Piethein Focken

Piethein Focken (Beilen, 7 augustus 1891 – 20 febrewaris 1988) wie in Nederlânske boargemaster.

Piethein Focken
Piethein Focken politikus
nasjonaliteit Piethein Focken Nederlânsk
bertedatum 7 augustus 1891
berteplak Beilen
stjerdatum 20 febrewaris 1988
Boargemaster fan Starum
amtsperioade 1944-1956
foargonger Pieter Willem ter Haar
opfolger Thijs van Hout

Libben en wurk

Hy waard berne as soan fan notaris Johannes Petrus Cornelis Focken (1849-1931) en Geertje Kaaskooper (1859-1940). Hy die de hbs en helle yn 1915 it earste part fan it notarieel steatseksamen. Hy soe lykwols gjin notaris wurden en gie yn 1918 as folontêr oan 't wurk op de gemeentesekretary fan Meppel dêr't er letter noch bliuwe koe as tydlik amtner. Yn 1921 waard er earste amtner op de sekretary fan Skylge en ein 1922 kaam er as kommys yn tsjinst by de gemeente Haskerlân.
Yn maart 1944 waard Focken, dy't net by in politike partij hearde, beneamd ta boargemaster fan Starum. Yn jannewaris 1945 waard er troch de Dútske besetter hjitten om manlju oan te wizen foar de oanlis fan ferdigeningswurken by de haven. Omdat er dat wegere waard er op transport set nei de Dútske stêd Wilhelmshaven en per 1 febrewaris 1945 ûntslein as boargemaster. Dêrnei wie de NSB-er Klaas Olij oant 15 april boargemaster fan Starum.

Yn april 1945 kaam er werom yn it wilens befrije Starum en waard dêr waarnimmend boargemaster. Fan augustus 1946 ôf wie die wer boargemaster fan dy gemeente en nei syn pensjoenearring yn septimber 1956 bleau er noch in skoftke oan as waarnimmend boargemaster.

Focken stoar yn febrewaris 1988 yn de âldens fan 96 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

1891198820 febrewaris7 augustusBeilenBoargemasterNederlân

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

TwinterâneKomoarenpappegaaidoBitcoinDútskGooglePakistanMinskeLybjeJapansk1963SarajevoDútslânMole1997Daphne RosenKompjûterkloftLibrary of CongressBernepornografyBiskopTennis1818Latyn22 juny27 septimberList fan Belgyske keunstskildersAstronoomHardenberg (gemeente)CowgirlhâldingFryske talenArp HiemstraSandy MilzWittenskiplike nammeEastsee15 aprilFilmOerflak2020Havana GingerDedemsvaartTwadde WrâldkriichGNU/FDLBostonWesterske wrâldOregonFryskMidden-AmearikaEtnografyJonkheidSpienTurkijeRoomsk-Katolike TsjerkeWeenske oesterPhilippe SoineSlavernijIerdbeving1983TongaLjouwert (stêd)FingerjenKosmetikaSarah Banks27 maart1945Ynterfryske FlaggeKanadaNational Broadcasting CompanyKortikosteroïdeAnneke DoumaMount RushmoreGrutte-boarstesjenreMasturbaasjeNikola TeslaArtefakt (archeology)🡆 More