Popke Van Der Zee

Popke van der Zee (Ryptsjerk, 14 juny 1956 – Mantgum, 8 augustus 2020) wie in Frysk taalkundige, learaar, toanielakteur en oersetter.

Popke van der Zee
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Popke Van Der Zee Nederlânsk
berne 14 juny 1956
berteplak Ryptsjerk
stoarn 8 augustus 2020
stjerplak Mantgum
etnisiteit Popke Van Der Zee Frysk
wurkpaad
berop/amt learaar Ingelsk
aktyf as toanielakteur,oersetter
reden
  bekendheid
● spile yn ferskate toanielstikken
en iepenloftspullen
● brocht yn 1984 in proaza-
   oersetting fan Beowulf út

Libben

Van der Zee oppenearre him foar it earst doe't er yn 1984 tegearre mei Jelle Krol in Fryske proaza-oersetting útbrocht fan it Aldingelske epos Beowulf. Hy wurke neitiid as learaar Ingelsk.

Yn 1996 waard er troch regisseur Romke Toering frege foar in lytse rol yn it Iepenloftspul fan Jorwert, dat dat jiers it stik In Sinterske Opera spile. Dat wie de debútrol fan Van der Zee. It befoel sa goed dat er it jiers dêrop (op 'e nij by it Iepenloftspul fan Jorwert) de folle gruttere rol hie fan Bill Sykes, yn Oliver. Dat wie it begjin fan in hiele rige rollen yn toanielstikken en iepenloftspullen, wylst er ek meiwurke oan skoalradio- en skoaltillefyzje-útstjoerings fan Omrop Fryslân. Yn 2018 makke Van der Zee diel út fan 'e sjuery fan 'e Gouden Gurbes, de prizen foar de bêste iepenloftspullen. Syn lêste rol hied er yn 2019 yn it iepenloftspul fan De Himrik, dêr't doe Animal Farm fan George Orwell spile waard.

Van der Zee ried trije kear de Alvestêdetocht út: de tretjinde (1985), fjirtjinde (1986) en fyftjinde (1997) Alvestêdetocht. Yn 2009 hied er in figuranteroltsje yn 'e histoaryske film De Hel van '63, fan Steven de Jong, oer de tolfde Alvestêdetocht fan 1963, as ien fan 'e rayonhaden fan 'e Feriening De Fryske Alve Stêden. Oare leafhawwerijen fan sines wiene angelfiskjen, fûgels en syn grientetún.

Privee waarden Van der Zee en syn frou Wieke, mei wa't er fjouwer bern hie, troffen troch djip leed doe't harren twajierrige soan Piter Durk yn 'e feart by harren foar hûs yn Mantgum ferdronk. Yn 2016 spile Van der Zee mei Froukje Reitsema, dy't sels ek in bern ferlern hie, oer dat ûnderwerp yn it stik Foar Dy Nei Dy, dat ynspirearre wie troch harren beider ûnderfinings. Yn in reportaazje yn it ramt fan Finster op Fryslân fertelde Van der Zee dat er eltse dei noch oan syn jonkje tocht.

Van der Zee kaam yn augustus 2020 te ferstjerren oan sloktermkanker. Hy waard 64 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

14 juny195620208 augustusFryslânLearaarMantgumOersetterRyptsjerkTaalkundigeToaniel

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

BitcoinKanieldoList fan sterke tiidwurden yn it FryskKoreaanskHeather LeeSwierwêzenYvette BovaMoriah MillsAnnejoke SmidsPlantenGrutte Heitelânske KriichMeso-AmearikaKroaasjeKya TropicUnderwiisSaya SongFryslânCreative CommonsGeorges SimenonNRJ Music AwardHynstekrêftHidde BoersmaPornhubRiemkje PitstraYndoneezjeAustraalje (lân)AssenBenediktus XVI418Minske2010-er jierrenIt Dronkene Skip1951Asia (pornografysk aktrise)KarnivoarMuntsjesylHertpuzelOflûken (seksualiteit)PsychologyFacebookCarles PuigdemontNikki AndersonSjongfûgels7 maart9 maaieSkilderijISSNFriezenGemme fan BurmaniaEliaJongfryske Mienskip1482WurdlDriuwdongHarley RaineKatNASAMullumMount RushmoreMaserati XXXRicki RaxxxPriya PriceJoo Min LeeLongûntstekkingJ.K. RowlingFellatio🡆 More