2 waard fersoarge troch Summit Entertainment fia syn memme-ûndernimming Lionsgate Films. De film gie op 19 july 2013 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre.

Untfangst

Fan 'e filmkritisy krige Red 2 oer it algemien mingde of tuskenbeiden resinsjes. Sa omskreau Justin Chang fan it tydskrift Variety de film as "in plichtmjittige ferfolchfilm dy't it net alhiel slagget om 'e slûchslimme, ûnspande wille fan syn fleurich healwize foargonger te belykjen." Yn The Hollywood Reporter skreau Justin Lowe: "Net dat de film net fermaaklik is, mar it útgongspunt is perfoarst al in hiel ein oer de uterste hâldberheidsdatum hinne, wat resultearret yn noch mar wer in ferfolchfilm dy't der ridlik mei troch kin, en himsels ûnderskiedt troch in gebrek oan plot en stylistyske gearhing dy't potinsjeel de grûnslach foarmje koene fan in echt libbensfetbere mediafranchise."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Red 2 in ûndergemiddeld goedkarringspersintaazje fan 44%, basearre op 151 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Hoewol't it noch altyd dreech is om wat tsjin te hawwen op 'e cast, dêr't gjin lek of brek oan is, of mei de wille dy't se lykje te hawwen, ferfangt [de film] in grut diel fan 'e absurde grappigens fan syn foargonger troch lege, oerdreaune bombast." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Red 2 in goedkarringspersintaazje fan 47%, basearre op 38 resinsjes.

Resultaat

Red 2 brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $53,3 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $94,8 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $148,1 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $84 miljoen betsjut dat in winst fan $64,1 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

Film Red 2 PlotFilm Red 2 RolferdielingFilm Red 2 Produksje en distribúsjeFilm Red 2 UntfangstFilm Red 2 ResultaatFilm Red 2 Keppelings om utensFilm Red 220102013AksjekomeedzjeBioskopenByrolCIACatherine Zeta-JonesFerfolchFeriene SteatenFerlineFilmFilmkritisyFreonskipHaadrolHelen MirrenKollegaKommersjeMoardPinsjonearrePlotRed (film út 2010)Red (filmsearje)Relaasje (ynterpersoanlike bân)ResinsjeRezjySirSpesjaal agintSpionaazjefilm

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

8 septimberTibeariusLegaatMoskouNicole Oring1 julyLeonid BrezjnevBedum (plak)Epifanykatedraal (Tomsk)14 septimberKrusigingSuffolk2001Befolking1989KroaasjeStút (lichemsdiel)OekraïneMay ThaiSanta Ana (Kalifornje)SpanjeTsjetsjeniëAudulf6 augustusHenny Tuinhout-de LeeuwThe New York TimesMoanne (natuerlike satellyt fan de Ierde)GeorgjeOpstanningstsjerke (Tomsk)13 jannewarisJasmine BlackFilmstudioFryslân1979Kûl Sjarif-moskeeKanonike evangeeljesAudree JaymesHaadsideClyde TombaughGrutte Synagoge (Tomsk)TsjoenderijList fan lannen en territoariaMe Before You (film)KjifdierenKoptysk-Otterdokse TsjerkeTasitus (skriuwer)Shakey SamJudeä (Romeinske provinsje)Bob DylanTurkmenistanTaalKeninkryk Skotlân26Ferkrêfting25 maartCreative CommonsMissy ElliottKrystal SwiftList fan haadstêdenBernepornografy14 julySotsjyMegan VaughnFrysktalige WikipedySint-Bonifatiustsjerke (Ljouwert)Carles PuigdemontEchte fazantfûgelsUnderwiis🡆 More