Pixie Hollow Bake Off

Pixie Hollow Bake Off is in Amerikaanske koarte kompjûteranimearre tekenfilm út 2013 ûnder rezjy fan Elliot M.

Bour. De film makket ûnderdiel út fan 'e Tinker Bell-filmsearje fan Disney, oer it elfke Tinker Bell, dat oarspronklik betocht waard troch de Skotske auteur J.M. Barrie. De haadrollen yn 'e film waarden fertolke troch stimakteurs Mae Whitman en Giada De Laurentiis.

Pixie Hollow Bake Off
Pixie Hollow Bake Off film
Pixie Hollow Bake Off
makkers
regisseur Elliot M. Bour
produsint Jan Hirota
senario Kate Kondell
basearre op Tinker Bell fan J.M. Barrie
filmstudio Disneytoon Studios
distribúsje Disney-ABC Domestic Television
spilers
haadrollen Mae Whitman
Giada De Laurentis
byrollen Lucy Liu
Raven-Symoné
Megan Hilty
Pamela Adlon
Angela Bartys
skaaimerken
lân/lannen Pixie Hollow Bake Off Feriene Steaten
premiêre 20 oktober 2013
foarm koarte tekenfilm
sjenre fantasyfilm
taal Ingelsk
spyltiid 6 minuten
filmsearje
filmsearje Tinker Bell

Plot

Yn Pixie Hollow, it domein fan 'e elfkes op it magyske eilân Neverland daget Tinker Bell it bak-elfke Gelata út ta in wedstryd om te sjen wa't de bêste taart bakke kin foar it oankomstfeest fan keninginne Clarion. De bak-elfkes meitsje al 399 jier elts jier persiis deselde taart foar it feest, en Tinker Bell fynt dat it wolris wat fariaasje lije kin. Se hat in idee foar in oarsoartige taart, en mei't Gelata help kriget fan 'e oare bak-elfkes, ropt Tinker Bell de help fan har freondinnen Silvermist, Iridessa, Rosetta, Vidia en Fawn yn. Mei syn seizen hawwe se ferstân fan in hiel soad ferskillende dingen, mar bakken is dêr net ien fan. Uteinlik sjocht de taart fan Tinker Bell der letterlik út om op te fretten, mar it docht bliken dat uterlike skyn ferrifelet.

Rolferdieling

    haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Tinker Bell Mae Whitman
Gelata Giada De Laurentis (Amerikaanske ferzje)
Lisa Faulkner (Britske ferzje)


    byrollen
personaazje akteur/aktrise
Silvermist Lucy Liu
Iridessa Raven-Symoné
Rosetta Megan Hilty
Vidia Pamela Adlon
Fawn Angela Bartys
Clank Jeff Bennett
Bobble Rob Paulsen
Fairy Gary Jeff Bennett
Fairy Mary Jane Horrocks
keninginne Clarion Anjelica Huston

Produksje

Pixie Hollow Bake Off is in koarte kompjûteranimearre tekenfilm mei in spyldoer fan 6 minuten. Hy waard regissearre troch Elliot M. Bour, nei in senario dat skreaun wie troch Kate Kondell. Jan Hirota produsearre de tekenfilm foar de Disneytoon Studios. De stimmen fan Tinker Bell en har freondinnen waarden ynsprutsen troch deselde stimaktrises dy't dy stimmen ek diene yn 'e lange films fan 'e Tinker Bell-filmsearje. De rol fan Gelata waard yn 'e Britske ferzje ynsprutsen troch Lisa Faulkner en yn 'e Amerikaanske ferzje troch Giada De Laurentis.

Distribúsje

De distribúsje fan Pixie Hollow Bake Off waard fersoarge troch Disney-ABC Domestic Television. De tekenfilm belibbe op 20 oktober 2013 syn premiêre doe't er yn it Feriene Keninkryk útstjoerd waard op it Disney Channel. Yn 2014 waard Pixie Hollow Bake Off as eksklusive bonus tafoege oan 'e blu-rayferzje fan 'e lange tekenfilm Tinker Bell and the Pirate Fairy, yn 'e mande mei tsien oare koarte tekenfilmkes mei elts in spyldoer fan 1-2 minuten. Letter kaam Pixie Hollow Bake Off ek beskikber as (aparte) digitale download, fia Disney Movies Anywhere.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tinker Bell (filmsearje)
lange films
Tinker Bell (2008) • Tinker Bell and the Lost Treasure (2009) • Tinker Bell and the Great Fairy Rescue (2010) • Tinker Bell and the Secret of the Wings (2012) • Tinker Bell and the Pirate Fairy (2014) • Tinker Bell and the Legend of the NeverBeast (2015)
koarte films
Pixie Hollow Games (2011) • Pixie Hollow Bake Off (2013)

Tags:

Pixie Hollow Bake Off PlotPixie Hollow Bake Off RolferdielingPixie Hollow Bake Off ProduksjePixie Hollow Bake Off DistribúsjePixie Hollow Bake Off Keppelings om utensPixie Hollow Bake Off2013AuteurElfkeFeriene SteatenFilmHaadrolJ.M. BarrieKoarte filmKompjûteranimearreRezjySkotlânStimakteurTekenfilmThe Walt Disney CompanyTinker BellTinker Bell (filmsearje)

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

KarnivoarRob FordDe factoKompjûterkloftStar WarsSûchdierenFotografyTechnologyVina SkyJezabel VessirSatireEva WiessingPappegaaidowenDûbai1927OeriselSneonParysYnterfryske FlaggeYndustriële RevolúsjeSalma Hayek1945EastenrykIerdbeving9 maart22 junyFaksismeBruce VentureSandy MilzYouTube2020TechnykVideo Art Holland12 maartSinne-enerzjyKosta Rika2021PornografyGedachtestreekjePinguïns11 maartLetlânToskedokterFûgelsTwadde Wrâldkriich20161980Amerikaanske LoftmachtCandy MansonPortegalSarah Banks24 novimberEvelyn LinFeneesje (stêd)Kirgyzje1855Minsklike seksuele aktiviteit1970FilmPornoaktriseKanadaMaya BijouRuri SaijoSimone WestFeriene Arabyske EmiratenTelefyzje1977🡆 More