Piet Jongeling

Pieter (Piet) Jongeling (Broek ûnder Ikkerwâld, 31 maart 1909 – Amersfoart, 26 augustus 1985) wie in Nederlânsk sjoernalist, fersetsstrider, politikus en berneboekeskriuwer.

Piet Jongeling
Piet Jongeling
Piet Jongeling
persoanlike bysûnderheden
echte namme Pieter Jongeling
nasjonaliteit Piet Jongeling Nederlânsk
berne 31 maart 1909
berteplak Broek ûnder Ikkerwâld
stoarn 26 augustus 1985
stjerplak Amersfoart
etnisiteit Piet Jongeling Frysk
wurkpaad
berop/amt sjoernalist,
politikus
aktyf as skriuwer,
fersetsstrider
bekendste
  wurk(en)
Snuf rige

Under it pseudonym Piet Prins hat Jongeling mear as sechtich boeken op syn namme; hy skreau benammen foar de jongerein. It bekendst is de njoggendielige jeugdboekerige "Snuf de hond"

Sjoernalistyk en ferset

Foar de Twadde Wrâldkriich wurke er op de kwekerij fan syn pake en letter as sjoernalist foar de Nieuwe Provinciale Groninger Courant. As sjoernalist brûkte er somtiden de skûlnammen P. van Akkerwoude, A. Mos en G. le Clerq. Op 1 febrewaris 1940 troude er mei Klaassina Heerema. Hja krigen fjouwer soannen - ien stoar jong - en seis dochters.

Yn de earste jierren fan de oarloch wie Jongeling warber yn it ferset, by de antirevolúsjonêre kadergroep. Dizze groep joech foarljochting oer aktuele fraachstikken. Fan april 1942 ôf siet er fêst, earst yn it konsintraasjekamp Amersfoort en letter yn it konsintraasjekamp Sachsenhausen. Yn 1945 makke er noch in saneamde deademars foar it optsjenjend Sovjet-leger mei. Yn 1945 koe er werom gean nei Grins en waard er haadredakteur van de Nieuwe Provinciale Groninger Courant. Nei skeel mei de direksje stapte er op en waard er haadredakteur fan De Vrije Kerk. Letter soe dit blêd fuortset wurde ûnder de namme Gereformeerd Gezinsblad en wer letter as Nederlands Dagblad.

Polityk

Oant 1948 wie Jongeling lid fan de Anti Revolúsjonêre Partij (ARP), dêrnei fan it Grifformeard Polityk Ferbûn (GPV). Ut namme fan dy partij siet er 14 jier yn de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal, fan 1963 oant 1977. dat hiele skoft wie er fraksjefoarsitter, wol wie it oant 1971 in ienmansfraksje.

As Keamerlid wie Jongeling in pleiter fan de rjochten fan de Papûa's en de Molukkers. Ek wie er in trou oanhinger fan it Hûs fan Oranje, stie er oan op de eigen ferantwurdelikens fan it regear en de it parlemint en ferdigene er it besteansrjocht fan lytse politike partijen. Jongeling kearde him tsjin de kulturele revolúsje fan de jierren 1960-70 en wie in fûl bestrider fan de feroarjende opfettings oer seksualiteit en de wankjende legalisearring fan abortus provocatus. yn de útlânske polityk was er antikommunistysk, trouw oan de NAFO en koe er begryp opbringe foar de apartheidspolityk yn Súd-Afrika.

Bibliografy

  • Snuf rige ( 9 )
  • Daan en Sietze rige ( 3 )
  • Wambo rige ( 3 )
  • Het gouden sieraad
  • Anak de jonge eskimo
  • Joesoef vindt een grote schat
  • Jeroen en Joost
  • In nacht en stormgebruis (nije ferzje diel I)
  • Holland onder het hakenkruis (nije ferzje diel II Omnibus)
  • Wapens in de winternacht

Literatuer

  • H. Veenhof, Zonder twijfel. Pieter Jongeling (1909-1985). Journalist, politicus en Prins (Barneveld 2009).

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Piet Jongeling Sjoernalistyk en fersetPiet Jongeling PolitykPiet Jongeling BibliografyPiet Jongeling LiteratuerPiet Jongeling Keppeling om utensPiet Jongeling1909198526 augustus31 maartAmersfoartBerneboekBroeksterwâldNederlânNederlânsk ferset yn de Twadde WrâldkriichPolitikusSjoernalist

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Wielenpôle1935Jacht (aktiviteit)MichiganFeneesje (stêd)Katee OwenJ.R. CarringtonGeslachtsmienskipLeilani VegaFranklin D. RooseveltPrêrjewolfGeorges Simenon16 april1981Runen19011 febrewarisGazastripeWrâldsûnensorganisaasjeMaserati XXXReinhard HeydrichRamon (pornografysk akteur)9 oktoberPaulina Seikola1951Ljouwert (stêd)Albertus Samuel Carpentier AltingSana FeyGriisbealchiikhoarntsjeGermaanske talenJoyce OliveiraRicki Raxxx15 aprilRommert de BreeYrreligyGrutte-boarstesjenreThundermotherHûnMuntsjesylCharlie Chaplin20011977Wurdfrissel1993Bad Samaritan (film)Truus PostmaNoard-AmearikaTer AardNigeariaKoeweit (stêd)Krystal SwiftHinSherlock HolmesAstronomyVina SkyJulie SkyhighEmiel StoffersRocco SiffrediPake en beppeShalina DevinePriya PriceKanieldoNoardhoeksk11 septimber20e iuwJewels JadeHidde BoersmaWikipediaHTMLMeksikoKoreaansk🡆 More