Piter Wilkens (Ljouwert, 26 augustus 1959) is in Frysk sjonger en tekstskriuwer, dy't meast yn it Frysk sjongt, mei no en dan in Ljouwertersk ferske.
Hy wennet yn Marsum mei frou en twa bern.
Piter Wilkens | ||
sjonger en/of muzikant | ||
Piter Wilkens mei de Fryske Jeugd Brassband op Helgolân 2001 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 26 augustus 1959 | |
berteplak | Ljouwert | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
sjongtaal | Frysk | |
ynstrumint | Gitaar | |
jierren aktyf | 1979-no |
Wilkens syn repertoire is in mjuks fan harksankjes, meisjongers, libbenslieten en ienmâns rock 'n roll. Fan willepunk oant folkfers, fan jankfodden oant ballades. Hy skriuwt it measte sels.
Wilkens is ien fan de meast súksesfolle artysten yn de Fryske Top 100. Hy is de sjonger mei de measte notearrings yn de list fan Fryske ferskes alle tiden. Yn 2009 stie hy mei tsien nûmers yn de list, wêrfan syn liet It paad werom it heechste kaam mei it 8e plak.
Piter Wilkens waard berne yn Ljouwert as soan fan Harm en Ymkje Wilkens. Hy waard opbrocht yn Marsum, dêr't de húshâlding yn 1963 nei ferhuze.
Begûn yn 1979 as bassist yn de punkrockeftige band Okke Hel. As Fryske trûbadoer hat er sa stadichoan de hiele wrâld oer west (Feriene Steaten, Belgje, Poalen, Litouwen, Eastenryk, Frankryk, Ierlân en Dútslân).
Piter is ek warber as skriuwer en producer foar ferskate oare artysten. In pear fan syn ferskes hat er ek songen yn it Noard-Frysk of it Stedsk.
Mei Simmer 2000 wie er te sjen yn it muzykspektakel SimmerTime, in produksje fan De Kast, dêr 't ek Maaike Schuurmans en Rients Gratama oan mei dienen. Op 19 en 21 april 2001 joech er mei in begeliedingsband twa folslein útferkochte konserten yn de Harmonie fan Ljouwert. Lykas yn 2002 mei de Lawei fan Drachten der noch by. Yn 2001 wie er te gast op Helgolân by it trijejierliks Friezetreffen (It Friesen-Droapen) op Helgolân. Dêr brocht er mei de Fryske Jeugd Brassband parten út it program Greideroas. Ek jout Piter wol meiwurking oan benefytkonserten lykas op 27 april 2007 by de Stifting Anak (foar in projekt mei bern op de Filipinen).
Piter treedt solo op, mar ek mei pleatslike korpsen, mei in eigen begeliedingsband en op saneamde Trûbadoersjûnen mei kollega's Jaap Louwes, Gurbe Douwstra en Doede Veeman. Mei Marcel Smit en Gurbe Douwstra trede er earst op ûnder de namme Douwstra, Smit & Wilkens mar yn 2017 ek mei it teäterprogramma Frisicana wat yn 2019 in ferfolch krije sil mei Frisicana II. Yn dit programma binne se yn harren ferline dûkt en bringe se ferskes oer en fan Amerikaanske - Americana artysten dy har ynspirearre ha, dit yn it Frysk en it Ingelsk.
Hy toerde meardere kearen yn it bûtenlân en mei it teaterprogramma ‘De Fleanende Hollanner’, dêr't er it Sweedske rippertwaar fan Cornelis Vreeswijk yn it Frysk oersette, krijt er ek lanlik omtinken. Yn 2010 wûn er de provinsjale Bernlefpriis.
Albums en singles
Oare CD's dêr't Piter Wilkens op te hearren is:
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Piter Wilkens, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.