Ramtferdrach Foar De Beskerming Fan Nasjonale Minderheden

It Ramtferdrach foar de Beskerming fan Nasjonale Minderheden (ek wol Ramtferdrach foar Nasjonale Minderheden neamd) is in ferdrach fan de Ried fan Europa.

It ferdrach hat ta doel de juridyske erkenning fan nasjonale minderheden en it hoedzjen en noedzjen fan harren rjochten.

Ramtferdrach Foar De Beskerming Fan Nasjonale Minderheden
Lannen dy't it Ramtferdrach ûndertekene en ratifisearre hawwe yn dûnkergrien; lannen dy't it wol ûndertekene mar (noch) net ratifisearre hawwe yn ljochtgrien; lannen dy't wol lid fan 'e Ried fan Jeropa binne mar it Ramtferdrach net ûndertekene hawwe yn wyt; oare lannen yn griis.

Skiednis

Yn 1949 kaam it ramtferdrach foar it earst op it aljemint. It duorre lykwols oant 1990 ear't wer in wurklistpunt wurde soe. De leden fan de Ried fan Jeropa koenen op 1 febrewaris 1995 tekenje, it ferdrach waard jildich op 1 febrewaris 1998.

Doel

It ramtferdrach is it earste juridyske bewyske fan de Ried fan Jeropa foar it hoedzjen fan nasjonale minderheden. It doel is it bewissigjen fan it fuortbestean fan nasjonale minderheden yn de krite dêr't sy wenje. It ramtferdrach stipet folsleine lykberjochtiging fan nasjonale minderheden troch it mooglik meitsjen fan goede betingsten foar de kulturele ûntjouwing en behâld fan identiteit. It lânsregear mei de nasjonale minderheid net beheine op it stik fan taal, ûnderwiis en media.

Friezen

De Friezen yn Dútslân en Nederlân binne beide neffens it ferdrach erkend as nasjonale minderheid.

Nederlân

It Nederlânske regear hie yn 2004 besletten om it ramtferdrach te ratifisearjen. De ratifisearring waard yn 2005 fan krêft.

Dútslân

It Dútske regear hat it ramtferdrach yn 1997 ratifisearre, yn 1998 waard it ferdrach jildich. Njonken de Friezen binne ek de Sorben, Denen en Roma en Sinty erkend as nasjonale minderheid. Oer hokker Friezen der no erkend wurde moasten wie wat betizing. De Noardfriezen en Sealterfriezen binne taalminderheden, dat sy waarden fuort erkend troch it Dútske regear. Omdat de Eastfriezen gjin Frysk mear sprekke, mar har wol Fries fiele, hat de Dútske steatssiktaris fan Ynlânske Saken Christoph Bergner yn febrewaris 2008 wissichheid jûn oer de status fan Eastfriezen as nasjonale minderheid. Omdat de Friezen yn Dútslân erkend binne as ien groep hearre dêr ek de Eastfriezen by.

Keppeling om utens

Tags:

Ramtferdrach Foar De Beskerming Fan Nasjonale Minderheden SkiednisRamtferdrach Foar De Beskerming Fan Nasjonale Minderheden DoelRamtferdrach Foar De Beskerming Fan Nasjonale Minderheden FriezenRamtferdrach Foar De Beskerming Fan Nasjonale Minderheden Keppeling om utensRamtferdrach Foar De Beskerming Fan Nasjonale MinderhedenRied fan Jeropa

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

HawaïKarnivoarAsa fan JudaClara Trinity1993Grutte-boarstesjenreDûbaiGriisbealchiikhoarntsjeCassidy BanksJ.K. RowlingNikki AndersonNASAPieter BreukerSean LawlessSavannah GoldMeso-Amearika1907TiidsôneHidde BoersmaPreeti en Priya YoungFrankrykOsmaanske RykPablo PicassoGrykskLofthaven EeldeGeorges SimenonFrans Julius Johan van Eysinga (1818-1901)Germaanske talenAustraalje (lân)Katedraal fan Piazza ArmerinaGaya PatalJeropaJan Hepkes WoudaKatee OwenYnterbellumSimone West1939Regisseur1 augustusYnternetLiifmoerMinnie BeetsLuna SilverMya NicholeYves Baillat7 febrewarisTwitterJewels JadeHylke SpeerstraSaya SongMartin Luther KingPhilippus H. BreukerRosa CaraccioloFriesManedoFrysktalige Wikipedy9 maaie1980KommunikaasjeMia LiNyomi MarcelaHelen Duval1951List fan sterke tiidwurden yn it FryskBoarstferlytsingKompjûterprogrammaJustin SlayerKeltyske talenSarah YoungWolfWielenpôleMirka Antolović-Tipurić🡆 More