Piëmont (Italjaansk: Piemonte, Piëmonteesk: Piemont) is in regio yn Itaalje, oprjochte yn 1859.
De haadstêd is Turyn. De namme Piemonte betsjut yn it Italjaansk letterlik 'oan de foet fan de bergen'. Piëmont grinzet oan Switserlân en Frankryk en oan de Italjaanske regio's Liguerje, Emilia-Romagna en Lombardije.
Piëmont | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Lokaasje yn Itaalje | |
Algemien | |
Haadstêd | Turyn |
Oerflakte | 25.400 |
Befolking | 4.289.000 |
Befolkingstichtens | 166 |
Oare ynformaasje | |
Heechste punt | Dufourspitze 4643 |
Oantal gemeenten | 1206 |
Provinsjes | Alessandria, Asty, Biella, Kuneo, Novara, Turyn, Ferbano-Kusio-Ossola, Ferselly |
De wichtichste taal dy't brûkt wurdt is it Italjaansk, mar der wurdt ek Frânsk en wat Ositaansk sprutsen.
It lânskip is yn trije parten op te dielen:
Piemonte makke mear as tûzen jier part út fan it Romeinske ryk. Op de ein fan de Romeinske tiid, waard it tidens de Grutte Folkeferfarren ferskate kearen plondere troch omreizgjende folken. It kaam yn besit fan de Ostrogoaten en letter de Longobarden. Under Karel de Grutte makke it diel út fan it Frankyske ryk.
Yn de rin fan midsiuwen hienen de markizen fan Piëmont it der foar it sizzen. It Hûs fan Savoye makke Piëmont ûnderhearrich en Frankryk en de Habsburgers hawwe in soad om it gebiet fochten.
Yn 1718 waard Piëmont feriene mei Sardynje en de Habsburchske keizer skonk harren de keningstitel (Keninkryk Sardynje). Nei de besetting troch Napoleon yn 1798 kamen de Eastenrikers oan de macht. Sy makken it gebiet ta in marjonettensteat mei Klemens fan Metternich oan it haad. Sûnt 1847 kaam de befolking hieltyd faker yn opstân tsjin de Eastenrikers en yn 1859 waarden sy troch de Piemontezen en de Frânsken ferneatigjend ferslein yn de slach by Solferino.
Yn 1861 waard Victor Emanuel II ta kening fan it feriene Itaalje kroand. Sûnt dy tiid is Piemonte Italjaansk gebiet
Provinsje | Ofkoarting | Haadstêd | Wichtichste plakken | ||
Alessandria | AL | Alessandria | Kasale Monferrato, Tortona | ||
Asty | AT | Asty | Nizza Monferrato, Canelly | ||
Biella | BI | Biella | Cossato | ||
Kuneo | CN | Kuneo | Saluzzo, Alba, Bra | ||
Novara | NO | Novara | Borgomanero, Arona | ||
Turyn | TO | Turyn | Rivoly, Monsaliery, Ivrea | ||
Ferbano Kusio Ossola | VB | Ferbania | Domodossola, Omegna | ||
Ferselly | VC | Ferselly | Santhia |
Abruzzen - Aostadelling - Apûlje - Basilikata - Feneto - Emylje-Romanje - Friûly-Julysk Feneesje - Kalaabrje - Kampaanje - Latium - Liguerje - Lombardije - Marke - Molise - Piëmont - Sardynje - Sisylje - Trentino-Súd-Tiroal - Toskane - Umbrje |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Piëmont, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.